Voyage is it njoggende studio-album fan ABBA. It album waard troch de jieren hinne opnaam yn Stockholm en waard op 5 novimber 2021 útbrocht. It album wie it earste studio-album fan ABBA sûnt The Visitors út 1981.

Skiednis It album waard op 2 septimber 2021 oankundige yn in livestream op YouTube. De popgroep hie yn 2018 al sein dat se twa nije nûmers opnaam hiene, I Still Have Faith in You en Don't Shut Me Down, dy't yn de livestream oankundige waarden as de earste singles fan it album (dûbelde A-kant)

Just a Notion wie oant no ta bekend as ien fan 'e nea ôfmakke nûmers út de track "ABBA Undeleted", ferskynd yn de box-set Thank You for the Music út 1994. It nûmer Little Things waardt útbrocht as krystsingle.

ABBA hat bekend makke dat Voyage wol echt harren lêste album is en dat it album yn tsjinstelling ta The Visitors ek echt as in goed ein fielt.

Spyllist nû. titel skriuwers doer1. I Still Have Faith in YouBenny Andersson en Björn Ulvaeus5:092. When You Danced with MeAndersson en Ulvaeus2:503. Little ThingsAndersson en Ulvaeus3:084.Don't Shut Me DownAndersson en Ulvaeus3:565.Just a NotionAndersson en Ulvaeus3:316.I Can Be That WomanAndersson en Ulvaeus4:017. Keep an Eye on DanAndersson en Ulvaeus4:058.BumblebeeAndersson en Ulvaeus3:579.No Doubt About ItAndersson en Ulvaeus2:5610.Ode to FreedomAndersson en Ulvaeus3:32

Singles titel skriuwers doer utbrochtI Still Have Faith in You,Don't Shut Me DownBenny Andersson en Björn Ulvaeus5:09,3:562 septimber 2021Just a NotionAndersson en Ulvaeus3:3122 oktober 2021Little ThingsAndersson en Ulvaeus3:083 desimber 2021No Doubt About ItAndersson en Ulvaeus2:5611 febrewaris 2022

Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang Benny Andersson – Sang & Toetsen

Gastmuzikanten It bernekoar fan Stockholm International School - Sang Lasse Jonsson - Gitaar Lasse Wellander - Gitaar Mats Englund - Bas Per Lindvall - Drums & Perkusje Pär Grebacken - Klarinet & Saksofoan Jan Bengtson - Fluit & Saksofoan Margareta Bengtson - Harp

Kategory:Album fan ABBA Kategory:Album út 2021 Kategory:Ingelsktalich album Kategory:Popalbum