Göran Bror Benny Andersson (Stockholm, 16 desimber 1946) is in Sweedsk sjonger en lietsjeskriuwer. Hy is bekend as ien fan de twa manlike sjongers fan de popgroep ABBA. Benny Andersson is de heit fan muzikant Peter Grönvall.
Karriêre thumb|left|160px|Benny Andersson yn 2012 Benny Andersson begûn as seis jierrich jonkje mei akkordeon spyljen, syn heit en pake learden him dat ynstrumint te bespyljen. Doe't er tsien jier wie krige Andersson syn eigen piano en learde er himsels pianospyljen. As 15-jierrige begûn er op te treden yn jeugdklups. Begjin 1964 sleat Benny him oan by de Elverkets Spelmanslag ("De elektrysk bestjoerde folk muzyk groep"); de namme wie wurdboarterij ferwizend nei harren elektryske ynstruminten.
Hep Stars (1964–1969) Yn oktober 1964 kaam er by de Hep Stars as toetsenist. De band spile yn it begjin benammen covers fan ynternasjonale hits, mar Andersson begûn al gau syn eigen lietsjes te skriuwen. De band groeide út ta in bekende Sweedske popgroep út de jierren 60. Mei de Hep Stars brocht Benny Andersson fiif studio-albums en ien live-album út.
ABBA (1972–1982) Andersson moete Björn Ulvaeus yn de simmer fan 1966, de twa manlju begûnen tegearre ferskes te skriuwen, wêrfan't de earste Isn't It Easy To Say wie, úteinlik opnommen waard troch de Hep Stars. Hy hie ek in fruchtbere gearwurking op it mêd fan lietsjeskriuwen mei Lasse Berghagen, mei wa't er ferskate ferskes skreau. It ferske Hej, Clown waard ynstjoerd foar de finale fan it Sweedske Eurofyzje Sjongfestival fan 1969. It nûmer einige op it twadde plak. By dy wedstriid trof er sjongeres Anni-Frid Lyngstad, en al gau waarden se in keppel. Om deselde tiid hinne moete syn freon Björn Ulvaeus sjongeres Agnetha Fältskog. Doe't de twa keppels inoar begûnen te stypjen by opnamesesjes, kaam de popgroep ABBA ta libben.
De ynternasjonale trochbraak fan de groep kaam mei it winnen fan it Eurofyzje Sjongfestival foar Sweden mei it liet Waterloo op 6 april 1974. Yn de folgjende acht jier boekte popgroep wrâldwiid in soad sukses en skoarde in rige fan nûmer 1-hits. Mei ABBA brocht Benny Andersson njoggen studio-albums en twa live-album út.
Benny Anderssons Orkester (2001–no) thumb|right|200px|Benny Andersson Orkester yn 2006 Nei ABBA, bleau Andersson lieten skriuwen mei Björn Ulvaeus. Under oaren foar musicals en films. Yn 2001 ûntstie út in gearwurking mei oare muzikanten it orkest Benny Anderssons Orkester in orkest mei sechstjin muzikanten dy't Sweedske folksmuzyk spylje. Mei de Benny Anderssons Orkester hat Benny Andersson oant no ta sân studio-albums en ien live-album útbrocht.
Priveelibben Andersson waard berne yn Stockholm, Uppland/Södermanland, Sweden, as earste yn in gesin fan twa, syn heit wie wurksum as sivyl ynzjenieur. Benny Andersson hat trije kear boaske west en wêrûnder trije jier mei Anni-Frid Lyngstad. Benny Andersson hat út dy trije relaasjes trije bêrn. Wêrûnder muzikant Peter Grönvall de âldste soan út syn earste houlik.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) We And Our Cadillacseptimber 1965Hep StarsCadillac,Bald Headed Woman,No ResponseThe Hep Stars19 desimber 1966Wedding,ConsolationJul med Hep Starsdesimber 1967It's Been A Long Long Timefebrewaris 1968It´s Been a Long Long Time,Musty DustySongs We Sang 68desimber 1968Lycka1970Björn Ulvaeus & Benny AnderssonRing Ring26 maart 1973ABBAPeople Need Love,He Is Your Brother,Ring Ring,Another Town, Another Train,I Am Just a Girl,Love Isn't Easy (But It Sure Is Hard Enough),Rock'n Roll Band,Nina, Pretty BallerinaWaterloo4 maart 1974Waterloo,Honey, Honey,Hasta MañanaABBA21 april 1975So Long,I've Been Waiting for You,I Do, I Do, I Do, I Do, I Do,Bang-A-Boomerang,SOS,Mamma Mia,Rock MeArrival11 oktober 1976Dancing Queen,Money, Money, Money,Knowing Me, Knowing You,That's MeABBA: The Album12 desimber 1977The Name of the Game,Take a Chance on Me,EagleVoulez-Vous23 april 1979Chiquitita,Does Your Mother Know,Voulez-Vous,Angeleyes,As Good as New,I Have a DreamSuper Trouper3 novimber 1980The Winner Takes It All,On and On and On,Super Trouper,Happy New Year,Andante, Andante,Lay All Your Love on MeThe Visitors30 novimber 1981One of Us,When All Is Said and Done,Head over Heels,The VisitorsKlinga mina klockornovimber 1987Benny AnderssonNovember 1989novimber 1989Fiolen Min1990Orsa spelmänÖdra1998Benny Anderssons Orkester28 juny 2001Benny Anderssons OrkesterVår sista dansBAO!25 juny 2004Du är min man,MidnattsdansBAO 324 oktober 2007Fait Accomplit,Du frälste mig i sista stundStory Of A Heart26 juny 2009Sommaren du fick,Story of a HeartO klang och jubeltid15 juny 2011Kära systerTomten har åkt hem19 novimber 2012Mitt hjärta klappar för dig10 juny 2016Voyage5 novimber 2021ABBAI Still Have Faith in You,Don't Shut Me Down,Just a Notion,Little Things,No Doubt About It
Musicals Musical premjêre Chess1984Kristina från Duvemåla1996Mamma Mia!1999Hjälp sökes2013
Films Film premjêre Mio min MioMio, mijn Miojuly 1987Sånger från andra våningen6 oktober 2000Du levande2007Mamma Mia!30 juny 2008Palme2012Cirkeln10 febrewaris 2015
As gastmuzikant Single(s) Album Utbrocht yn Mei band Norsk export,Lindgrens Tivoli,Bälter Svens paradpolkett,KvesjøvalsenOrsa spelmän1988Orsa spelmän
Kategory:ABBA Kategory:Sweedsk sjonger Kategory:Sweedsk lietsjeskriuwer Kategory:Sweedsk popartyst Kategory:Sweedsk folksmuzykartyst Kategory:Persoan berne yn 1946