De oblast Vladimir (Russysk: Владимирская область; transliterearre Vladimirskaja oblast) is in oblast yn de regio Sintraal Ruslân noardeastlik fan Moskou.
Geografy De oblast leit geunstich oan goede ferbinings fan Moskou nei it easten (Nizjni Novgorod). De grutste rivieren binne de Oka en de Kljasma.
De oblast grinzget yn it noarden oan de oblast Ivanovo, yn it easten oan de oblast Nizjni Novgorod, yn it suden oan de oblast Rjazan, yn it wêst oan de oblast Moskou en yn it noardwêst oan de oblast Jaroslavl.
Skiednis Oarspronklik wennen de Wolga-Finnen yn it gebiet, mar al yn de midsiuwen setten de Slaven harren yn de regio nei wenjen. Al gau foarmen hja de mearderheid fan de befolking. Yn 1157 ûnstie it Grutfoarstedom Vladimir, doe't foarst Andrei Bogoljûbski syn troan fan Kiëv nei Vladimir ferhûze. De ynvaazje fan de Mongoalen yn 1238 ferneatige alles wat opboud wie en sûnt 1362 waard Vladimir ûnderdiel fan it Grutfoarstedom Moskou.
Fan 1778 oant 1780 hearde it gebiet as de provinsje Vladimir by it gûvernemint Moskou. Yn 1780 waard it gebiet in selsstannich stedhâlderskip, dat oant 1796 bestie en doe ferfongen waard troch it gûvernemint Vladimir. Yn de tiid fan de Sovjet-Uny waard it gûvernemint yn 1929 opheft, mar op 14 augustus 1944 wer út dielen fan de trije oblasten Ivanovo, Gorki en Moskou oprjochte as de oblast Vladimir.
Bestjoersyndieling en stêden De oblast Vladimir is ûnderferdield yn 16 rajons en 5 stedsdistrikten. Yn de oblast is ien sletten stêd (ZATO): Radûzjny. De wichtichste stêden binne njonken it bestjoerssintrum Vladimir de grutte stêden Kovrov en Moerom en dêrnjonken Gûs-Chrûstalny, Aleksandrov en it toeristyske Sûzdal. Meiïnoar hat de oblast 23 stêden en 9 plakken fan it stedske type. + Grutste stêden Namme Russysk Rajon Ynwenners (2022) Wapen Lokaasje Vladimir Владимир stedsdistrikt 348.663 40px Kovrov Ковров stedsdistrikt 134.074 40px Moerom Муром stedsdistrikt 116.075 40px Aleksandrov Александров Aleksandrov 61.551 40px Gûs-Chrûstalny Гусь-Хрустальный stedsdistrikt 51.998 40px Koltsjûgino Кольчугино Koltsjûgino 41.369 40px Vjasniki Вязники Vjasniki 33.769 40px
Befolkingsûntwikkeling Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Ynwenners 1.211.000 1.344.000 1.405.000 1.511.000 1.580.000 1.654.000 1.524.000 1.323.659
Ekonomy Yn de 19e iuw waard de flaaksferbou en -ferwurking tige wichtich yn de oblast. Hjoed-de-dei foarmje yn de oblast de swiere yndustry, de metaalferwurking en de glês- en foedingsyndustry wichtige sektoaren foar de ekonomy. Ek it toerisme spilet in rol foar de ekonomy, in tal stêden foarmje ûnderdiel fan de Gouden Ring.
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1944