Jelets (Russysk: Елец) is in stêd yn de oblast Lipetsk yn it wêsten fan Ruslân.
Geografy De stêd leit likernôch 350 km súdeastlik fan de haadstêd Moskou oan de rivier de Sosna, in sydrivier fan de Don.
Skiednis Jelets waard yn 1146 foar it earst as fêsting neamd. Yn 1395 en 1414 waard de stêd troch de Gouden Horde ferneatige en it duorre oant yn de 17e iuw, doe't de stêd as hannels- en bestjoersstêd op 'e nij stifte waard. Sûnt de 19e iuw is Jelets bekend fan de produksje fan kant.
Befolkingsûntwikkeling Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2022 Befolking 46.956 43.239 50.891 77.900 100.735 111.773 120.261 116.726 108.404 99.208
It besjen wurdich De Himelfeartkatedraal fan Konstantin Thon
Kategory:Plak yn Lipetsk (oblast) Kategory:Plak stifte yn 1146