Vincent Robert Bijlo (Amsterdam, 27 april 1965) is in Nederlânske kabaretier, skriuwer en kollumnist.

Libben en wurk Bijlo, dy't by syn berte al blyn wie, brocht in part fan syn jonkheit troch op it Koninklijk Instituut tot Onderwijs voor Slechtzienden en Blinden yn Huizen. Nei it beheljen fan syn vwo-diploma oan it St. - Vituscollege yn Bussum (1985) studearre Bijlo in pear jier Nederlânsk oan de Universiteit Utert (1986 -1988). In earste sukses as kabaretier kaam yn 1988 mei it beheljen fan de publyks- en persoanlikheidspriis op it Leids kabaretfestival.

Yn 1998 publisearre hy syn debútroman "Het Instituut", wêrnei't noch 3 romans folgen.

Bijlo is ek kollumnist, ûnder mear trije kear yn de wike foar it AD. Ek hat er in fêste kollum yn it Feyenoord Magazine en it UWV-magazine. Ien kear yn 'e moanne skreau er in reportaazje foar it deiblêd Trouw. Hy levere ek bydragen yn NRC Handelsblad. Ek hie er geregeld in kollum by BNR-nijsradio. Op NPO Radio 1 presintearre er 10 jier lang alle wiken " HollandDocRadio ", it radiodokumintêre-programma fan de NPS / VPRO / Publike omroppen.

Sûnt syn iere jeugd spilet Bijlo ferskate muzykynstruminten, ûnder mear piano, drums, bas, gitaar en ukelele.

Bijlo is polityk aktyf by de Bunnikse partij Perspectief 21, in gearwurkingsferbân fan GrienLinks en de PfdA. Hy wurke as fraksjemeiwurker foar de partij en sit sûnt 2015 yn it bestjoer fan dizze partij. Sels is Bijlo lid fan GrienLinks. Bijlo hie ek in kollum yn de Rode Draad, it kaderblêd fan GrienLinks. By de Twadde Keamerferkiezingen 2006 en de gemeenteriedsferkiezing yn Utert yn 2010 wie er listtriuwer fan dizze partij. Bijlo stipet in soad goede doelen op it mêd fan natuer en miljeu. Fan 2005 ôf is er aktyf as ambassadeur fan de Nacht van de Nacht.

Famylje Bijlo is in oerpakesizzer fan de Nederlânske arsjitekt en stêdeboukundige Hendrik Petrus Berlage.

Teäterfoarstellingen 1989: Made in braille 1991: De knal van half zeven 1993: De zeespiegel 1995: Het pad van fortuin 1996: Niet zeiken, gewoon doen 1997: Tegen!, programma wêryn't Bijlo ferhellet oer syn tiid op it blineynstitút en oer it oergean nei de 'gewoane' maatskippij 1998-1999: Scheve bomen 2000-2001: 2100 2001-2002: De beurs van Bijlo 2003-2005: De ziener 2005 2007: Kort door de bocht 2007-2009: Mijn laatste sigaret 2009-2011: Verlicht 2011-2013: De Cultuuroptimist 2013: De Lofar Expeditie (yn'e mande mei De Peergroup) 2013-2015: Enkeltje Mars 2015-2017: Het nieuwe nu (reprise as Het nieuwe nu 2.0) 2016: Op woeste hoogte (mei The Rossettis)

Cd Zeventien (mei syn oarehelte Mariska Reijmerink, 2005) Kort door de bocht (dvd-registraasje fan it kabaretprogramma mei deselde namme, 2007) Met de Bijlo's (13 lietsjes bewurke foar popband, troch Bijlo sels ynspile, 2008) Mijn laatste sigaret ((dvd-registraasje fan it kabaretprogramma mei deselde namme, 2009)

Bibliografy 1990. Made in Braille : nu met uitneembare cursus stoklopen / mei brieven en teksten fan Johan Rolquast Agathon, Houten. 99 s. 1996. Het pad van fortuin / red. Jan J. Pieterse. Novella, Amersfoart. Cabarettekst 1997. Niet zeiken, gewoon doen. BZZTôH, De Haach. Kabarettekst mei kommentaar efternei 1998. Het instituut : roman. De Arbeiderspers, Amsterdam. 2001. Achttienhoog : roman. De Arbeiderspers, Amsterdam. 2003. De woordvoerder : roman. De Arbeiderspers, Amsterdam. Politike satire 2003. School / e.a.; einred.: Erik Klap. FC Klap, Hilversum. 92 s. (Klap & de Vuurpijl ; nr. 1). 2004. Slow up! / e.a.; red.: Jesse Goossens. Lemniscaat, Rotterdam. 2004. Vakantie / e.a.; einred. Erik Klap. FC Klap, Hilversum. (Klap & de Vuurpijl; nr. 2). Ferhalen 2004. Verhuizen/ e.a. FC Klap, Hilversum. (Klap & de Vuurpijl ; nr. 3.). 2005. Kort door de bocht : columns. De Arbeiderspers, Amsterdam. 187 s. Kollumns út Utrechts Nieuwsblad 2002-2005 2009. De Ottomaanse herder : roman. De Arbeiderspers, Amsterdam. 135 s. 2012. Bink en Pip gaan naar Engeland / mei Mariska Reijmerink; mei tekeningen fan Juliette de Wit. Prisma, Houten. 28 s., mei audio-cd, Omslachtitel: Leer Engels met Vincent Bijlo en Mariska Reijmerink. printeboek mei muzyk 2017. 'The Institute' Holland Park Press, Ingelske fertaling fan 'Het Instituut', oerset troch Susan Ridder

Keppeling om utens mei û.o. in soad teksten út syn foarstellingen.

Kategory:Nederlânsk kabaretier Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk boekeredakteur Kategory:GrienLinks-politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Persoan berne yn 1965