De oblast Kirov (Russysk: Кировская область, Kirovskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn 'e Russyske Federaasje. Haadstêd fan 'e oblast is de stêd mei deselde namme: Kirov.

De oblast hat in goede ynfrastruktuer, it hat in lofthaven foar ynlânske flechten en it leit oan it Transsibearyske Spoar.

Skiednis Nei't de krite yn 1489 by it Grutfoarstedom Moskou foege waard wie it foar it foarstedom de springplanke nei it Oeralgebiet. It gebiet foarme op ferskillende tiden ûnderdiel fan oare gûverneminten, oant it yn 1796 it selsstannige gûvernemint Vjatka waard. Yn 'e Sovjet-tiid waard it gûvernemint opheft en by de kraj Nizjni Novgorod yndield.

De tsjintwurdige oblast ûnstie op 7 desimber 1934 troch it ferdielen fan it eardere kraj Nizjni Novgorod, dat yn 1932 omneamd wie ta kraj Gorki. De nije kraj waard ferneamd nei de fermoarde Sovjet-lieder Sergej Kirov en ek de haadstêd Vjatka waard omdoopt ta Kirov. Yn desimber 1936 Kirov waard de kraj Kirov feroare yn 'e oblast Kirov.

Geografy thumb|left|Lânskip mei in koloanje blaustirnzen oan 'e wei fan Kirov nei Kotelnitsj De bosken wurde foaral foarme troch nullelbeammen. It gebiet is ryk oan turfôfsettings en net-metaalhâldende mineralen lykas kalkstien, sân en grint.

De oblast hat likernôch 20.000 rivieren en streamkes mei in totale lingte fan 66.650 km. It grutste diel fan 'e oblast wurdt troch it streamgebiet fan 'e Vjatka ynnommen, dy't útmûnet yn 'e Kama yn Tatarstan. Oare grutte rivieren binne de Moloma, Pizjma, Lûza, Kobra en Tsjeptsa.

It tal marren fan 'e oblast is likernôch 4.500. De grutste binne de Aksjûben- (85 ha), Orlofskoje- (63 ha) en Mûserskojemar (32 ha). De djipste mar is de Lezjninskojemar mei in maksimale djipte fan 36,6 m. Bysûnder is de Sjaitanmar yn it Oerzjûmski rajon mei syn driuwende eilannen mei beammen.

De noardlike helte fan 'e oblast is ryk oan sompen. It oerflak fan it Verchnekamski-rajon bestiet bygelyks foar 40% út sompen.

Befolkingsûntwikkeling Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Befolking 2.209.000 2.284.000 1.886.000 1.727.000 1.662.000 1.693.000 1.503.500 1.234.780

Bestjoersyndieling en stêden

De oblast Kirov is ferdield yn 39 rajons, 5 stêden (Kirov (oant 1934: Vjatka), Kirovo-Tsjepetsk, Vjatskije Poljani, Slobodskoi, Kotelnitsj) en ien sletten plak (Pervomaiski).

+ Grutste plakken Namme Russyske namme Wapen Ynwennertal (2025) Lokaasje Kirov Киров 40px 475.871 Kirovo-Tsjepetsk Кирово-Чепецк 40px 63.979 Vjatskije Poljany Вятские Поляны 40px 29.742 Slobodskoi Слободской 40px 29.148 Kotelnitsj Котельнич 40px 20.144 Omûtninsk Омутнинск 40px 19.629

Ekonomy De masinebou, metaalferwurking en de hout- en papieryndustry leverje in wichtige bydrage oan 'e ekonomy fan e oblast.

Kategory:Oblast fan Ruslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1936