Innuendo is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1989 en 1990 en útbrocht op it album mei deselde namme fan Queen út 1991. Innuendo wie it earste nûmer op it album en waard op 14 jannewaris 1991 útbrocht as earste single fan it album.

Oer it nûmer Innuendo waard skreaun troch Roger Taylor en Freddie Mercury. It nûmer wurdt faak fergelike mei Bohemian Rhapsody, omdat it weromgrypt nei harren progressive rockwoartels. It befettet in Spaanske gitaarseksje útfierd troch Yes-gitarist Steve Howe, in opera-yntermezzo en parten fan hardrock dy 't tinken dogge oan de iere Queen jierren.

Oer de fideoclip De fideoclip makket gebrûk fan klaaianimaasje en argyfbylden fan de band. Freddie Mercury wie op it stuit fan de opnamen as gefolch fan aids al slim siik.

Muzikanten Freddie Mercury – Sang Brian May – Gitaar John Deacon – Bas & Toetsen Roger Taylor – Drums

Gastmuzikanten Steve Howe - Spaanske gitaar

Kategory:Liet fan Queen Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1991 Kategory:Rockliet