Headlong is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1989 en 1990 en útbrocht op it album Innuendo fan Queen út 1991. Headlong wie it tredde nûmer op it album en waard op 13 maaie 1991 útbrocht as tredde single fan it album.

Oer it nûmer Headlong waard skreaun troch Brian May dy't fan doel wie it op te nimmen foar syn oansteande soloalbum Back to the Light út 1992, mar doe't er Queen-sjonger Freddie Mercury it nûmer sjongen hearde, liet er it in Queen-nûmer wurde.

Oer de fideoclip De fideoclip foar Headlong wie ien fan de lêste Queen-fideo's dy 't mei sjonger Freddie Mercury opnommen waarden, ûngefear in jier foar syn ferstjerren, hoewol 't dizze fideo eins opnaam waard foar de single I'm Going Slightly Mad. De fideo toand de band yn de studio dy't it nûmer útfierde, lykas opnamen fan de band dy't yn de studio oan it wurk wie.

Muzikanten Freddie Mercury – Sang Brian May – Gitaar John Deacon – Bas & Toetsen Roger Taylor – Drums

Kategory:Liet fan Queen Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1991 Kategory:Hardrockliet