Somebody to Love is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1976 en útbrocht op it album A Day at the Races fan Queen út 1976. Somebody to Love wie it sechsde nûmer op it album en waard op 19 novimber 1976 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer Somebody to Love hat krekt as Bohemian Rhapsody, de grutte hit fan Queen's foarige album A Night at the Opera (1975), in komplekse melody en oerlaapjende stimmen. Mar wylst Bohemian Rhapsody basearre wie op Ingelske koarstilen, is Somebody to Love basearre op in gospelkoar arranzjemint. It wie de earste single fan A Day at the Races, dêr't Mercury, May en Taylor har stimmen oerlapen om in gospelkoar fan in 100 stimmen nei te meitsjen. Somebody to Love is in leafdesliet dêr't gefoel fan ynspirearre is troch sjongeres Aretha Franklin.
Oer de fideoclip Der waard in fideoclip makke dêr 't in ensenearre opnamesesje yn de Sarm Studios (dêr 't it album A Day at the Races ûnder oare opnommen is) en filmopnamen fan it optreden fan de band yn Hyde Park yn septimber 1976 kombinearre waarden.
Muzikanten Freddie Mercury – Sang & Piano Brian May – Gitaar John Deacon – Bas Roger Taylor – Drums
George Micheal mei Queen ferzje
Oer it nûmer George Michael spile it nûmer mei de oerbleaune leden fan Queen by it betinkingskonsert foar Freddie Murcery yn april 1992. De cover berikte de nûmer 1 plak yn de UK Chart yn it Feriene Keninkryk en bleau dêr trije wiken lang stean, yn Nederlân kaam it nûmer net fjirder as in fyfde plak yn de top 40. It nûmer waard opnaam as it earste nûmer op de EP Five Live fan George Michael út 1993, taskreaun oan George Michael en Queen.
Muzikanten George Michael – Sang Brian May – Gitaar John Deacon – Bas Roger Taylor – Drums
Kategory:Liet fan Queen Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1976 Kategory:Single út 1993 Kategory:Hardrockliet