Tie Your Mother Down is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1976 en útbrocht op it album A Day at the Races fan Queen út 1976. Tie Your Mother Down wie it earste nûmer op it album en waard op 4 maart 1977 útbrocht as twadde single fan it album.
Oer it nûmer Brian May begûn it nûmer te skriuwen op Teneryf, wylst er wurke oan syn proefskrift foar de stúdzje stjerrekunde. Hy komponearre de riff op in Spaanske gitaar en waard op in moarn wekker en spile it wylst er Tie Your Mother Down song, in sin dy 't er as grap beskôge. Sjonger Freddie Mercury moedige him oan om de tekst oan te hâlden.
Oer de fideoclip De fideoclip foar it nûmer is regissearre troch Bruce Gowers en toant bylden dy 't opnommen waarden yn it Nassau Coliseum yn Long Island, New York, yn febrewaris 1977 by de Amerikaanske stadion-toernee fan de band.
Muzikanten Freddie Mercury – Sang Brian May – Gitaar John Deacon – Bas Roger Taylor – Drums
Kategory:Liet fan Queen Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1977 Kategory:Hardrockliet