Another One Bites the Dust is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn juny–july 1979 en útbrocht op it album The Game fan Queen út 1980. Another One Bites the Dust wie it tredde nûmer op it album en waard op 22 augustus 1980 útbrocht as fjirde single fan it album.
Oer it nûmer Another One Bites the Dust is skreaun troch John Deacon Yn sawol de melody as de ritme seksje fan it nûmer is in haadrol weilein foar de bas fan Deacon. De fideoclip foar Another One Bites the Dust is opnaam yn de Reunion Arena yn Dallas, Teksas.
Muzikanten Freddie Mercury – Sang Brian May – Gitaar John Deacon – Bas, Gitaar, Piano Roger Taylor – Drums
Kategory:Liet fan Queen Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1980 Kategory:Rockliet