Bicycle Race is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn de simmer fan 1978 en útbrocht op it album Jazz fan Queen út 1978. Bicycle Race wie it fjirde nûmer op it album en waard op 13 oktober 1978 útbrocht as earste single fan it album, tegearre mei it nûmer Fat Bottomed Girls as dûbele A-kânt.
Oer it nûmer Bicycle Race is skreaun troch Freddie Mercury, hy waard ynspirearre troch it sjen nei de 18e etappe fan de Omgong fan Frankryk fan 1978 dy't Montreux passearre, dêr't de band jazz oan it opnimmen wie yn de Mountain Studios.
Oer de fideoclip De fideoclip waard filme troch Denis de Vallance, en befettet 65 neakene froulju, allegearre profesjonele modellen, dy't hurdfytse yn it Wimbledon Greyhound Stadium, yn it súdwesten fan Londen.
Muzikanten Freddie Mercury – Sang Brian May – Gitaar John Deacon – Bas Roger Taylor – Drums
Kategory:Liet fan Queen Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1978 Kategory:Hardrockliet