Star Wars: Episode I – The Phantom Menace is in Amerikaanske science fiction-film út 1999 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy en it fjirde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it ferfolch op 'e trije dielen fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy (1977-1983). Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard regissearre troch George Lucas mei yn 'e haadrollen Liam Neeson, Ewan McGregor en Natalie Portman. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering I – De Ungrypbere Bedriging".

De film spilet 32 jier foàr de foarfallen yn 'e earste Star Wars-film, Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). De plot folget de Jedi-master Qui-Gon Jinn en syn padawan Obi-Wan Kenobi as hja troch kânselier Finis Valorum nei de planeet Naboo stjoerd wurde om in konflikt mei de machtige en korrupte Hannelsfederaasje út te praten. Wat se net witte, is dat de krisis mei opsetsin beävensearre is troch de boasaardige Darth Sidious, yn waans opdracht de lieders fan 'e Hannelsfederaasje hannelje. Ynstee fan in diplomatike oplossing te finen, binne se twongen om mei Padmé Amidala, de fjirtjinjierrige keninginne fan Naboo, de wyk te nimmen nei Coruscant, dêr't de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk fêstige is. By in tuskenstop op 'e woastynplaneet Tatooine komme se yn 'e kunde mei Anakin Skywalker, in njoggenjierrige slavejonge dy't ûnnatuerlike sterk yn de Krêft is, en krije se teffens te stellen mei de mysterieuze weromkear fan 'e âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, de Sith.

Star Wars: Episode I – The Phantom Menace krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 1999 en de op ien nei meast opbringende film aller tiden. Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard nominearre foar trije Oscars, twa BAFTA's en in Grammy en wûn twa Saturn Awards. In folgjend diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy kaam yn 2002 út ûnder de titel Star Wars: Episode II – Attack of the Clones.

Plot De machtige en korrupte Hannelsfederaasje, in ynterstellêre koepelorganisaasje fan rike ûndernimmings, stelt yn protest tsjin 'e ferheging fan tol op wichtige hannelsrûtes yn 'e Galaktyske Republyk in blokkade yn fan 'e planeet Naboo. Kânselier Finis Valorum stjoert, yn in besykjen om 'e him ôftekenjende krisis yn 'e kym te smoaren, twa persoanlike gesanten nei Naboo ta, om it skeel op te lossen troch diplomasy. De gesanten binne de Jedi-master Qui-Gon Jinn en syn hast follearde padawan Obi-Wan Kenobi. Qui-Gon ferwachtet Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e troch de Neimoïden dominearre Hannelsfederaasje, maklik mei wurden oer te kinnen, sadat de problemen ienfâldich út 'e wrâld te helpen binne.

Wat hy lykwols net wit, is dat de aksjes fan 'e Hannelsfederaasje oanstjoerd wurde troch de skimige Darth Sidious, in master fan 'e boasaardige Sith, de âlde aartsfijanen fan 'e Jedi, dy't lang lyn útrûge west hawwe soene. As Gunray, syn plakferfanger Rune Haako en de kaptein fan syn flaggeskip Daultay Dofine kontakt opnimme mei Sidious, oarderet dy harren om 'e beide Jedi fuortendaliks te fermoardzjen. Dêrnei moatte se úteinsette mei de ynvaazje fan Naboo mei harren legermacht fan oarlochsandroïden, de Nabooaanske haadstêd Theed ynnimme en de Nabooaanske keninginne Padmé Amidala twinge en ûndertekenje in ferdrach dat de besetting fan Naboo troch de Hannelsfederaasje legitimearret.

De Jedi litte har lykwols net sa maklik út 'e wei romje, en hoewol't se inkeld mei syn beiden binne, witte se op in hier nei troch te kringen op 'e brêge fan it flaggeskip om mei Gunray-en-dy ôf te weven. Op it lêste momint moatte se lykwols de wyk nimme foar ferneatigingsandroïden dy't tarist binne mei plofferkanonnen en enerzjyskylden. Se reizgje as fersteklingen mei oan board fan 'e lâningsskippen fan 'e Hannelsfederaasje, dy't op in plak yn 'e wyldernis fan Naboo harren androïdeleger oan 'e grûn sette. Wylst de ynvaazje yn folle gong is, rêdt Qui-Gon it libben fan 'e ynboarling Jar Jar Binks. Dat is in lid fan it op Naboo lânseigen amfibyske ras fan bûtenierdske wêzens fan 'e Gunganen. Hy is sa knoffelich dat er omreden fan syn ûnopsetlike fernielsucht út syn wenplak ferballe is. Qui-Gon bepraat him der lykwols fan dat it feiliger is om him en Obi-Wan nei syn ferburgen thús te lieden as om ôf te wachtsjen wat de oarlochsandroïden fan 'e Hannelsfederaasje mei him dwaan sille as se him te pakken krije.

Sadwaande nimt Jar Jar syn beide nije selskipslju mei nei Otoh Gunga, in stêd dy't ûnder wetter boud is op 'e boaiem fan 'e Paongamar. By in audiïnsje by de Gungaanske lieder, baas Nass, slagget it Qui-Gon net en oertsjûgje dyselde fan it gefaar dat de ynvaazje troch de Hannelsgeneraasje foar de Gunganen ynhâldt. Baas Nass beskôget de oarloch as in konflikt tusken de Hannelsfederaasje en de minsklike Nabooanen, dêr't de Gunganen part noch diel oan hawwe. Troch gebrûk te meitsjen fan 'e magyske 'ferstânstrúk' dy't Jedi ynsette om lju meiwurkje te litten, kriget Qui-Gon de Gungaanske lieder wol safier dat dy him en Obi-Wan in lytse ûnderseeboat lient, wêrmei't se troch de fan grotten trochsingele kearn fan 'e planeet nei Theed reizgje kinne. Op syn fersyk draacht baas Nass fierders Jar Jar oan him oer om as gids te tsjinjen.

Nei in reis troch de djipten wêrby't in kear de oandriuwing fan 'e ûnderseeboat útfallen is, en de reizgers twaris op in hier nei troch in reuseftige rôffisk ferslynd binne, arrivearje de beide Jedi mei Jar Jar yn Theed, dêr't se ûntdekke dat de stêd al yn 'e hannen fan 'e Hannelsfederaasje fallen is. De fjirtjinjierrige keninginne Padmé Amidala, gûverneur Sio Bibble, de kommandant fan har paleiswacht Quarsh Panaka en de jonge hofdames Sabé, Rabé, Saché, Eirtaé en Yané binnen finzen nommen. Gunray en Haako hawwe har yntrek yn it keninklik paleis nommen. Mei't de keninginne (eins Sabé dy't út feilichheidsomtinkens mei Padmé fan plak wiksele is), wegeret harren ferdrach te ûndertekenjen, stjoere se har mei har gefolch nei in finzenekamp. Se binne derfan oertsjûge dat de keninginne meitiid fan gedachten feroarje sil troch it lijen fan har ûnderdienen.

As Padmé en har gefolch troch de stêd ûnderweis binne nei it finzenekamp, wurde se lykwols rêden troch Qui-Gon en Obi-Wan, dy't handich ôfweve mei de oarlochsandroïden dy't it selskip bewekje. Wylst Bibble en de hofdames Saché en Yané op Naboo efterbliuwe om te besykjen in fersetsbeweging op te rjochtsjen, sette Padmé, Panaka en de oare trije hofdames ûnder beskerming fan 'e beide Jedi ôf yn it keninklik romteskip om help te sykjen. Ek Jar Jar Binks jout him by dy groep. It plan is om nei de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op 'e planeet Coruscant te reizgjen, dêr't Padmé har saak foarlizze wol oan 'e Galaktyske Senaat en oan kânselier Valorum.

By it trochbrekken fan 'e blokkade fan 'e Hannelsfederaasje rekket it romteskip lykwols slim skansearre. Hoewol't ien fernimstige en moedige astromeganiênrobot, R2-D2, mei in provisoaryske oplossing de ûntsnapping fan it romteskip yn 'e hyperromte mooglik makket, kinne se Coruscant net berikke om't de hyperoandriuwing foar flugger-as-ljochtreizgjen stikken is. Qui-Gon stelt in tuskenstop foar op 'e tinbefolke woastynplaneet Tatooine, dy't bûten de ynfloedssfear fan 'e Hannelsfederaasje leit om't de misdiesyndikaten fan 'e Hutts der foar master opslane, en dy duldzje gjin konkurrinsje fan oaren. Underwilens nimt Gunray kontakt op mei Darth Sidious om te bekennen dat keninginne Padmé Amidala him troch de fingers glûpt is. Sidious kundiget oan dat er syn learling Darth Maul stjoere sil om 'e keninginne op te spoaren. Dyselde ûntdekt al rillegau dat de keninginne en har gefolch útwykt binne nei Tatooine.

It romteskip fan 'e keninginne lânet op Tatooine by de delsetting Mos Espa. Obi-Wan bliuwt by it skip, wylst Qui-Gon mei Jar Jar en R2-D2 op sleeptou derop útgiet om in T14-hyperoandriuwing te sykjen. Padmé jout hat yn 'e momkape fan ien fan har hofdames ek by Qui-Gon, sabeare om't de keninginne nijsgjirrich is nei Tatooine en in persoanlik ferslach hawwe wol. Yn Mos Espa fynt Qui-Gon in winkel yn twaddehâns ûnderdielen fan romteskippen dêr't in T14-hyperoandriuwing te keap is. De eigner, Watto, is lykwols in Toydariaan en dêrom ymmún foar de ferstânstrúk fan 'e Jedi. Hy wegeret de Galaktyske krediten fan Qui-Gon te akseptearjen, mei't dy op Tatooine neat wurdich binne. Underwilens komt Padmé yn 'e winkel yn 'e kunde mei de njoggenjierrige minsklike jonge Anakin Skywalker, dy't har fertelt dat hy en syn mem Shmi slaven fan Watto binne. As it selskip troch de wegereftigens fan Watto sûnder wat bedijd te hawwen ôfdrippe moat, stekt der in sânstoarm op. Anakin, dy't wol foar it ferstân hat dat dizze útlanners net beseffe hoe gefaarlik sok waar wêze kin, nimt harren mei nei de wente fan syn mem en himsels om dêr te oernachtsjen.

By him thús lit Anakin oan Padmé en R2-D2 de protokolandroïde sjen dy't er eigenhandich út losse ûnderdielen boud hat, C-3PO. Anakin blykt ek in talintearre piloat te wêzen, dy't foar Watto ferskate kearen meidien hat oan saneamde podraces troch de woastyn. Qui-Gon wurdt yn 'e jonge in sterke oanwêzigens fan de Krêft gewaar en test temûk syn bloed. It docht bliken dat Anakin syn nivo fan 'midi-glorianen', in mjitte fan Krêftpontinsjeel, it heechste is dat ea metten is. As Shmi him fertelt dat se fan Anakin yn ferwachting rekke is sûnder dat se seksuele omgong mei in man hân hie, rekket Qui-Gon derfan oertsjûge dat de jonge nimmen oars is as de 'Utkarde' dy't de Krêft yn lykwicht bringe sil, immen dêr't yn 'e âlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan makke wurdt. As Anakin heart oer de swierrichheden fan syn nije freonen om oan it juste ûnderdiel te kommen om harren romteskip mei te reparearjen, biedt er oan om foar harren mei te dwaan oan in race, sadat se mei de gokferslaafde Watto in weddenskip ôfslute kinne op 'e útkomst. Shmi giet dêr mei tsjinnichheid mei akkoart, want se is wis dat de podraces Anakin syn dea nochris wurde sille.

De oare deis manipulearret Qui-Gon Watto ta it oannimmen fan 'e weddenskip: as Anakin de podrace fan dy deis wint, kriget Qui-Gon de T14-hyperoandriuwing fergees. Mar as er him ferliest, kriget Watto it hiele romteskip fan 'e keninginne. Qui-Gon riddenearret dat it romteskip foar harren gjin wearde hat sûnder it missende ûnderdiel; Padmé wiist derop dat de keninginne it dêr net mei iens wêze sil, mar Qui-Gon antwurdet dat de keninginne, dy't hjir net is, him har fertrouwen jûn hat. Hy past syn weddenskip mei Watto oan troch ek de frijheid fan Anakin deryn te beheljen. Watto is der wis fan dat Anakin de race ferlieze sil om't de Dug Sebulba meidocht, de bêste podracer dy't der is. De snoade Sebulba sabotearret foarôfgeande oan 'e wedstryd de podracer fan Anakin, mar nettsjinsteande dat wit Anakin him op 't langelêst te ferslaan. Watto is opsternaat en fermoedet dat Qui-Gon him op 'e iene of oare manear bedragen hat, al wit er net hoe. Hy bynt lykwols gau yn as de Jedi-master foarstelt om harren skeel foar te lizzen oan Jabba de Hutt en syn rivale Gardulla de Hutt, gangsters dy't oan it haad steane fan 'e pleatslike misdiesyndikaten.

Neitiid lit Qui-Gon de ferfangende hyperoandriuwing yn it romteskip ynstallearje wylst Anakin mei tsjinnichheid ôfskie nimt fan syn mem. Qui-Gon hat besocht ek Shmi yn syn weddenskip mei Watto te beheljen, mar dêr trape de winkelman net yn, dat hja bliuwt yn slavernij op Tatooine efter. Se is lykwols bliid dat Anakin frij is en nei in plak giet dêr't er feilich wêze sil. Qui-Gon ûnthjit har dat er derfoar soargje sil dat har soan oplaat wurdt ta in Jedi. Underweis nei it romteskip komt Darth Maul it selskip oer it mad. Nei in koart gefjocht mei de ljochtsabels tusken Qui-Gon en dizze foar him mysterieuze oanfaller, witte de Jedi en harren selskipslju yn it reparearre romteskip te ûntkommen.