Rudolf Victor Constantijn Gijsbertus Maria (Ruud) van Hemert (Amsterdam, 29 oktober 1938 – Wapserveen, 5 july 2012) wie in Nederlânsk film- en telefyzjeregisseur. Hy is benammen bekend wurden troch de spylfilm Schatjes! út 1984, dy't yn 1986 in ferfolch krige mei Mama is boos!. Ruud van Hemert wie in soan fan telefyzjeregisseur Willy van Hemert en dûnseres Miep Kronenburg. Syn broer Hans is muzykprodusint, syn suster Ellen wie aktrise. Ruud van Hemert ferstoar op 5 july 2012 oan de gefolgen fan kielkanker.

Kategory:Nederlânsk filmregisseur‎ Kategory:Nederlânsk telefyzjeregisseur‎ Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2012