Shine On You Crazy Diamond is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Pink Floyd yn de Abby Road studios en útbrocht op it album Wish You Were Here út 1975. Shine On You Crazy Diamond bestie út ferskate dielen dy't ferparte wie oer it album, Shine On You Crazy Diamond part 1 waard op 15 septimber 1975 útbrocht as twadde single fan it album.
Oer it nûmer It nûmer is in oade oan Syd Barrett de eardere sjonger en gitarist fan Pink Floyd dy't yn 1968 ûntslein waard fanwegen syn ferslaving oan drugs en syn dêrtroch ûnfoarsisbere gedrach. Waters besiket yn dizze oade safolle mooglik fan Barretts efterbleaune gefoelens te ferwurkjen. Syd Barrett wie ûnferwachts oanwêzich yn de studio by de opnamen fan ûnder oaren dit nûmer.
Muzikanten David Gilmour – Sang & Gitaar Richard Wright – Toetsen Roger Waters – Bas & Sang Nick Mason – Drums
Gastmuzikanten Dick Parry – Saxofoan Venetta Fields en Carlena Williams – Eftergrûn sang
Kategory:Liet fan Pink Floyd Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1975 Kategory:Rockliet