Money is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Pink Floyd yn de Abby Road studios en útbrocht op it album The Dark Side of the Moon út 1973. Money wie it sechsde nûmer op it album en waard op 7 maaie 1973 útbrocht as earste single fan it album.

Oer it nûmer Dit nûmer is foaral bekend troch de rinkeljende kassa wêrmei 't it nûmer iepenet en dy de maat (7/4) oanjout. Ek de saksofoansolo, dy't healwei oergiet yn in gitaarsolo, is in bekend ûnderdiel fan it nûmer .De tekst fan it nûmer giet oer jild.

Muzikanten David Gilmour – Sang & Gitaar Richard Wright – Toetsen Roger Waters – Bas & Sang Nick Mason – Drums

Gastmuzikant Dick Parry – Saksofoan

Kategory:Liet fan Pink Floyd Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1973 Kategory:Rockliet