Rambo, ek bekend as John Rambo en Rambo IV (sjoch hjirre foar útlis), is in Amerikaansk-Dútske aksjefilm út 2008 ûnder rezjy fan Sylvester Stallone, mei yn 'e haadrollen Stallone sels en Julie Benz. It ferhaal giet oer de ferâlderjende Amerikaanske oarlochsfeteraan en âld-kommando John Rambo, dy't al mear as tweintich jier yn Tailân tahâldt. As er troch in groep Amerikaanske sindelingen frege wurdt harren it troch boargeroarloch en diktatuer ferskuorde Birma binnen te smokkeljen, lit er him op 't langelêst beprate. De sindelingen wurde lykwols al rillegau finzen nommen troch it Birmeeske Leger en draaie in raar gat yn. Rambo jout him by in groepke hierlingen dat betelle wurdt om 'e sindelingen te rêden. Rambo is it fjirde diel fan 'e Rambo-filmsearje, en folget as sadanich nei tweintich jier stilte op Rambo III, út 1988. De film is opdroegen oan 'e yn 2003 ferstoarne akteur Richard Crenna, dy't yn 'e trije eardere Rambo-films de rol fan kolonel Sam Trautman spile. Fan 'e filmkritisy krige Rambo mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses. In fyfde diel yn 'e rige kaam yn 2019 út ûnder de titel Rambo: Last Blood.
Titel De offisjele titel fan 'e film is Rambo. De wurktitel wie lange tiid John Rambo, mar Sylvester Stallone wie fan miening dat dy namme assosjaasjes oprôp mei syn film út 2006 Rockey Balboa, dy't ek de hiele namme fan 'e haadpersoan brûkte. Mei't Rocky Balboa bedoeld wie as de lêste film oer Rocky, of alteast de lêste film oer Rocky wêryn't er sels bokste, fûn er de titel John Rambo misliedend, om't it personaazje John Rambo neffens him bêst noch ien of mear films yn deselde hoedanichheid mei koe. Nettsjinsteande dat wurdt yn in protte lannen en territoaria, wêrûnder Dútslân, Frankryk, Itaalje, Poalen, Hongarije en Grikelân, de titel John Rambo oanholden om't de earste film út 'e Rambo-filmrige, First Blood, dêr al útbrocht wie as Rambo. Ek yn 'e begjintitels dy't de film yn guon oare lannen oanhâldt, wêrûnder de Feriene Steaten en Nederlân, wurdt de filmtitel jûn as John Rambo.
Yn guon lannen, wêrûnder Servje, Ruslân, de Oekraïne, Turkije en Maleizje, hjit Rambo ynstee Rambo IV (soms skreaun as Rambo 4). Dat is ek om ûnderskie te meitsjen mei de earste film. Noch wer in oare alternative titel, dy't lykwols mar selden brûkt wurdt, is Rambo: The Fight Continues. Filmdistributeur Lionsgate Films makke yn oktober 2007 bekend dat de film Rambo: To Hell and Back komme soe te hjitten, mar nei negative reäksjes fan fans fan 'e filmrige, waard it bedriuw weromfluite troch Stallone.
Plot Yn 2007 brekt yn Birma de Saffraanrevolúsje út, in beweging fan freedsume demonstraasjes fan 'e boargerbefolking, oanfierd troch boedistyske mûntsen, dy't troch de militêre diktatuer lykwols op ûnmeilydsume wize yn bloed smoard wurdt. Tagelyk is yn 'e grinsgebieten fan Birma al mear as sechstich jier de Birmeeske Boargeroarloch oan 'e gong, in oanhâldende guerrilja-oarloch fan 'e leden fan ûnderdrukte etnyske minderheden tsjin it Birmeeske Leger, dat himsels de Steatsried foar Frede en Untwikkeling neamd. Yn eastlik Birma, deunby de grins mei Tailân, fiert de sadistyske majoar Pa Tee Tint in wier skrikbewâld troch de doarpen fan 'e etnyske Karen te oerfallen en plat te brânen. Lytse bern, folwoeksen manlju en de âlderein wurde dêrby fermoarde, froulju en famkes ferkrêfte en opslûpen jonges ûntfierd om ronsele te wurden as nije soldaten.
Underwilens libbet John Rambo, in âld-kommando út it Amerikaanske Leger en in traumatisearre feteraan út 'e Fjetnamoarloch, tweintich jier nei de foarfallen yn Afganistan noch altyd yn Tailân. Deunby de Birmeeske grins fertsjinnet er de kost troch yn it oerwâld slangen te fangen dêr't Taiske artysten foarstellings mei fersoargje om Westerske toeristen mei te fermeitsjen. Dêrnjonken hat er in boat dêr't er groepen toeristen mei de rivier op nimt.
Op in dei wurdt Rambo opsocht troch Michael Burnett, de foaroanman fan in tsienmannich sindelingen en dokters út 'e Amerikaanske steat Colorado. Dyselde freget Rambo om harren de rivier de Salween op te farren en sa de Birmeeske grins oer te smokkeljen. Hja binne op in humanitêre misje nei in Karensk doarp dêr't harren tsjerke gedoente mei hat en se wolle dêr medyske foarrieden besoargje. Rambo fielt dêr neat foar en stegeret it fersyk fan 'e ûnsympatike fint ôf. Burnett, dy't dúdlik delsjocht op sa'nent as Rambo, konkludearret dat Rambo inkeld om himsels jout. De iennichste frou yn 'e groep, Sarah Miller, dy't de ferloofde fan Burnett is, wol it lykwols noch net opjaan. Hja praat ferskate kearen op Rambo yn, oant se úteinlik foar it ferstân kriget dat Rambo wol deeglik om oare minsken jout, safolle sels, dat er maklik fertsjinne jild ôfstegeret om lju lykas Burnett-en-dy tsjin harsels yn beskerming te nimmen. Rambo seit tsjin har dat se de wrâld akseptearje moat sa't er is, om't er dochs net feroare wurde kin. Sarah wegeret har dêrby del te lizzen. Op 't langelêst seit Rambo ta harren nei Birma te bringen, mar hy wol der neat foar hawwe.
Underweis begjint Sarah in petear mei Rambo, dy't se freget wêr't er wei komt. Rambo antwurdet dat er opgroeid is yn Bowie, in plakje yn Arizona, dêr't syn heit hynders fokte. As se witte wol wêrom't er dêr nei de Fjetnamoarloch nea wer weromkeard is, seit er dat der wat wêze moat om nei werom te gean. Letter komme Rambo en de sindelingen by in basis fan Birmeeske rivierpiraten lâns. Rambo besiket der ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster foarby te glûpen, mar de piraten krije it boatsje yn 'e gaten en fjouwer fan harren hâlde Rambo-en-dy oan. As se foar it ferstân krije dat der in frou mank de groep is, easkje se Sarah op as tol, sadat se har ferkrêftsje kinne. Rambo, dy't sjocht dat er harren net op oare gedachten bringe kin, hellet ynienen in fjoerwapen foar it ljocht en sjit fan it iene momint op it oare de fjouwer piraten dea.
Sa'n útbarsting fan 'sinleas geweld' befêstiget alle foaroardielen dy't Burnett oer Rambo hat. Mei't er sels in reedlik persoan is, kin er net akseptearje dat oaren dat net wêze kinne. Hy makket himsels wiis dat as er inkeld mar mei de piraten prate kinnen hie, hy harren wol op oare gedachten brocht hawwe koe. Tige oerstjoer oer de dieden fan 'e Rambo stjoert er dyselde fuort sadree't se har bestimming berikt hawwe. Hy seit dat se wol in oare manear sykje sille om Birma wer út te kommen. Fan 'e hiele groep sindelingen kin inkeld Sarah begryp en tankberens opbringe foar wat Rambo dien hat. By wize fan ôfskie jout se him it krúske dat se om 'e hals draacht.
Wylst Rambo weromfart en op it plak fan 'e konfrontaasje mei de rivierpiraten alle spoaren fan it treffen útwisket, wurde de sindelingen mei blydskip en gastfrijens wolkom hjitten yn it Karenske doarp. Burnett en inkele oaren mei genêskudige training begjinne daliks mei de behanneling fan 'e siken en ferwûnen, wylst oaren it evangeelje útdrage. De freedsume gong fan saken wurdt rou fersteurd as sûnder warskôging Birmeeske troepen ûnder majoar Pa Tee Tint it doarp mei mortieren begjinne te bombardearjen. As it hiele doarp yn gaos feroare is, kringe soldaten der binnen en moardzje de bewenners sûnder ûnderskie te meitsjen út. De sindelingen binne dêr tsjûge fan, mar kinne neat dwaan. Ferskaten fan harren komme om, mar in stik as fiif, ûnder wa Burnett en Sarah, wurde finzen nommen en mei weromsleept nei de Birmeeske legerbasis. Dêr wurdt Sarah yn in koai bûten de wente fan 'e majoar opsletten, wylst se tasjen moat hoe't har manlike selskipslju ien foar ien libben oan 'e bargen opfuorre wurde.
Wiken nei't er de groep yn Birma ôfset hat, kriget Rambo nachts besite fan in Amerikaan dy't himsels foarstelt as Arthur Marsh. Hy is de predikant fan 'e Kristustsjerke fan Colorado, it tsjerkegenoatskip dêr't de humanitêre misje fan útgie. Marsh seit dat der al fierstente lang gjin kontakt mear west hat mei de groep fan Burnett, en dat syn tsjerke fia-fia fan 'e rebellen fan it Karensk Nasjonaal Befrijingsleger (KNLA) te hearren krigen hat dat de sindelingen finzen nommen binne troch it Birmeeske Leger. De rebellen hawwe in gids beskikber steld en Marsh syn tsjerke hat in groepke hierlingen ynhierd om in rêdingsaksje te prebearjen. No hawwe se ferlet fan Rambo syn help oan om 'e hierlingen sekuer nei it plak te bringen dêr't er de sindelingen oan lân set hat. Rambo seit syn meiwurking ta.
Der binne fiif hierlingen, dy't oanfierd wurde troch Lewis, in Britske âld-kommando fan 'e Special Air Service (SAS). By it plak dêr't Rambo de sindelingen ôfset hat, wurde se opwachte troch de Karenske gids Myint, dy't goed bekend is mei de krite. Rambo biedt oan om mei te gean, mar Lewis wol dêr neat fan witte. Hy sjocht Rambo as in ûntrainde boargerman en wol dêrnjonken dat der in blankenien by de boat bliuwt, om't er de ynboarlingen mar heal fertrout. De hierlingen sette mei Myint ôf, dy't harren nei de ruïnes fan it Karenske doarp liedt. Dêrby komme se yn it tropysk reinwâld by in âlde Britske swiere Tallboy-bom út 'e Twadde Wrâldoarloch lâns dy't net ôfgien is. Yn it doarp binne de stoflike omskotten fan 'e eardere bewenners ûnderwilens yn in fiergeande steat fan ûntbining rekke. Wylst se it doarp oereagje en redendiele oer de fraach oft it noch sin hat om te sykjen nei oerlibbenen, arrivearret der in frachtwein fan it Birmeeske Leger. Myint en de hierlingen sykje dekking.
De frachtwein blykt in stik as fjouwer soldaten te befetsjen en teffens in groepke finzenen. De soldaten binne út op it spyljen fan in spultsje mei de finzenen, dy't eardere bewenners fan it doarp binne. Wylst de finzenen mei de rêch nei in sawa ta sitte, smyt ien fan 'e soldaten op ferskate plakken lânminen yn it wetter, wêrnei't de finzenen twongen wurde om troch it wetter fan 'e iene kant fan 'e sawa nei de oare te draven yn 'e hope dat ien of mear fan harren opblaasd wurde sille as se op in myn traapje. De hierlingen sjogge helpeleas ta en oerlizze flústerjend oer de fraach oft se wol alle soldaten deadzje kinne as se yngripe soene, en sa ja, hoe lang't it duorje sil foar't de soldaten mist wurde en oft de rêdingsmisje dêrtroch yn 'e knipe komme sil. Underwilens ferskynt ynienen Rambo op it toaniel, dy't de hierlingen en harren gids temûk folge is, en sjit mei pylk-en-bôge alle soldaten dea foar't dyselden begripe wat der bart.
Lewis wol de rêdingsmisje ôfblaze, mei't er net ynsjocht hoe't se dy no noch ta in goede ein bringe kinne, mar troch in konfrontaasje mei Rambo, dy't him tabyt dat er "nearne foar libje of earne foar stjerre" kin, betinkt er him. Sânresom geane se yn 'e frachtwein fierder nei de Birmeeske legerbasis, dêr't se nei it fallen fan it tsjuster oankomme. De Britske slûpskutter mei de bynamme School Boy skeakelet in skyldwacht yn in wachttoer út en nimt syn plak yn. De oaren ynfiltrearje de basis troch efteryn de frachtwein plak te nimmen, dy't troch Myint ferklaaid yn in Birmeesk legerûnifoarm nei by de kontrôlepost lâns riden wurdt. Under dekking fan it tsjuster befrije se temûk Burnett en de iennichste oare oerbleaune manlike sindeling, mei dêropta in trijetal Karenske famkes. Sarah is lykwols dreech te finen en as Rambo har úteinlik opspoart, is it al foarby de tiid dy't ôfsprutsen wie om fuort. Lewis wegeret te wachtsjen en set mei Myint, de hierlingen En-Joo, Diaz en Reese en de befrijde finzenen ôf. As Rambo Sarah befrijd hat, wurde se by de yngong fan it kamp oanholden troch twa soldaten, dy't lykwols deasketten wurde troch School Boy, dy't op harren wachte hat. Mei't se gjin gids hawwe, kinne se trijeresom allinne mar itselde paad weromgean dat se kommen binne.