BLØF (út te sprekken as: 'bluf') is in Nederlânske popgroep oprjochte yn 1992 yn Middelburg. De band brocht yn 1995 syn debútalbum Naakt Onder De Hemel út. BLØF hat tolve studio-albums en trije live-albums útbrocht.

Skiednis BLØF waard oprjochte yn 1992. Yn de earste jierren spilen se as coverband. It earste album mei eigen nûmers, Naakt Onder De Hemel, waard yn eigen behear útbrocht. Yn 1998 waard BLØF bekend by it grutte publyk mei de single Liefs uit Londen. Op 17 maart 2001 ferstoar drummer Chris Götte nei in ferkearsûngelok mei syn motor. It album Blauwe ruis út 2002 is opdroegen oan Götte. Yn Norman Bonink earder fan de Frank Boeijen Groep waard in ferfanger foar Götte fûn.

Yn 2004 skoarde BLØF in nûmer 1 hit mei in Nederlânsk/Ingelske bewurking fan it nûmer "Holiday in Spain" fan de Counting Crows. It nûmer waard tegearre mei de Counting Crows opnommen.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Naakt onder de hemel1995útbrocht yn eigen behearAan de Kust,Wat Zou Je Doen?Helder1997EMILiefs uit LondenBoven1999Harder dan ik hebben kan,Niets dan dit,Zaterdag,Een dag op de grensWatermakers2000Dansen Aan Zee,Hier,Ze is er nietBlauwe ruis2002Dichterbij Dan ooit,Blauwe Ruis,Meer Van Jou, Mooie dagOmarm2003Omarm,Misschien niet de eeuwigheidUmoja3 maart 2006Aanzoek zonder ringen,Hemingway,Mens,Een manier om thuis te komen,Donker hartOktober3 oktober 2008Oktober,Vallende engelApril2 april 2009Vandaag,MidzomernachtAlles blijft anders25 febrewaris 2011Wijd open,Beter,Hou vol hou vast,Was je maar hierIn het midden van alles2014Aan19 maaie 2017SonyWereld van verschil,Zoutelande

Live-albums Album Utbrocht yn Label XXL1998EMILive 20042004Een manier om thuis te komen(Umoja Live)2007

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opHet eind van het begin2004Platinum2007Hier -Het beste van 20 jaar BLØF26 oktober 2012

Kategory:Nederlânske popgroep Kategory:Band oprjochte yn 1992