Rambo: Last Blood, yn guon lannen en territoaria útbrocht as Rambo V of as Rambo V: Last Blood, is in Amerikaanske aksjefilm út 2019 ûnder rezjy fan Adrian Grünberg, mei yn 'e haadrollen Sylvester Stallone en Yvette Monreal. De film is it fyfde diel út 'e Rambo-filmsearje en folget as sadanich op 'e film Rambo út 2008. De titel betsjut "Rambo: Lêste Bloed", en ferwiist nei de earste film út 'e rige, dy't First Blood ("Earste Bloed") hjit. It ferhaal folget John Rambo, in âld-kommando út it Amerikaanske Leger en in feteraan út 'e Fjetnamoarloch, as er yn Meksiko op 'e siik giet nei de fermiste beppesizzer fan syn húshâldster. It docht bliken dat it fanke ûntfierd is om as as prostituee tewurksteld te wurden. Rambo: Last Blood krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot Alve jier nei de foarfallen yn Birma hâldt John Rambo, in âld-kommando út it Amerikaanske Leger en in traumatisearre feteraan út 'e Fjetnamoarloch, wer ta yn syn berteplak Bowie, yn 'e Amerikaanske steat Arizona. Hy bewennet dêr de hynsteranch fan syn heit silger, yn 'e mande mei María Beltrán, syn heite húshâldster, dy't fan Meksikaansk komôf is, en María har beppesizzer Gabriela, in teenagefamke dat noch op 'e middelbere skoalle sit.
Rambo bedript himsels mei it belearen fan hynders. Hy is ek as frijwilliger belutsen by rêdingsaksjes yn 'e bergen fan súdlik Arizona. By swiere rein en hurde wyn spoart er dêr trije ferdwaald rekke kuierders op. Ien fan beide froulju is al dea, mar har man wegeret dat te akseptearjen. Allebeide wurde se fuortspield as in beekje troch alle delslach oerstreamt. De trêde kuierder, in famke, wit Rambo wol te rêden, mar neitiid piniget er himsels om't er harren net alle trije libben en wol fan 'e berch bringe kinnen hat, wylst ek syn posttraumatysk stress-syndroom wer opspilet.
Gabriela har mem, María har dochter, is in stikmannich jierren lyn ferstoarn oan kanker. Har heit hat syn húshâlding om dyselde tiid hinne yn 'e steek litten. Fia Gizelle, in freondinne wa har famylje nei Meksiko ferhuze is, wit Gabriela har heit Manuel op te spoaren. Se wol nei him ta om him te freegjen wêrom't er útnaaid is, in fraach dêr't se bot mei ompakt. Rambo fertelt har dat Manuel gewoan in aaklik stik fretten wie dat nearne ta doogde. Hy besiket en ûntpraat har it plan om har heit op te sykjen. Gabriela liket har dêrûnder del te jaan, mar de oare deis bringt se itselde idee wer op 't aljemint, diskear yn in petear mei har beppe. María wol dêr alhielendal neat fan witte. Se seit tsjin Gabriela dat Manuel har mem mishannele en dat er har net ien kear yn it sikehûs besocht hat doe't se siik waard. Op 'e nij leit Gabriela har del by it opjaan fan har plannen. As se letter dy deis yn 'e auto nei in skoalfreondinne sil, betinkt se har lykwols, keart de auto en riidt nei Meksiko.
Se besiket Gizelle, dat neffens har beppe ek ien is dy't net doge wol. Gizelle nimt har mei nei it adres fan Manuel. As Gabriela lykwols by syn appartemint oankloppet en him befreget oer it ferline, seit er kâldwei tsjin har dat er fûn dat er syn tiid ferdie mei har mem en har en dat er neat mei har te krijen hawwe wol. Alhiel oerstjoer komt Gabriela dêrwei. It rint no tsjin 'e jûn, en Gizelle seit dat se yn dizze steat net efter it stjoer krûpe moat. Ynstee kin se wol by har útfanhûzje. Om Gabriela op te fleurjen, stelt se foar om út te dûnsjen te gean yn in nachtklub. Ienris yn 'e klub wurdt Gabriela oansprutsen troch in opsichtich klaaide man, dy't efter har rêch om wat yn har drankje docht. Neitiid wurdt se troch him meinommen en trochferkocht. Se bedarret yn in bordeel dêr't in hiele groep jonge prostituees fêstholden wurdt om 'traind' te wurden. Harren earste klanten binne in groep Meksikaanske plysjes dy't de famkes foar de earste kear ferkrêftsje.
De oare deis skillet Gizelle María op mei it berjocht dat Gabriela ferdwûn is. Rambo set hookstrooks ôf nei Meksiko, dêr't er earst by Manuel oan 'e doar komt, dy't him ken en deabenaud fan him is. As er seit dat er neat mei de ferdwining út te stean hat, leaut Rambo him, hoewol't er tsjin him seit dat it allegear syn skuld is en dat er him alve jier lyn al smoare moatten hie. Neitiid siket er Gizelle op, dy't him in grutte bek jout oant er syn mânske mês foar 't ljocht hellet en har bedriget. Dan jout se ta dat se Gabriela mei opsetsin meinommen hat nei dy spesifike nachtklub en dat se dêrfoar betelle krigen hat. Rambo twingt har om mei te gean nei de nachtklub en dêr de man oan te wizen dy't Gabriela drogearre en ûntfierd hat. Dat is in frouljushanneler dy't El Flaco neamd wurdt. Rambo folget El Flaco nei it parkearterrein fan 'e klub, hoewol't er der gjin erch yn hat dat er sels folge wurdt troch in mysterieuze frou. Op it parkearterrein oermasteret er El Flaco en tramtearret er de man sa dat dy him it paad wiist nei de kriminelen oan wa't er Gabriela trochferkocht hat.
As Rambo dêr op ûndersyk útgiet, wurdt er besingele troch de bruorren Hugo en Victor Martínez en inkele tsientallen fan harren mannen. Se slane him hielendal yninoar, en pakke dêrnei syn rydbewiis ôf. Oan 'e hân dêrfan komme se te witten wêr't er wennet. As se yn syn bûse ek in foto fan Gabriela oantreffe, begripe se wat er wol. De gewelddiedige Victor wol him daliks deameitsje, mar de sadistyske Hugo leit dêr it near op. Hy fertelt Rambo dat de famkes dy't hy en syn broer eksploitearje, hielendal neat foar harren betsjutte en gjin minsken mar dingen binne. Hy hie dêrom nea omsjoen nei Gabriela, mar no sil er in foarbyld fan har meitsje. Hy lit Rambo libje sadat er de rest fan syn libben witte sil dat er mei syn eigen dieden it lot fan Gabriela besegele hat. Nei't de bruorren Martínez en harren trewanten ôfset binne, wurdt Rambo oerein holpen troch de mysterieuze frou dy't him al fan 'e nachtklub ôf folge is. Hja nimt him mei nei hûs en lit him temûk behannelje troch in befreone dokter.
Wylst Rambo de folgjende dagen stadichoan opbetteret fan û.m. in harsensskodding, kriget Gabriela fan Victor Ramírez heroïne tatsjinne, wêrnei't se troch klanten oan ien wei troch ferkrêfte wurdt. As Rambo op in stuit syn ferwûnings te boppe komt, is er raar gesteld as er heard dat er fjouwer dagen út 'e tiid west hat. De frou dy't him ferpleegd hat, stelt har foar as Carmen Delgado. Se neamt harsels in 'ûnôfhinklik sjoernaliste' dy't ûndersyk docht nei de bruorren Martínez en harren organisaasje, mar eins giet it har earne oars om: har jongere suster is troch de Martínez' ûntfierd en fermoarde. It is foar Rambo sadwaande net dreech om har te bepraten en fertel him wêr't Gabriela nei alle gedachten fêstholden wurdt. Inkeld bewapene mei in hammer kringt Rambo yn it bordeel binnen en slacht yn in hommelse geweldseksploazje fiif man dea. De jonge prostituees wegerje lykwols út te naaien, om't se deabenaud binne fan wat de bruorren Martínez mei harren dwaan sille as se har wer te pakken krije. Rambo ferlit dêrom it bordeel mei inkeld de dwyljende Gabriela by him. Underweis nei hûs komt it famke te ferstjerren oan in oerdoazis drugs dy't har tatsjinne is.
Rambo en María, dy't stikken is fan fertriet, begrave Gabriela op in heuvel ûnder it skaad fan in beam, njonken de grêven fan Rambo syn âldelju. Neitiid ferhuzet María fan 'e ranch om by har suster yn te lûken. Rambo bliuwt allinne efter en begjint tariedings te treffen foar in konfrontaasje troch oeral om 'e ranch falstrikken te pleatsen, mar fral yn it tunnelstelsel dat er sûnt syn thúskomst yn 2008 ûnder it hiem groeven hat. As alles ree is, keart er werom nei Meksiko, dêr't er Carmen freget om him te fertellen wêr't Victor Martínez wennet. Se besiket him syn plannen te ûntpraten troch te sizzen dat wat bard is, west hat. Rambo seit dat er it ferline net loslitte kin, al soed er it wolle, en dat er op wraak út is. Dêr heakket er oan ta dat sy neffens him ek wraak nimme wol. Carmen jout ta en wiist him de wei. Under dekking fan it nachtlik tsjuster docht Rambo in wraam op 'e filla fan Victor Ramírez, dêr't er al dy syn liifwachten deaslacht en dan de man sels te liif giet wylst er ûnder de dûs stiet.
De oare deis treft Hugo it stoflik omskot fan syn broer ûnthalze oan, mei deselde foto fan Gabriela mei in mês oan 't lewant neile, sadat dúdlik is wa't hjirefter sit. Hugo Ramírez stalt in legerke fan syn trewanten gear en riidt dêrmei nei de ranch yn Bowie ta, dêr't Rambo harren efter him oanlokket de tunnels yn. Dêr set er útein mei it systematysk ombringen fan 'e hiele binde, oant Hugo sels op 't lêst noch mar allinne oer is. Hoewol't Rambo tsjin dy tiid sels ferwûne rekke is, jaget er Hugo de tunnels út nei de skuorre ta, dêr't er him mei pylk-en-bôge oan 'e skuordoar fêstneilet mei fjouwer pylken troch syn beide skouders en boppeskonken. Dêrnei skuort er him letterlik it hert út it liif.
In ferswakke Rambo giet dêrnei op 'e weranda fan 'e ranch yn syn heite skommelstoel sitten, wylst er yn in voice-over swart dat er de neitins oan dejingen fan wa't er holden hat libben hâlde sil. Under de ôftiteling wurde flashbacks nei alle fiif Rambo-films toand, wylst Rambo syn hynder sealet en fuortriidt, de ûndergeande sinne yn 'e mjitte.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise John Rambo Sylvester Stallone Gabriela Beltrán Yvette Monreal
byrollen personaazje akteur/aktrise Carmen Delgado Paz Vega Hugo Martínez Sergio Peris-Mencheta Victor Martínez Óscar Jaenada María Beltrán Adriana Barraza Gizelle Fenessa Piñeda Manuel, Gabriela har heit Marco de la O El Flaco Pascacio López dokter Sergio Manuel Uriza Laura Mirka Prieto Alejandra Sheila Shah don Manuel Joaquín Cosío don Miguel Rick Zingale sheriff Louis Mandylor haadynspekteur fan 'e steatsplysje Aaron Cohen klant yn bar Genie Kim (ek bekend as Yenah Han)
Produksje en distribúsje Produksje It idee foar de plot fan Rambo: Last Blood kaam al op 't aljemint doe't Sylvester Stallone yn 2006-2007 nei in ferhaal socht foar Rambo, de foargeande film yn 'e Rambo-rige. Op dat stuit fûn er it net gaadlik, om't er net betinke koe hoe't er John Rambo fan 'e ein fan Rambo III (1988) nei it útgongspunt fan Rambo: Last Blood bringe koe. De film Rambo, út 2008, foarme dat brechje. Fan 2009 ôf kamen der om 'e safolle tiid berjochten oer de preproduksje fan 'e fyfde Rambo-film nei bûten ta. Yn 2016 waard bekendmakke dat de film langer net mear yn produksje wie, mar yn maaie 2018 waard de produksje fannijs oankundige.
Rambo: Last Blood waard regissearre troch Adrian Grünberg nei in senario fan Matthew Cirulnick en Sylvester Stallone. As produsinten wiene Avi Lerner, Kevin King Templeton, Yariv Lerner en Les Weldon by it projekt belutsen foar de filmstudio's Millennium Films (fia Nu Image), Balboa Productions en Templeton Media. Foar de film wie in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Brendan Galvin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Brian Tyler.
Opnamen De opnamen foar Rambo: Last Blood setten op 2 oktober 2018 útein en duorren oant 4 desimber fan dat jier, mei dêropta reshoots oan 'e ein fan maaie 2019. De film waard foar it meastepart opnommen yn Bulgarije. Inkele sênes waarden filme yn 'e omkriten fan Shreveport yn 'e Amerikaanske steat Louisiana, en op Teneryf, yn 'e Kanaryske Eilannen.
Distribúsje De distribúsje fan Rambo: Last Blood waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 20 septimber 2019 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 20 septimber by platemaatskippij Lakeshore Records. Rambo: Last Blood kaam op 3 desimber 2019 beskikber as digitale download en waard op 17 desimber útbrocht op dvd en blu-ray.
Alternative 'Noardamerikaanske' ferzje