Kensington is in Nederlânske rockband oprjochte yn 2005 yn Utert. De band brocht yn 2011 syn debútalbum Borders út. Kensington hat fiif studio-albums en ien live-album útbrocht.
Skiednis Kensington ûntstie yn 2005 neidat de skoalband Quad útinoar gie, omdat de gitarist de band ferliet. Sjonger-gitarist Casper Starreveld, bassist Jan Haker en drummer Lucas Lenselink besleaten tegearre mei nije gitarist Eloi Youssef fierder te gean as Kensington. Yn 2007 ferliet drummer Lenselink de band; syn ferfanger waard fûn yn Niles Vandenberg, earder fan Griffin. Op 12 novimber 2021 makke de band bekend dat Eloi Youssef de band ferlitte sil. Yn septimber 2022 treedt de band foar it lêst op mei Youssef.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Borders16 july 2010Bladehammer Youth,When It All Falls Down,Let GoVultures11 maaie 2012UniversalWe Are The Young,Send Me Away,No Way Out,Don't Look Back,Home AgainRivals8 augustus 2014Streets,All for nothing,WarControl28 oktober 2016Do I Ever,Sorry,Bridges,Fiji,SliceTime15 novimber 2019Bats,What Lies Ahead,Uncharted,Island
Live-albums Album Utbrocht op Label Unplugged16 novimber 2021Universal
Kategory:Nederlânske rockband Kategory:Band oprjochte yn 2005