Rowwen Hèze is in Nederlânske Folkband oprjochte yn 1985 yn America, Limburch. De band brocht yn 1987 syn debútalbum Rowwen Hèze út. De teksten fan de band gean benammen oer deistige libben, dronkenskip, de fanfare, de natoer en de Peel. Rowwen Hèze hat achttjin studio-albums en fjouwer live-albums útbrocht.

Skiednis De band waard yn 1985 oprjochte troch gitarist Theo Joosten, bassist Jan Philipsen en drummer Mart Deckers, earder fan The Legendary Texas Four. By de syktocht nei in sjonger bliek Jack Poels earder fan Bad Edge in geskikte kandidaat. Poels stelde wol as betingst dat er ien ferske yn it Limburchsk sjonge mocht.

Yn de earste jierren fan harren bestean spile Rowwen Hèze noch benammen Ingelsktalige covers fan ûnder oaren Thin Lizzy. In jierliks weromkommend fenomeen foar Rowwen Hèze en in soad oare Limburchsk bands wie om om de karnaval hinne in karnavalsnûmer te skriuwen. Yn 1987 skreau Rowwen Hèze it nûmer Niks stront niks, dat de lanlike media helle yn ferbân mei de nochal kontroversjele tekst. Dit nûmer yn kombinaasje mei de lanlike opskuor deromhinne betsjutte de earste lanlike bekendheid foar Rowwen Hèze. Yn desimber fan datselde jier ferskynde harren earste eigen album, Rowwen Hèze. Fan doe ôf lei de band him foar in grut part ta op teksten yn it Limburchsk, yn stee fan it Ingelsktalige (cover)repertoire.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Rowwen Hèze6 desimber 1987útbrocht yn eigen behearNiks stront niksBlieve loepe10 febrewaris 1990HKM'n Man en 'n vrouw,LimburgBoem18 july 1991Henk is enne lollige vent,Bestel Mar,Twieje wurd,KroenenbergStation America22 april 1993Rowwen Hèze,Ay yay yayZondag in 't zuiden26 maart 1995't Roeie klied,Zondag in 't zuiden,De neus umhoegWater, lucht en liefde6 april 1997En dan is 't mar dom,Klompendans,Lucht,Heilige AnthoniusVandaagmaart 2000November,Vergeate ,Kleine manDageraad7 april 2003V2 RecordsVur de kerk op 't plein,Dichtbeej,Eiland in de reagenRodus & Lucius7 septimber 2006RHAMVechte, valle en opstoan,Kilomeaters,Droemvlucht (ft. Nynke Laverman)Zilver24 septimber 2010Geal17 augustus 2012HKMHemel op Aarde: De Liedjes1 novimber 2013RHAMVur altied: Ballades & beer19 febrewaris 2016De liefde, de muziek, de herinnering2017Voorwaartsch26 april 2019ModestusOnderaan beginne2021

Live-albums Album Utbrocht op Label In de weiSeptimber 1992HKMD.A.D.P.G.S.10 novimber 2003V2 RecordsAndere windDesimber 2004HKMSaus11 oktober 2008RHAM

Kompilaasje-albums Album Utbrocht op't Beste van 2 werelden19 maaie 1999't Beste van 20 joar - Kilomeaters2005Manne van staalJuli 2011

Kategory:Nederlânske folksmuzykband Kategory:Nederlânske popgroep Kategory:Band oprjochte yn 1985 Kategory:Band sjongend yn it Limburchsk