Nothing Else Matters is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1991 en útbrocht op it album Metallica better bekend as The Black Album fan Metallica út 1991. Nothing Else Matters wie it achtste nûmer op it album en waard op 20 april 1992 útbrocht as tredde single fan it album.

Oer it nûmer James Hetfield skreau de tekst fan it nûmer yn 1990 by in toernee, doe 't Hetfield "him ergere dat er net thús wie". Ynearsten wie it net de bedoeling dat it nûmer útbrocht wurde soe, omdat Hetfield it foar himsels skreaun hie, mar nei 't drummer Lars Ulrich it heard hie, kaam it dochs op it album. De fideoclip toant in diel fan de tarieding fan in optreden by in toernee fan Metallica.

Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Jason Newsted - Bas Lars Ulrich – Drums

Ferzje fan Metallica (op S&M)

Yn 1999 trede Metallica twa kear op mei it San Francisco Symphony Orchestra, dizze optredens binne op it album S&M útbrocht. Nothing Else Matters wie de earste single fan dit album. De bylden fan it optreden binne brûkt yn de fideoclip.

Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Lars Ulrich – Drums James Newsted - Bas San Francisco Symphony Orchestra

Cover fan Lucie Silvas

Yn 2005 naam de Britske sjongeres Lucie Silvas Nothing Else Matters op foar har album Breathe In. Nothing Else Matters wie it sechsde nûmer op it album en waard op 4 novimber 2005 útbrocht as fiifde single fan it album. Yn de fideoclip spilet Lucie Silvas yn in yndustriegebiet op in spoarbrêge.

Muzikanten Lucie Silvas – Sang & Piano

Cover fan Iris Kroes

Yn de winter fan 2011-2012 die sjongeres Iris Kroes mei oan de twadde edysje fan The Voice of Holland yn de heale finale moast se it nûmer Nothing Else Matters fan Metallica sjonge. It waard nei de útstjoering útbrocht as single en behelle de 16e plak yn de single top 100.

Muzikanten Iris Kroes – Sang & Harp

Kategory:Liet fan Metallica Kategory:Metalliet Kategory:Rockliet Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1992 Kategory:Single út 1999 Kategory:Single út 2005 Kategory:Single út 2012