The Memory Remains is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1996 en útbrocht op it album Reload fan Metallica út 1997. The Memory Remains wie it twadde nûmer op it album en waard op 11 novimber 1997 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer It nûmer giet oer in ferneamde frou dy 't net tajaan wol dat har suksesfolle karriêre foarby is. Se wurdt hast gek by de gedachte en hâldt fêst oan de oantinkens dy 't foar altyd duorje sille as gelok en rom ferfage. De rol fan de ferneamde frou wurd yn it nûmer fertolke troch sjongeres Marianne Faithfull.
Oer de fideoclip Yn de fideoclip foar The Memory Remains, wurdt gebrûk makke fan in surrealistysk konsept fan anty-swiertekrêft, de band spilet op in grutte skommel dat foar in part ûnderstboppe liket te draaien. Underwilens sjongt Marianne Faithfull yn in tsjustere gong en draait se oan de hendel fan in muzykdoaze dy't de skommel liket te bestjoeren.
Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Jason Newsted - Bas Lars Ulrich – Drums
Kategory:Liet fan Metallica Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1997 Kategory:Hardrockliet