King Nothing is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica tusken 1 maaie 1995 en 1 febrewaris 1996, en útbrocht waard op it album Load, fan Metallica út 1996. 'King Nothing wie it fiifde nûmer op it album en waard op 7 jannewaris 1997 útbrocht as fjirde single fan it album.

Oer it nûmer It liet is basearre op it tema "wês foarsichtich mei watsto wolst". De teksten ferbyldzje in man dy't gewoan de kening wêze wol en him nearne oars drok om makket. Dit liedt úteinlik ta syn ûndergong, sa't te sjen is yn "And it all crashes down, and you break your crown". It nûmer begjint mei in basriff dy 't him ûntwikkelet ta de haadriff fan it nûmer.

Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Jason Newsted - Bas Lars Ulrich – Drums

Kategory:Liet fan Metallica Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1997 Kategory:Hardrockliet