Wherever I May Roam is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1991 en útbrocht op it album Metallica better bekend as The Black Album fan Metallica út 1991. Wherever I May Roam wie it fyfde nûmer op it album en waard op 19 oktober 1992 útbrocht as fjirde single fan it album.

Oer it nûmer Wherever I May Roam giet oer it libben op toernee. It negearjen fan wat der om harren hinne barde, groupies, feesten, drugs en sokssawat. Om it toernee oan te kinnen. De fideoklip befettet bylden fan Metallica efter de skermen en by in konsert.

Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Jason Newsted - Bas Lars Ulrich – Drums

Kategory:Liet fan Metallica Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1992 Kategory:Metalliet