Roberto Agustín Miguel Santiago Samuel Trujillo Veracruz (Santa Monica, 23 oktober 1964) is in Amerikaansk bassist. Hy is bekend as de bassist fan Suicidal Tendencies en Metallica. Trujillo en syn mei-bandleden fan Metallica waarden yn 2009 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. Robert Trujillo is de heit fan bassist Tye Trujillo.
Karriêre Robert Trujillo begûn al jong mei muziek meitsjen by feestbands, op syn 19e gie er nei in jazz-cosirvatorium.
Suicidal Tendencies (1989-1995) Trujillo krige bekendheid doe't er yn 1989 Bob Heathcote ferfong as bassist fan de Kalifornyske metalband Suicidal Tendencies. Trujilo brocht fjouwer studio-albums út mei dizze band.
Infectious Grooves (1989-1997) (2013-No) Trujillo is ek in bandlid fan it njonkenprojekt van de sjonger fan Suicidal Tendencies Mike Muir, Infectious Grooves. Ek mei dizze band brocht Robert fjouwer studio-albums út.
Ozzy Osbourne (1996-2003) Nei't er Suicidal Tendencies ferlitten hie waard Trujillo de nije bassist fan de band fan Ozzy Osbourne, as ferfanger fan Bob Daisley. Mei Osbourne brocht er ien studio-album út.
Metallica Yn 2003 die Trujillo wilens in toernee fan Ozzy Osbourne audysje by Metallica dy't nei it útbringen fan it album St. Anger op syk wiene nei in ferfanger foar de yn 2001 opstapte bassist Jason Newsted. Trujillo krige de baan. Dat Ozzy Osbourne moast foar de rest fan it toernee op syk nei in oare bassist as ferfanger fan Trujillo, die waard fûn yn Jason Newsted doe de bassist fan Voivod. Nettsjinsteande dat Trujillo net op it album St. Anger te hearren is, is er al te sjen yn de fideoclips dy't makke binne by de singles fan it album St Anger. Mei Metallica hat Robert oant no ta twa studio-albums útbrocht.
Priveelibben Robert Trujillo waard berne yn Santa Monica, Kalifornje, Amearika, as de soan fan in dosint. Trujillo is boaske mei Chloé sy ha twa bêrn.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Lights...Camera...Revolution!3 july 1990Suicidal TendenciesYou Can't Bring Me Down,Send Me Your Money,Alone,LovelyThe Plague That Makes Your Booty Move...It's the Infectious Grooves9 oktober 1991Infectious GroovesPunk It Up The Art of Rebellion30 juny 1992Suicidal TendenciesNobody Hears,Asleep at the Wheel,I'll Hate You BetterSarsippius' Ark16 febrewaris 1993Infectious GroovesStill Cyco After All These Years15 juny 1993Suicidal TendenciesI Saw Your MommyGroove Family Cyco (Snapped lika Mutha)29 maart 1994Infectious GroovesCousin Randy,Violent & FunkySuicidal for Life14 juny 1994Suicidal TendenciesLove vs. Loneliness,What You Need's a FriendBorracho18 augustus 1999Infectious GroovesDown to Earth16 oktober 2001Ozzy OsbourneGets Me Through,DreamerDegradation Trip18 juny 2002Jerry CantrellAngel EyesDeath Magnetic12 septimber 2008MetallicaThe Day That Never Comes,All Nightmare Long,Broken, Beat & ScarredHardwired... to Self-Destruct18 novimber 2016Hardwired,Moth into Flame,Atlas, Rise!,Now That We're Dead,Spit Out the Bone
As gastmuzikant Single(s) Album Utbrocht yn Mei band Hard Core,Paint It Black (The Rolling Stones cover),Voodoo BrotherBaptizm of Fire1997Glenn TiptonDejar de ser Poder latino1998A.N.I.M.A.L.Demise of Sanity,Life, Birth, Blood, Doom1919 ★ Eternal2002Black Label Society
Kategory:Metallica Kategory:Amerikaansk bassist Kategory:Amerikaansk metalartyst Kategory:Amerikaansk persoan fan Meksikaansk komôf Kategory:Amerikaansk muzikant fan Yndiaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1964