Brühl is in stêd en gemeente yn 'e Rhein-Erft-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen.
Skiednis Brühl krige yn 1285 stedsrjochten.
Sûnt 1567 wie Brühl de offisjele residinsje fan 'e prinsbiskoppen fan Keulen. Nei't oan it ein fan 'e 17e iuw in skeel om 'e macht tusken Keulen en Hannover yn it foardiel fan Hannover einige, waarden de stedsmuorren fan Brühl delhelle. thumb|left|Brühl yn de 17e iuw (Sebastian Furck). Yn 'e 18e iuw liet prinsbiskop Klemens August in âld kastiel ferfange troch de barokke paleizen Augustusburg en Falkenlust. Hjoed-de-dei steane de gebouwen ynskreaun op 'e list fan it wrâlderfskip fan UNESCO. Oant de Dútske ienwurding brûkte it federale regear fan West-Dútslân de Augustusburg om bûtenlânske steatshaden te ûntfangen.
De stêd waard al yn 1942 bombardearre, mar yn 1944 folge in swierder bombardemint dat it súdlike stedsgebiet foar in grut part ferneatige. By it bombardemint kamen 180 minsken om. Op 7 maart 1945 kaam der foar de ynwenners fan Brühl in ein oan 'e Twadde Wrâldkriich doe't de Amerikaanske troepen de stêd oermasteren. Fan 'e joadske mienskip fan Brühl binne 65 minsken deportearre en ombrocht.
Op snein 6 febrewaris 2000 fûn op it stasjon in slim treinûngelok plak. In trein út Amsterdam nei Basel ûntspoarde en ried mei hege faasje oer in trajekt, dêr't net hurder as 40 kilometer yn 't oere tastien wie. By it ûngelok kamen njoggen reizgers om, wylst 52 minsken slim ferwûne rekken.Reformatorysk Deiblêd, 7 febrewaris 2000
Stedsferdieling thumb|left|Gemeenteyndieling Brühl. De gemeente Brühl is te ferdielen yn 'e folgjende stedsdielen:
Badorf (mei Eckdorf en Geildorf) De kearnstêd Brühl (Nord-, Ost-, Süd-, West- en Mitte) Heide Kierberg Pingsdorf Schwadorf Vochem
It besjen wurdich Augustusburg en Falkenlust yn Brühl hearre ta de wichtichste barokke en rokoko bouwurken yn Dútslân. Sûnt 1984 steane de slotten op de UNESCO-list fan it wrâlderfgoed. It yn 2005 iepene Max Ernst Museum is in museum mei surrealistyske keunst fan de yn Brühl berne Max Ernst en oare moderne keunst. Phantasialand
Keppeling om utens Max Ernst Museum Brühler Museumsinsel Phantasialand
Ofbylden
Kategory:Plak yn Noardryn-Westfalen Kategory:Gemeente yn Noardryn-Westfalen