Kirk Lee Hammett (San Francisco, 18 novimber 1962) is in Amerikaansk gitarist. Hy is bekend as de gitarist fan Metallica en mei oprjochter fan Exodus. Hammett en syn mei-bandleden fan Metallica waarden yn 2009 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.
Karriêre Exodus (1979–1983) Hammet begûn op syn fyftjinde mei gitaarspyljen. Hy wie sechstjin doe't er mei sjonger Paul Baloff, gitarist Tim Agnello, bassist Geoff Andrews en drummer Tom Hunting de trashmetalband Exodus oprjochte. Mei dizze band naam er twa demo's op.
Metallica Yn 1983 reizge Metallica nei de eastkust om har debútalbum Kill ' Em All op te nimmen. Fanwegen syn ferslaving oan drugs en alkohol waard gitarist Dave Mustaine, koart nei harren oankomst by de studio's ûntslein. Hammett waard op 1 april 1983 skille troch Metallica en fleach op 11 april nei New York foar in audysje. Dit wie mei súkses want Hammett waard daalks oannaam. Hammett hat in tal riffs skreaun foar Metallica sûnt Ride the Lightning. Yn 1986 ferûngelokke bassist Cliff Burton, wilens it Jeropeeske part fan de Damage, Inc. toernee, ta promoasje fan it album Master of Puppets. Kirk Hammet hat it hjir noch altyd dreech mei om't hy eins yn it bêd sliepe soe dêr't Burton yn lei. Yn 2015 ferlear Hammet krekt foar de opnamen fan it album Hardwired... to Self-Destruct syn tillefoan, dêr't er de troch him betochte riff op opslein hie. Dit hie ta gefolch dat der gjin riffs fan Hammett sels op it album steane.
Priveelibben Kirk Hammet groeide op yn it Kalifornyske El Sobrante, as soan fan in seeman. Hammet is in grut leafhawwer fan horrorfilms. Hammet is twa kear troud. Syn earste houlik mei Rebecca kaam wilens de opnamen fan The Black Album oan in ein. Yn 1998 boaske er mei Lani mei har hat er twa soannen.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Kill 'Em All25 july 1983MetallicaWhiplash,Jump in the FireRide the Lightning27 july 1984Fade to Black,Creeping Death,For Whom the Bell TollsMaster of Puppets3 maart 1986Master of Puppets...And Justice for All6 septimber 1988Harvester of Sorrow,Eye of the Beholder,OneMetallicaThe Black Album12 augustus 1991Enter Sandman,The Unforgiven,Nothing Else Matters,Wherever I May Roam,Sad but TrueLoad4 juny 1996Until It Sleeps,Hero of the Day,Mama Said,King NothingReload18 novimber 1997The Memory Remains (ft. Marianne Faithfull),The Unforgiven II,Fuel,Better Than YouGarage Inc.24 novimber 1998Turn the Page (Bob Seger cover),Whiskey in the Jar,Die, Die My Darling (Misfits cover)St. Anger5 juny 2003St. Anger,Frantic,The Unnamed Feeling,Some Kind of MonsterDeath Magnetic12 septimber 2008The Day That Never Comes,All Nightmare Long,Broken, Beat & ScarredHardwired... to Self-Destruct18 novimber 2016Hardwired,Moth into Flame,Atlas, Rise!,Now That We're Dead,Spit Out the Bone
As gastmuzikant Single(s) Album Utbrocht yn Mei band Salt the Wound Blood In, Blood Out2014ExodusHeart and SoulResurrection2018Michael Schenker Fest
Kategory:Metallica Kategory:Amerikaansk gitarist Kategory:Amerikaansk metalartyst Kategory:Persoan berne yn 1962