David Scott Mustaine (La Mesa, 13 septimber 1961) is in Amerikaansk sjonger en gitarist. Hy is bekend as de oprjochter fan Megadeth.

Karriêre Panic Panic wie de earste band fan Mustaine. Mar nei it twadde optreden fan band rekken hja belútsen by in auto-ûngelok sawol de drummer en in lûdsman kamen hjirby om it libben. Dit wie it ein fan Mustaine syn earste band.

Metallica (1981-1983) Dave Mustaine wie yn 1981 de orzjinele gitarist fan Metallica. Mustaine had mei Metallica yn 1982 de demo No Life 'til Leather opnaam. Yn 1983 reizge Metallica nei de eastkust om har debútalbum Kill 'Em All op te nimmen. Fanwegen syn ferslaving oan drugs en alkohol waard gitarist Dave Mustaine, koart nei harren oankomst by de studio's ûntslein. Mustaine is al ien fan de skriuwers fan in tal Metallica nûmers op de earste twa albums fan Metallica. Bekende nûmers op it albums fan Metallica dy't Mustaine mei-skreaun hat, binne Jump in the Fire, Phantom Lord, Metal Militia, The Four Horsemen en Ride the Lightning.

Megadeth As reaksje op syn ûntslach rjochte Mustaine yn de simmer fan 1983 de band Megadeth op. Yn 1985 kaam it debútalbum Killing Is My Business... and Business Is Good! út. Mei Megadeth hat Mustaine yntusken fyftjin studioalbums en seis live-albums útbrocht.

Priveelibben Mustaine waard berne yn La Mesa, Kalifornje, Amearika, as de tredde yn in gesin fan trije, syn heit hie in jierrenlang drankprobleem en syn alden giene dêrtroch ek út inoar doe't Dave fjouwer jier âld wie. Ek Dave Mustaine had problemen mei ferslavingen neffens eigen sizzen had er mear as santjin kear opnaam west yn in ôfkicksintra. Mustaine boaske yn 1991 mei Pamela Anne Casselberry mei har hat er twa bêrn. Dave Mustaine waard grutbrocht as Jehova's Tsjûge, tsjintwurdich is er in oertsjoege Wederberte Kristen, dit had grutte ynfloed op syn priveelibben mar ek op syn band Megadeth.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Killing Is My Business...and Business Is Good!12 juny 1985MegadethPeace Sells...but Who's Buying?19 septimber 1986Peace Sells,Wake Up DeadSo Far, So Good...So What!19 jannewaris 1988Anarchy in the U.K.,Mary JaneRust in Peace24 septimber 1990Holy Wars... The Punishment Due,Hangar 18Countdown to Extinction14 july 1992Symphony of Destruction,Foreclosure of a Dream,Sweating Bullets,Skin o' My TeethYouthanasia31 oktober 1994Train of Consequences,A Tout le MondeThe Craving23 july 1996MD.45Cryptic Writings17 juny 1997MegadethTrust,Almost Honest,Use the Man,A Secret PlaceRisk31 augustus 1999Crush 'Em,Breadline,InsomniaThe World Needs a Hero15 maaie 2001Moto Psycho,Dread and the Fugitive MindThe System Has Failed14 septimber 2004Die Dead Enough,Of Mice and Men,The ScorpionUnited Abominations15 maaie 2007À Tout le Monde (Set Me Free)Endgame15 septimber 2009Head Crusher,The Right to Go InsaneThirteen1 novimber 2011Sudden Death,Public Enemy No. 1,Whose Life (Is It Anyways?)Super Collider4 juny 2013Super ColliderDystopia22 jannewaris 2016Fatal Illusion,The Threat Is RealThe Sick, the Dying... and the Dead2022

As gastmuzikant Single(s) Album Utbrocht yn Mei bandLicense to Kill,Chain Gang Woman License to Kill1987MaliceTruckin' Death and Progress1993Diamond HeadWhite Rabbit (Jefferson Airplane cover)Refuge Denied1988Sanctuary

Kategory:Metallica Kategory:Amerikaansk gitarist Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk metalartyst Kategory:Persoan berne yn 1961