Fade to Black is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1984 en útbrocht op it twadde album fan Metallica Ride the Lightning 1984. Fade to Black wie it fjirde nûmer op it album en waard op 30 septimber 1984 útbrocht as earste single fan it twadde album.

Oer it nûmer Fade to Black giet oer in ik-persoan dy 't it libben net mear sitten sjocht en himsels tekoart dwaan wol. Fanwegen it selsmoardtema kaam it nûmer yn opspraak. It nûmer wurdt ynlaat troch in gefoelige gitaarsolo. De sang fan Hetfield wikselet ôf fan rêstich oant oerdwealsk. It nûmer wurdt ôfsletten mei in gitaarsolo.

Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Cliff Burton - Bas Lars Ulrich – Drums

Kategory:Liet fan Metallica Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1984 Kategory:Metalliet