First Blood is in Amerikaanske aksjefilm út 1982 ûnder rezjy fan Ted Kotcheff, mei yn 'e haadrol Sylvester Stallone en yn 'e wichtichste byrollen Richard Crenna en Brian Dennehy. De titel betsjut "[It] Earste Bloed", mar de film waard bekender as Rambo, nei de namme fan 'e haadpersoan. Letter waard er sadwaande omneamd ta Rambo: First Blood. It ferhaal giet oer John Rambo, in traumatisearre kommando út it Amerikaanske Leger en feteraan út 'e Fjetnamoarloch, dy't op syn omdoarmings yn in lyts plakje op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Washington bedarret. Dêr wurdt er troch de pleatslike sheriff foar in liddichgonger, omrinner en ûnrêststoker holden, en sûnder jildige reden arrestearre. Nei't er mishannele wurdt troch de helpsheriffs wit Rambo te ûntsnappen nei de wyldernis. De sheriff en syn mannen begjinne in klopjacht op him, dy't útrint op in dramatyske konfrontaasje. First Blood krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses. Dat joech oanlieding ta it ûntstean fan 'e mediafranchise Rambo, dy't û.m. fjouwer ferfolchfilms en in tekenfilmsearje omfettet. It direkte ferfolch op First Blood wie de film Rambo: First Blood Part II, út 1985.

Plot Sân jier nei't er earfol ûntslach krigen hat út it Amerikaanske Leger, reizget John Rambo, in feteraan út 'e Fjetnamoarloch dy't lijt oan in swiere foarm fan posttraumatysk stress-syndroom, geandefoets troch it Noardwesten fan 'e Feriene Steaten om Delmar Barry op te sykjen, in âlde legermaat fan sines. As er it wenplak fan Barry berikt, wurdt him lykwols ferteld dat syn maat it foargeande jiers ferstoarn is oan kanker, dêr't er mei oanhelle rekke is troch bleatstelling oan it ûntblêdingsmiddel Agent Orange yn 'e oarloch.

Dat nijs rekket Rambo bot, en hy beseft dat hysels no de lêste oerlibbene fan syn militêre ienheid is. Hy reizget fierder en bedarret sa yn it lytse plakje Hope, yn 'e Amerikaanske steat Washington. Dêr wurdt er daliks ûnderskept troch de pleatslike sheriff, Will Teasle, dy't him oansjocht foar in liddichgonger, omrinner en ûnrêststoker. Teasle wol sa'nent net yn Hope hawwe. Hy freget Rambo wêr't er hinne sil, en dy antwurdet dat er ûnderweis is nei Portland (Oregon). Hy biedt Rambo in lift oan, en as Rambo freget wêr't er in kafetaria fine kin om oan te stekken, seit Teasle dat der 30 myl fierderop bylâns de autosnelwei wol sa'n gelegenheid is. Hy riidt Rambo werom nei de grins fan 'e beboude kom, set him dêr út 'e auto en fertelt him dat er rjochtút oanhâlde moat om yn Portland te kommen.

Rambo, dy't in miel en in sliepplak hawwe moat, keart om en giet Hope wer binnen. Dêrop wurdt er troch Teasle arrestearre op beskuldiging fan skoaierij, ferset tsjin arrestaasje en it besit fan in ferburgen jachtmês. Sa belânet Rambo yn 'e sel fan it pleatslike plysjeburo, dêr't er dy nachts mishannele wurdt troch de helpsheriffs ûnder lieding fan 'e sadistyske haadhelpsheriff Art Galt. By Rambo wekket dy behanneling flashbacks op nei de martelings dêr't er it slachtoffer fan wurden is yn 'e tiid dat er yn in kriichsfinzenekamp yn Noard-Fjetnam fêstholden waard. As de helpsheriffs besykje him te drûchskearen mei in skearmês, wurdt Rambo harren oermânsk, pakt syn jachtmês werom en fjochtet him in wei út it plysjeburo. Bûtendoar stelt er in motorfyts en ûntflechtet Hope om beskûl te sykjen yn 'e omlizzende wyldernis fan tuskenbeiden reinwâld.

Sheriff Teasle organisearret de oare moarns in syktocht, wêrfoar't er syn helpsheriffs bewapenet mei mitrailleurs. Ek set er speurhûnen en in helikopter yn. Galt, dy't as passazjier meifljocht yn 'e helikopter, merkt Rambo op as dyselde by in rotswand del klimt. Hoewol't er fan Teasle opdracht krigen hat om inkeld te sjitten út selsferdigening, besiket Galt Rambo út 'e helikopter wei dea te sjitten. Dêrtroch wurdt Rambo twongen om 'e rest fan wei nei ûnderen te springen. Hy komt yn 'e tûken fan in beam del, wêrby't er syn iene earm ferwûnet. As Galt oanhâldt mei sjitten, bekûgelet Rambo de helikopter mei syn oare earm mei in stien, dy't it foarrút rekket. De piloat skrikt dêr sa fan dat er eefkes de macht oer syn tastel ferliest, wat in skokkende beweging feroarsaket. Galt, dy't syn feilichheidsharnas ôfdien hat om better rjochtsje te kinnen, kneppelet dêrtroch út 'e helikopter en falt te pletter op 'e rotsen.

As sheriff Teasle koarte tiid letter boppe-oan it klif arrivearret en mei de fierrekiker it lyk yn 'e djipte identifisearret as Art Galt, nimt er daliks oan dat Rambo de helpsheriff sûnder oanlieding fermoarde hat en swart er wraak. Rambo besiket him út 'e fierte wei derfan te oertsjûgjen dat de dea fan Galt in ûngemak wie en dat er inkeld wol dat se him gewurde litte, mar Teasle en syn oare helpsheriffs iepenje it fjoer. Hoewol't Teasle ûnderwilens ynformaasje kriget dat Rambo in eardere kommando is dy't as oarlochsheld de Medal of Honor ûntfongen hat, wegeret er de jacht op 'e fuortflechtige oer te dragen oan 'e Steatsplysje fan Washington. As hy en syn mannen Rambo efterfolgje yn it wâld, docht bliken dat dyselde in ekspêr is yn guerrilja-oarlochstaktiken, wêrmei't er de helpsheriffs ien foar ien op pynlike mar net fatale wize útskeakelet oant inkeld Teasle sels noch oer is. Rambo falt de sheriff oan, oermasteret him en set him syn jachtmês op 'e kiel. Hy byt him ta dat er him en syn mannen allegearre mei gemak deameitsje kinne hie en driget him "in oarloch sa'tst dy net foarstelle kinst" te jaan as se him net gewurde litte.

Neitiid draacht de ûntnoftere Teasle de brot einlings oer oan 'e Steatsplysje en de Nasjonale Garde fan Washington. Kolonel Sam Trautman, dy't yn 'e oarloch Rambo syn befelfierend ofsier wie, wurdt derby helle as adviseur. Dyselde befêstiget dat Rambo ien fan 'e bêsten is mei guerriljataktiken en oerlibjen yn 'e wyldernis. Neffens him is it dêrom net te dwaan om 'e feteraan yn it wâld op te spoaren. Ynstee rikkemandearret er oan om Rambo ûntkomme te litten en sa de sitewaasje te ûntsenuwjen, wêrnei't Trautman him letter, as er wat kalmearre is, beprate sil om him freedsum oer te jaan. Teasle, dy't syn fernedering yn it wâld noch net fergetten is en dy't boppedat troch de oankomst fan alle fersterkings nije moed fet hat, wegeret dêroan mei te wurkjen. Hy stiet wol ta dat Trautman besiket kontakt te lizzen mei Rambo fia in portofoan dy't dyselde by syn ûntsnapping stellen hat, mei de oprop om him no fuortendaliks oer te jaan. Rambo, dy't de stim fan Trautman werom ken, antwurdet op dy oprop dat Teasle-en-dy him tenei kommen binne en net oarsom, en dat sy "de earste ferwûning tabrocht" hawwe (yn it Ingelsk: drawn the first blood). Dêrop ferbrekt er de ferbining en wegeret noch fierder te praten.

Wylst er troch de besingeling besiket te glûpen, wurdt Rambo sjoen troch in jonkje dat yn it wâld op jacht is. Hy oermasteret it bern, mar wegeret it kwea te dwaan. It jonkje alarmearret de autoriteiten, dy't Rambo sadwaande wer op 'e hakken komme te sitten. In ienheid fan 'e Nasjonale Garde slút him yn in ferlitte myn yn. Harren befellen yn 'e wyn slaand bestoke de gardisten de yngong fan 'e myn mei in raket, sadat dy ynstoart. Men giet derfan út dat Rambo dêrby omkommen is, hoewol't Trautman warskôget dat soks ûnwierskynlik is. Rambo hat it yndie oerlibbe en ferlit de myn fia in oare yngong. Hy kaapt in frachtwein dy't brûkt wurdt om in M60-masinegewear nei de besingelers te bringen en riidt dêrmei nei Hope ta. Om syn efterfolgers ôf te lieden blaast er it pleatslike benzinestasjon op, sabotearret er de enerzjyfoarsjenning fan it doarp en fernielt er in wapenwinkel fuortby it plysjeburo. Trautman, dy't wol foar it ferstân hat dat Teasle net tsjin Rambo opwoeksen is, besiket de sheriff op 'e nij te bepraten om Rambo gewurde te litten, mar wer wurdt syn goerie yn 'e wyn slein.

Teasle bejout him nei it dak fan it plysjeburo, dêr't er Rambo wei deasjitte wol mei in jachtgewear. Rambo wurdt him dêr gewaar en komt him tenei. De beide mannen reitsje behelle yn in koarte sjitpartij, en harren konfrontaasje einiget as Teasle rekke wurdt en troch in skylight it gebou yn falt. As Rambo risselwearret om 'e sheriff dea te meitsjen, komt Trautman tuskenbeiden en warskôget Rambo dat er úteinlik net tsjin 'e oermacht op kinne en deade wurde sil as er him net oerjout. As er Rambo tebinnen bringt dat er de iennichste oerlibbene fan syn ienheid is, stoart de feteraan yn en fertelt gûlend oer syn traumatyske ûnderfinings: hoe't er tasjen moatten hat doe't syn freonen yn Fjetnam deade waarden, hoe't er werom yn 'e Feriene Steaten gjin baan behâlde koe fanwegen syn posttraumatysk stress-syndroom, hoe't der op him delsjoen wurdt troch syn lânslju en hoe't alle opofferings dy't er foar syn lân dien hat, om 'e nocht en fergetten binne. Neitiid wurdt Teasle ôffierd nei it sikehûs, wylst Rambo him op oantrúnjen fan Trautman oerjout oan 'e autoriteiten.

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise John Rambo Sylvester Stallone kolonel Sam Trautman Richard Crenna sheriff Will Teasle Brian Dennehy

byrollen personaazje akteur/aktrise kaptein Dave Kern Bill McKinney helpsheriff Art Galt Jack Starrett helpsheriff Balford Michael Talbott helpsheriff Ward Chris Mulkey Orval Kellerman John McLiam helpsheriff Lester Alf Humphreys helpsheriff Mitch Rogers David Caruso helpsheriff Shingleton David L. Crowley helpsheriff Preston Don MacKay luitenant Clinton Morgan Patrick Stack

Produksje en distribúsje Produksje First Blood is basearre op 'e roman First Blood, fan skriuwer David Morrell, út 1972. De filmrjochten dêrop waarden datselde jiers noch foar $175.000 oankocht troch filmstudio Columbia Pictures. Om't op dat stuit de Fjetnamoarloch noch geande wie, rûn it mei de ferfilming yn 't earstoan op 'e non. Nei't de rjochten fan Columbia ferrûn wiene, waarden de filmrjochten foar $125.000 oankocht troch Warner Bros. It idee wie om Robert De Niro of Clint Eastwood de rol fan John Rambo spylje te litten.

Der waard in senario skreaun troch Walter Newman, en nei't Martin Bregman as regisseur oanlutsen wie, liet dy in nij senario skriuwe troch David Rabe. Bregman ferliet it projekt lykwols al rillegau wer en nei him wiene efterinoar Mike Nichols, John Badham en John Frankenheimer yn byld as regisseur. Underwilens waard yn 1977 in trêde senario skreaun, diskear troch Michael Kozoll en William Sackheim. Yn 1981 kocht filmstudio Carolco Pictures de filmrjochten op 'e roman foar $375.000 oer fan Warner Bros. wylst de rjochten op it senario fan Kozoll en Sackheim foar $125.000 oernommen waarden.

Neitiid waard Ted Kotcheff, dy't yn 1976 ek al koart by de mooglike ferfilming fan 'e roman fan Morrell belutsen west hie, oansteld as regisseur. As produsint wie Buzz Feitshans by it projekt belutsen foar de filmstudio's Carolco Pictures en Anabasis Investments. Hy ferfong Ed Carlin, dy't in hertoanfal krige doe't de opnamen al úteinset wiene. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Laszlo, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith.

Casting Foar de rol fan John Rambo waarden yn in ier stadium Robert De Niro en Clint Eastwood yn omtinken nommen. Letter passearren û.m. Robert Mitchum, Paul Newman, Steve McQueen, John Travolta, Powers Booth, Al Pacino, Michael Douglas, Nick Nolte en Brad Davis de revu foar't úteinlik de kar op Sylvester Stallone foel.