Death Magnetic is it njoggende studio-album fan Metallica. It album waard opnommen fan 14 maart 2007 oant en mei 22 maaie, 2008 yn de eigen studio's fan Metallica yn San Rafael, de Shangri-La studio's yn Malibu en de Sound City studio's yn Los Angeles, Kalifornje en waard pear moanne letter op 12 septimber 2008 útbrocht. It wie it earste album fan Metallica mei bassist Robert Trujillo earder fan Suicidal Tendencies. It doel wie om dit album op 12 septimber út te bringen, mar trochdat der in winkel wie dy't al op 2 septimber begûn mei de ferkeap fan it album, wat in protte yllegale kopyen ta gefolch hie, waard it album úteinlik op 10 septimber offisjeel útbrocht. It album markearret in definityf weromkommen nei it progressive thrashmetal-lûd fan de earste fjouwer albums fan de band. It album kaam op nûmer ien binnen yn de Nederlânske Album top 100.
Spyllist nû. titel skriuwers doer1.That Was Just Your LifeJames Hetfield, Lars Ulrich, Kirk Hammett en Robert Trujillo7:082.The End of the LineHetfield, Ulrich, Hammett en Trujillo7:523.Broken, Beat & ScarredHetfield, Ulrich, Hammett en Trujillo6:254.The Day That Never ComesHetfield, Ulrich, Hammett en Trujillo7:565.All Nightmare LongHetfield, Ulrich, Hammett en Trujillo 7:576.CyanideHetfield, Ulrich, Hammett en Trujillo6:397.The Unforgiven IIIHetfield, Ulrich, Hammett en Trujillo7:468.The Judas KissHetfield, Ulrich, Hammett en Trujillo8:009.Suicide & RedemptionHetfield, Ulrich, Hammett en Trujillo9:5710.My ApocalypseHetfield, Ulrich, Hammett en Trujillo5:01
Singles titel skriuwers doer utbrochtThe Day That Never ComesJames Hetfield, Lars Ulrich, Kirk Hammett en Robert Trujillo7:5621 augustus 2008All Nightmare LongHetfield, Ulrich, Hammett en Trujillo 7:5715 desimber 2008Broken, Beat & ScarredHetfield, Ulrich, Hammett en Trujillo6:253 april 2009
Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Lars Ulrich – Drums Robert Trujillo - Bas
Kategory:Album fan Metallica Kategory:Ingelsktalich album Kategory:Album út 2008 Kategory:Metalalbum