Highlander is in Britske fantasy-aksje-aventoerefilm út 1986 ûnder rezjy fan Russell Mulcahy, mei yn 'e haadrollen Christopher Lambert en Roxanne Hart. De titel betsjut "Heechlanner", en ferwiist nei de haadpersoan, dy't ôfkomstich is út 'e Skotske Heechlannen. It ferhaal giet oer Connor MacLeod, in man dy't yn 1518 berne waard. Hy is ien fan 'e Unstjerliken, dy't inkeld ombrocht wurde kinne troch ûnthalzing. Ferburgen foar de rest fan 'e wrâld fjochtsje hja in temûke ûnderlinge striid út, mei't der úteinlik mar ien fan harren oerbliuwe kin. Yn 1985 komt dy striid yn New York ta in hichtepunt. Foar de plysje liket it as is der in searjemoardner aktyf dy't syn slachtoffers ûnthalzet. Forinzysk analiste Brenda Wyatt komt MacLeod op it spoar.
Fan 'e filmkritisy krige Highlander mingde resinsjes. Yn 'e bioskopen hie de film net folle súkses, mei as gefolch dat de produksje in oansjenlik ferlies litte. Nettsjinsteande dat ûntjoech Highlander him al rillegau ta in cultfilm, mei in grutte en trouwe skare fans. Dat joech oanlieding ta it ûntstean fan 'e Highlander-mediafrachise, mei trije ferfolchfilms en adaptaasjes ta ferskate oare media. De hit Who Wants to Live Forever fan 'e band Queen makke diel út fan 'e soundtrack fan Highlander. It biedwurd fan 'e film, There can be only one ("Der kin mar ien wêze"), is tige bekend wurden en makket no ûnderdiel út fan 'e Westerske popkultuer.
Plot Yn 1985 wurdt Connor MacLeod yn 'e parkearkelder ûnder it stadion Madison Square Garden yn New York oanfallen troch in âlde fijân, Iman Fasil. De mannen fjochtsje op dat ferlitten plak in duël mei swurden út, dat einiget as MacLeod op 'e langelêst Fasil de holle ôfslacht. De dea fan Fasil lokket in krêftich frijkommen fan enerzjy út dat 'de Ferkwikking' hjit en in grut tal parkearre auto's fernielt. Neitiid ferstoppet MacLeod syn swurd yn it plafon fan 'e parkearkelder. As er fuortgiet, wurdt er oanholden troch plysjeminsken fan it New York Police Department (NYPD), dy't him ûnderfreegje wolle yn ferbân mei it ûnthalze lyk dat ûnderwilens yn yn 'e parkearkelder oantroffen is. Omreden fan gebrek oan bewiis hat ynspekteur Frank Moran, dy't de lieding oer it ûndersyk hat, lykwols gjin oare kar as om MacLeod gean te litten.
De libbensskiednis fan MacLeod wurdt tusken de foarfallen yn 1985 troch ferteld yn in rige flashbacks. MacLeod, dy't yn 1518 yn Glenfinnan yn 'e Skotske Heechlannen berne waard as in lid fan 'e Clan MacLeod, nimt yn 1536 mei achttjin jier foar it earst diel oan in fjildslach as de MacLeods yn oarloch reitsje mei de Clan Fraser. Oan 'e kant fan 'e Frasers fjochtet in útlânske kriger mei, de Kurgan, dy't harren helpt yn ruil foar de kâns om Connor MacLeod deadzje te kinnen. De ûnbelearde MacLeod is in maklike proai foar de Kurgan, dy't him in fatale stekwûne tabringt. Ear't er MacLeod lykwols ûnhalzje kin, wurdt er by de ferwûne jongfeint wei skuord troch MacLeod syn neven en maten Dougal en Angus.
Dyselden bringe MacLeod wer thús by syn faam Kate. Dêr wurdt fêststeld dat er foar de dea opskreaun is, mar dochs komt MacLeod net te ferstjerren. Ynstee betteret er op ûnferklearbere wize wer op. Sels achtet er him lokkich, mar de oare clanleden ornearje dat er in pakt mei de duvel sletten hawwe moat. Kate, wa har leafde omslacht yn haat, fiert dejingen oan dy't MacLeod op 'e brânsteapel bringe wolle om him terjocht te stellen, en ek Dougal wol him dea hawwe. Angus, dy't it clanhaad is, leit dêr lykwols it near op en rêdt it libben fan MacLeod troch him te ferbaljen. MacLeod doarmet in skoft troch de Heechlannen oant er kunde kriget oan in jonge frou, Heather MacDonald, mei wa't er trout. MacLeod wurdt smid en set him mei syn oarehelte nei wenjen yn 'e ruïne fan in âlde stins.
Yn 1541 wurdt MacLeod opspoard troch in man dy't him foarstelt as Juan Sánchez-Villalobos Ramírez, de oppermetallurch fan kening Karel V fan Spanje, dy't syn âlde fijân de Kurgan nei Skotlân ta folge is. Dyselde fertelt dat er 2.437 jier âld is en dat er yn 896 f.Kr. berne is yn it Alde Egypte. Hy leit oan MacLeod út dat sy beiden, de Kurgan en ferskate oaren berne binne as ûntsjerliken, en dat se inkeld deagean kinne as se ûnthalze wurde. Neffens Ramírez binne sokke Unstjerliken foarbestimd om inoar oeral en altyd te befjochtsjen, útsein op wijde grûn, dêr't soks ferbean is. Alle Unstjerliken leauwe dat der úteinlik mar ien fan harren oerbliuwe kin, en dat de lêsten fan harren meitiid oanstriid fiele sille om har nei in fier lân te bejaan foar de Gearkomste, dêr't se duëllearje sille oant de lêst oerbleaune de Priis ûntfangt, dy't bestiet út 'e macht fan alle Unstjerliken út alle tiden.
Ramírez nimt de tiid om MacLeod te trainen en wurdt syn mentor. Dat docht er om't er fan betinken is dat in boasaardige Unstjerlike, lykas de Kurgan, de Priis net winne mei, want soks soe de minskheid yn in ivichheid fan tsjuster en ellinde stoarte. De Kurgan, sa fertelt Ramírez, is in lid fan it lang ferdwûne barbaarske folk mei deselde namme, dat yn 'e prehistoarje op 'e Pontysk-Kaspyske Steppe wenne. Meitiid wurde MacLeod en Ramírez freonen. Op in jûn, as MacLeod fan hûs is, kringt de Kurgan de stinsruïne binnen. Hy en Ramírez fjochtsje in duël út, dat einiget as Ramírez belies jaan moat en ûnthalze wurdt. Neitiid ferkrêftet de Kurgan Heather yn 'e oertsjûging dat hja de frou fan Ramírez is. Heather hâldt dat tenei stil foar MacLeod.
Ramírez hat ek ferteld dat Unstjerliken steryl binne. Dat betsjut dat it houlik fan MacLeod en Heather sûnder gjin bern bliuwt. Ramírez hie der sterk by MacLeod op oantrune om Heather te ferlitten, en neigeraden dat de jierren ferstrike, docht bliken wêrom. Want wylst Heather stadichoan fertiget ta in ronfelich en krebintich âldwyfke, bliuwt MacLeod like jong en sûn as er wie doe't er foar it earst de Kurgan befocht. Nei't Heather úteinlik fan âlderdom ferstjert, ferlit MacLeod it plak dêr't se tegearre wennen en begjint er in omdoarmjend bestean. Dêrby nimt er as swurd de katana fan Ramírez, dy't yn 593 f.Kr. troch Ramírez syn lêste skoanheit, in geniale Japanske wapensmid, smeid is.
Yn 1985 fynt einlings de Gearkomste plak, wêrby't de noch mar in pear oerbleaune Unstjerliken in ûnbedimbere oanstriid fiele om nei New York te gean. De Kurgan arrivearret dêr en nimt syn yntrek yn in suterich hoteltsje. MacLeod wennet al sûnt 1703 yn New York, dêr't er op 't heden libbet ûnder de skûlnamme Russell Nash. Der is mar ien libbene persoan dy't wit wa't (en wat) er echt is, en dat is syn no op jierren reitsjende oannommen dochter Rachel Ellenstein, dy't MacLeod as jong Joadsk famke yn 'e Twadde Wrâldoarloch fan 'e nazys rêden hat. By it plysje-ûndersyk nei de dea fan Fasil yn 'e parkearkelder ûnder Madison Square Garden rekket lykwols forinzysk analiste Brenda Wyatt belutsen, dy't in ekspêr op it mêd fan metallurgy is. Hja ûntdekt yn 'e parkearkelder minuskule stikjes stiel fan in Japanske katana sa't dy makke waard yn 'e Midsiuwen, mar it metaal datearret fan likernôch 600 f.Kr.
Dat lit har net los, dat se set útein mei in eigen ûndersyk bûten de wittenskip fan 'e plysje om, dat har nei Nash (MacLeod) liedt. Hja is tsjûge fan in gefjocht tusken him en de Kurgan, dat ôfbrutsen wurdt as de mannen de oandacht lûke fan in plysjehelikopter. Wyatt ûntdekt dat de echte 'Russell Nash' in oerwûn bern wie, dat koart nei de berte ferstoar. Undersyk yn argiven bringt oan it ljocht dat de wente fan Nash sûnt it begjin fan 'e achttjinde iuw oan ien wei troch yn it besit west hat fan in hiele rige persoanen dy't eins bern wiene dy't koart nei de berte ferstoaren. Analyze fan 'e hantekenings yn aktes wiist fierders út dat al dy persoanen persiis itselde hanskrift hiene. Wyatt begjint stadichoan te fermoedzjen dat it om ien en deselde persoan giet. Mei dat soarte ideeën kin se net by de plysje oankomme, dat ynstee siket se neieroankommen ta Nash om mear te witten te kommen oer it anagronistyske swurd. Ek spilet mei dat se har seksueel ta him oanlutsen fielt. MacLeod hat ek belangstelling foar Wyatt, mar hy is wisberet dat him net wer itselde oerkomme sil as mei Heather, dat hy makket har dúdlik dat se him gewurde litte moat.
Yn Central Park moetet MacLeod in oare Unstjerlike, de negroïde Sunda Kastagir, dy't in âlde freon fan him is. Nei't de beide mannen útinoar geane, treft de Kurgan Kastagir dy jûns yn in steechje, dêr't se in duël útfjochtsje dat einiget mei de dea fan Kastagir. It barren wurdt sjoen troch Kirk Matunas, in emosjoneel labile feteraan út 'e Fjetnamoarloch, dy't troch de Kurgan oan syn swurd reaun wurdt, mar syn ferwûnings oerlibbet. Hy fertelt ynspekteur Moran en resjersjeur Bedsoe wat er sjoen hat, de útbarsting fan enerzjy nei de ûnthalzing fan Kastagir ynbegrepen, mar de plysjeminsken leauwe him net. Op 'e jierdei fan Heather brânt MacLeod in kjerske foar har yn in roomske tsjerke, sa't er alle lange jierren sûnt har ferstjerren dien hat. De Kurgan siket him op yn tsjerke en flústeret MacLeod ta dat sy beiden no de lêst oerbleaune Unstjerliken binne. Om MacLeod op it sear te kommen, hellet er oantinkens op oan syn duël mei en moard op Ramírez, wêrby't er ek fertelt dat er fuort neitiid Ramírez syn frou ferkrêfte hat. MacLeod begrypt dan dat er Heather bedoele moat en dat sy dat mei sin foar him ferburgen holden hat. Om't se lykwols op wijde grûn ferkeare, kin er de Kurgan hjirre net befjochtsje. Ynstee jout er him oerstjoer ôf.
As Wyatt neitiid wer by MacLeod thús oan 'e doar komt, beseft er einlings dat se it net oerjaan sil. Dat hy nûget har deryn en fertelt har hoe't it mei him sit. Tajaand oan 'e dúdlike oantrekking dy't der tusken har bestiet, reitsje se mei-inoar op bêd. Neitiid seit MacLeod lykwols dat it neat tusken harren wurde kin en leit er ek út wêrom net. As Wyatt wêr thús komt, wurdt se dêr opwachte troch de Kurgan, dy't har ûntfiert om har as lokies foar MacLeod te brûken. Nei't er it berjocht fan 'e Kurgan oer de ûntfiering ûntfongen hat, giet MacLeod derefteroan. Hy beslút dat it tiid is om him fan 'e Russell Nash-identiteit te ûntdwaan en nimt ôfskie fan Rachel, oan wa't er fertelt dat er net weromkomme sil, ek net as er it wint fan 'e Kurgan.
De beslissende konfrontaasje tusken MacLeod en de Kurgan fynt plak op it dak fan 'e Silvercup Studios yn Queens, dêr't MacLeod Wyatt rêdt en nei in lang duël de Kurgan ferslacht en ûnthalzet. Hy absorbearret de massive enerzjy-ûntlading dy't dêrop folget en wint dêrmei de Priis. Neitiid keart MacLeod mei Wyatt werom nei Skotlân om har sjen te litten wêr't er opgroeid is. De Priis, sa fertelt er har, bestiet derút dat er no in stjerlike man is en bern krije kin, mar ek dat er de tinzen fan alle minsken op 'e wrâld lêze kin. Weromtinkend oan 'e lessen fan Ramírez hat er hope dat er dêrtroch tusken minsken gearwurking, begryp en frede oanfiterje kin.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Connor MacLeod / Russell Nash Christopher Lambert Brenda Wyatt Roxanne Hart
byrollen personaazje akteur/aktrise Juan Sánchez-Villalobos Ramírez Sean Connery de Kurgan Clancy Brown Heather MacDonald Beatie Edney Rachel Ellenstein Sheila Gish ynspekteur Frank Moran Alan North resjersjeur Walter Bedsoe Jon Polito Sunda Kastagir Hugh Quarshie Kirk Matunas Christopher Malcolm Iman Fasil Peter Diamond Kate MacLeod Celia Imrie Dougal MacLeod Billy Hartman Angus MacLeod James Cosmo plysje Garfield Edward Wiley de jonge Rachel Nicola Ramsey Murdoch Fraser Alistair Findlay pastoar Rainey James McKenna Kenny John Cassady Bassett Ian Reddington Hotchkiss Sion Tudor Owen Candy Corinne Russell
Produksje en distribúsje Produksje