St. Anger is it achtste studio-album fan Metallica. It album waard opnommen fan 1 maaie 2002 oant en mei 8 april, 2003 yn de eigen studioa fan Metallica yn San Rafael, Kalifornje en waard pear moanne letter op 5 juny 2003 útbrocht. It wie it lêste album mei producer Bob Rock dy't op dit album ek de sesjemuzikant wie om de baspartijen yn te spyljen om't Jason Newstêd yn 2001 krekt foar't de band eins mei de opnamen begjinne soe opstapt wie en der noch net in nije bassist fûn wie. Dat wie niet de ienichste reden dat de opnamen in langere tiid yn beslach naam hiene, dit kaam ek trochdat sjonger James Hetfield him opnimme litten hie yn in ôfkicksintra. Yn dizze rûzige perioade fan de opnamen fan St. Anger wie de band folge troch in kameraploech. Dat resultearre úteinlik yn de dokumintêre Some Kind of Monster dy't yn 2005 yn premjêre gie.
Spyllist nû. titel skriuwers doer1.FranticJames Hetfield, Lars Ulrich, Kirk Hammett en Bob Rock5:502.St. AngerHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock7:213.Some kind of monsterHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock8:254. Dirty WindowHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock5:255.Invisible KidHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock8:306.My WorldHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock5:467.Shoot Me AgainHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock7:108.Sweet AmberHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock5:279.The Unnamed FeelingHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock7:0810.PurifyHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock5:1411.All Within My HandsHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock8:48
Singles titel skriuwers doer utbrochtSt. AngerJames Hetfield, Lars Ulrich, Kirk Hammett en Bob Rock5:41 23 juny 2003FranticHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock4:5815 septimber 2003The Unnamed FeelingHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock5:32 12 jannewaris 2004Some kind of monsterHetfield, Ulrich, Hemmet en Rock4:1613 july 2004
Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Lars Ulrich – Drums
Sesjemuzikant Bob Rock - Bas
Kategory:Album fan Metallica Kategory:Album út 2003 Kategory:Ingelsktalich album Kategory:Metalalbum