thumb|right|260px|Children of Bodom yn 2017 Children of Bodom wie in Finske deathmetalband oprjochte yn Espoo en wie aktyf tusken 1993 en 2019. Children of Bodom begûn ûnder de namme Inearthed. Fan 1997 ôf is de band fierder gien ûnder de namme Children of Bodom. De band brocht yn 1997 syn debútalbum Something Wild út. De teksten fan de band gean benammen oer de dea, haat, lulkens en de Bodommar moarden . Children of Bodom hat tsien studio-albums en fjouwer live-albums útbrocht.
Skiednis thumb|left|160px|Alexi Laiho yn 2013 De Inearthed jierren Children of Bodom waard yn 1993 oprjochte ûnder de namme Inearthed, troch gitarist Alexi Laiho en drummer Jaska Raatikainen dy't inoar al fan jongs ôf oan koenen. Bassist Samuli Miettinen ferfoldige de besetting fan de band. Samuli wie de wichtichste tekstskriuwer fan de band yn de twa jier dat er bandlid wie, mar hy ferhuze mei syn famylje yn 1995 nei de Feriene Steaten, wêrtroch 't it foar him ûnmooglik waard om yn de band te bliuwen. Laiho, dy 't foarhinne allinnich de melodyen fan de nûmers komponearre hie, naam de rol fan tekstskriuwer fan de band op him. De bassist dy 't keazen waard om Samuli te ferfangen wie Henkka Blacksmith, dy 't Laiho en Raatikainen earder fan skoalle koene. Raatikainen spile destiids yn in lokale bigband en by de repetysjes learde er Alexander Kuoppala, kennen dy 't ek gitaar spile. Koart nei it opnimmen fan harren twadde demo waard Kuoppala frege om him by Inearthed oan te sluten as gitarist. Ek rekrutearre de band nog in toetsenist mei de namme Jani Pirisjoki. Mei dizze nije line-up gie Inearthed fierder mei it opnimmen fan harren tredde demo, mei de titel Shining. Laiho woe de keyboards effektiver brûke, mar Pirisjoki wie net al te faaks oanwêzich by de repetysjes, derom waard er ûntslein en ferfongen troch in freon fan Raatikainen, Janne Wirman.
de band naam mei sukses harren earste album op yn 1997. Harren debút, Something Wild, soe útbrocht wurde troch in lyts Belgysk label, Shiver Records, mar sjonger Sami Tenetz fan Thy Serpent krige fia Kuoppala in eksimplaar fan harren album yn hannen. Beiden wurken doedestiids by itselde bedriuw. Thy Serpent hie in kontrakt by it Finske en folle gruttere label Spinefarm. Koart nei't Inearthed it kontrakt hie mei Shiver Records ûndertekene. De baas fan Spinefarm hie ek wol yntresse yn de band en woe se graach tekenje by syn label. Die lêste deal wie folle oantrekliker foar de band om 't it Belgyske label harren hast gjin help bea, oant it punt wêrop 't se it album sels distribuearje en ferkeapje moasten.
Children of Bodom thumb|right|200px|Daniel Freyberg yn 2017 De band die as giene se útinoar en feroare harren namme yn Children of Bodom krekt foar de release fan Something Wild om te ûntkommen oan it platekontrakt mei it Belgysche label. De namme Children of Bodom ferwiist nei in moardsaak by de Finske Bodommar, dat yn in wyk fan Espoo leit en dêr't yn 1960 trije kampearjende jongeren op wrede wize om it libben kamen. Om dêrnei te tekenjen by Spinefarm. Dy 't dêrnei op 16 novimber 1997 it debútalbum Something Wild útbrocht, op 22 april 1998 kaam it album ek wrâldwiid út.
thumb|left|160px|Henkka Blacksmith yn 2016 Toetsenist Janne Wirman miste de earste twa Europeeske toernees fan de band yn 1998 om 't er noch nei skoalle moast. Erna Siikavirta toetseniste fan Lordi foel foar him yn by 'e earste toer, en Alexi Laiho's doetiidske freondinne Kimberly Goss fan de band Sinergy ferfong him by de twadde toernee. Yn 1999 waard it album Something Wild opfolge troch it album Hatebreeder dat op 26 april fan dat jier útkaam. It fjirde album Hate Crew Deathroll út 2003 waard folge troch it earste wrâldtoernee fan de band. Mar wilens de toernee ferliet gitarist Alexander Kuoppala samar ynienen de band hy hie syn nocht fan it Rock 'n Roll bestean. Hy waard ferfongen troch Roope Latvala fan de band Stone. Yn jannewaris 2007 bruts sjonger Laiho it linkerskouder nei 't er útglied op in bowilingbaan. Troch dit ynsidint wie Children of Bodom twongen om harren earste shows fan 2007 en in festival dêr 't se as headliner spylje soene, te annulearjen. Yn 2008 kaam it sechsde studio-album Blooddrunk út. Yn 2009 moast de band de lêste shows fan harren toernee ôfsizze trochdat Laiho út it boppeste bêd fan de toerbus fallen wie, en dêrby blessearre rekke. Yn july 2012 kundige Children of Bodom op harren Facebook-side oan dat se opnij twa shows annulearje moasten, no't trochdat Alexi Laiho fanwegen slimme pine yn 't liif nei it sikehûs brocht wie. De frontman waard it jier dêrop opnij opnaam yn it sikehûs, wat late ta spekulaasjes oer syn gefaarlike relaasje mei alkohol.
Op 6 juny 2013 kaam it achtste studio-album Halo of Blood út it earste album fan Children of Bodom by it Dútske label Nuclear Blast. Yn maaie 2015 waard bekend dat gitarist Roope Latvala de band ferlitten hie, hy waard opfolge troch Daniel Freyberg earder fan Norther. 8 maart 2019 kaam it tsiende en lêste studio-album fan Children of Bodom út mei de namme Hexed. Op 1 novimber datselde jier makke de band bekend der mei op te hâlden, se spilen harren lêste show op 15 desimber yn de Helsinki iishal. Nei dizze show besleaten Laiho en Freyberg dat hja dochs fierder woene, en stelden in nije band gear.
Diskografy thumb|right|200px|Janne Wirman yn 2017 thumb|right|200px|Jaska Raatikainen yn 2009 Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesSomething Wild16 novimber 1997SpinefarmHatebreeder26 april 1999Children of Bodom,DownfallFollow the Reaper30 oktober 2000Hate Me!Hate Crew Deathroll6 jannewaris 2003You're Better Off Dead,Needled 24/7Are You Dead Yet?14 septimber 2005Trashed, Lost & Strungout,In Your FaceBlooddrunk9 april 2008Blooddrunk,Hellhounds on My Trail,Smile Pretty for the DevilRelentless Reckless Forever9 maart 2011Shovel Knockout,Was It Worth It?,Roundtrip to Hell and BackHalo of Blood6 juny 2013Nuclear BlastTransference,Your Days Are Numbered,Scream For SilenceI Worship Chaos2 oktober 2015Morrigan,I Worship ChaosHexed8 maart 2019Under Grass and Clover,This Road,Platitudes and Barren Words,Hecate's Nightmare
Live-albums Album Utbrocht op Label Tokyo Warhearts11 oktober 1999SpinefarmTrashed, Lost & Strungout6 oktober 2004In Your Face30 novimber 2005Chaos Ridden Years -Stockholm Knockout Live11 oktober 2006
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opBestbreeder from 1997 to 200025 augustus 2003Are You Deaf Yet?2008Skeletons in the Closet23 septimber 2009Holiday at Lake Bodom(15 Years of Wasted Youth)22 maaie 2012
Bodom After Midnight
Bodom After Midnight wie in Finske deathmetalband oprjochte yn Helsinki en wie aktyf tusken 2019 en 2020. De band wie in reynkarnaasje fan Children of Bodom om't Alexi Laiho en Daniel Freyberg de namme Children of Bodom om juridyske redenen net mochten brûke. It doel wie om mei dizze band yn 2021 in debútalbum út te bringen. mar safier is it net mear kaam. op 29 desimber 2020 wylst de band net lang derfoar noch dwaande west hie mei de opnamen fan it album ferstoar Alexi Laiho op 41 jierrige leeftiid oan de gefolgen fan jierrenlange drankswietens. It betsjutte ek it ein fan de krekt oprjochten band. Op it momint fan ferstjerren hie de band noch mar trije nûmers foar it debútalbum opnaam, dizze trije nûmers binne yn 2021 troch Napalm Records postúm útbrocht as EP mei de namme Paint the Sky with Blood.
EP Paint the Sky with Blood - (23 april, 2021) - Napalm Records
Kategory:Finske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1993 Kategory:Band opheft yn 2019