At the Gates is in Sweedske deathmetalband oprjochte yn 1990 yn Goateboarch, de band hjitte yn earsten The Dwellers at the Gates of Silent Memory (neamd nei in nûmer fan Fields of the Nephilim), mar nei in wike beseften se dat, dat al in hiele lange namme is. De band brocht yn 1992 syn debútalbum The Red in the Sky Is Ours út. Yn 1996 waard de band opheft, mar yn 2010 makke de Sweedske band in trochstart, nei't er tusken 2007 en 2008 alris in reüny west hie. De teksten fan de band gean benammen oer persoanlike problemen, de dea en de Maatskippij. At the Gates hat sân studio-albums en trije live-albums útbrocht.

Yn de simmer fan 2025 makke de band bekend dat sjonger Tomas Lindberg slim siik wie, hy ferstoar yn septimber datselde jier yn de âldens fan 52 jier oan de gefolgen fan kanker.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesThe Red in the Sky Is OursNovimber 1992Deaf RecordsWith Fear I Kiss the Burning Darkness7 maaie 1993Terminal Spirit Disease18 july 1994PeacevilleSlaughter of the Soul14 novimber 1995EaracheAt War with Reality28 oktober 2014Century MediaWe Are ConnectedTo Drink from the Night Itself18 maaie 2018To Drink from the Night Itself,A Stare Bound in Stone,Daggers of Black Haze,The Mirror Black (ft. Rob Miller)The Nightmare of Being2 july 2021Spectre of Extinction,The Paradox,The Fall into Time

Live-albums Album Utbrocht op Label The Flames of the End22 febrewaris 2010EarachePurgatory Unleashed -Live at Wacken22 maart 2010Live in Krakow10 desimber 2010

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opSuicidal Final Art26 juny 2001

Kategory:Sweedske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1990 Kategory:Band opheft yn 1996 Kategory:Band oprjochte yn 2010