Alexi Laiho (berne as Markku Uula Aleksi Laiho) (Espoo, 8 april 1979 – Helsinki, 29 desimber 2020) bynamme Wildchild wie in Finsk gitarist en sjonger. Hy waard benammen bekend fan de band Children of Bodom, Laiho wie ek de gitarist fan Sinergy, de Finske punkband Kylähullut en wie twa jier lid fan de band Impaled Nazarene. Alexi Laiho stie bekend om syn tige rappe manier fan gitaarspyljen.

Karriêre Alexi begûn as jong jonkje mei fioele spiljen, as jonge puber gie er oer op gitaar. Hy folge in oplieding oan de pop- en jazzkonservatoarium yn Oulunkylä, dy't er net ôfmakke om te gean libjen fan de muzyk. Hy begûn by in tige eksperimintele band mei de namme T.O.L.K. Hjirnei rjochte hy yn 1993 mei drummer Jaska Raatikainen dy't er al fan jongs ôf oan koe de band Inearthed op yn 1997 waard de namme fan dizze band feroare yn Children of Bodom. Mei Children Of Bodom brocht Laiho tusken 1997 en 2019 tsien studio-albums en fjouwer live-albums út.

Njonken Children of Bodom wie Laiho ek fan 1997 oant en mei 2011 ek gitarist by Sinergy de band fan syn freondinne Kimberly Goss, mei Sinergy brocht er trije albums út. Yn 2004 wie Laiho ien fan de oprjochters fan de Finsktalige punkband Kylähullut mei dizze band brocht er twa albums út. Kylähullut hâld nei de dea fan drummer Tonmi Lillman yn 2012 op fan bestean. Twa jier lang (1998-2000) wie Alexi lid fan de band Impaled Nazarene en brocht hjirmei ien album út.

Hy wie ek in tal kearen ynfaller by live-optredens fan Dark Tranquillity en Hypocrisy en gastmuzikant by in ferskaat oan bands lykas Annihilator en Death Angel.

Nei't Children of Bodom ophâld fan bestean yn 2019 rjochte Laiho tegearre gitarist Daniel Freyberg de band Bodom After Midnight op. Mar ta in folsleinalbum is it nea kaam, Alexi Laiho ferstoar nei't der noch mar krekt trije nûmers opnaam wiene ALEXI LAIHO's BODOM AFTER MIDNIGHT has no leftover material: 'there was no more songs written'.

Priveelibben Yn 2002 boaske Laiho mei Kimberly Goss sjongeres fan de band Sinergy. Hja giene yn hja útinoar mar nei it ferstjerren fan Laiho die bliken dat se nea wetmjittich skeiden wiene. In tal jierren nei it beïnigjen fan de relaasje mei Goss, ferloofde Laiho him mei Kelli Wright in Public Relations manager út Austraalje hy boaske mei har yn 2017 trochmiddel fan in tradisjonele hantfêstingsritueel mar boaske mei har net foar de wet.

Laiho hie in lange skiednis fan drankswietens, hie wie jierrenlang in mear as stevige drinker mar fermindere it drinken yn 2013 flink nei't er in tal sûnensproblemen ûntwikkele hie. Op 4 jannewaris 2021 waard fia de websiden fan Children of Bodom en Bodom after Midnight bekend dat Alexi Laiho in wike earder op 29 desimber 2020 ferstoarn wie, oan nei wat letter die bliken alkohol relatearre leveroandwanning en in ûntstekking oan syn pankreäs, Laiho blyk al jierren slim siik west te hawwenALEXI LAIHO: official cause of death revealed.

Diskografy thumb|right|160px|Laiho yn 2007 Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Something Wild16 novimber 1997Children of BodomHatebreeder26 april 1999Children of Bodom,DownfallBeware the Heavens21 juny 1999SinergyNihil16 juny 2000Impaled NazareneFollow the Reaper30 oktober 2000Children of BodomHate Me!Hate Crew Deathroll6 jannewaris 2003You're Better Off Dead,Needled 24/7To Hell and Back26 juny 2000SinergySuicide by My Side14 jannewaris 2002Turpa täynnä26 jannewaris 2005KylähullutAre You Dead Yet?14 septimber 2005Children of BodomTrashed, Lost & Strungout,In Your FacePeräaukko sivistyksessä28 novimber 2007KylähullutBlooddrunk9 april 2008Children of BodomBlooddrunk,Hellhounds on My Trail,Smile Pretty for the DevilRelentless Reckless Forever9 maart 2011Shovel Knockout,Was It Worth It?,Roundtrip to Hell and BackHalo of Blood6 juny 2013Transference,Your Days Are Numbered,Scream For SilenceI Worship Chaos2 oktober 2015Morrigan,I Worship ChaosHexed8 maart 2019Under Grass and Clover,This Road,Platitudes and Barren Words,Hecate's NightmarePaint the Sky with Blood23 april 2021Bodom After Midnight

Kategory:Finsk sjonger Kategory:Finsk gitarist Kategory:Finsk metalartyst Kategory:Persoan berne yn 1979 Kategory:Persoan stoarn yn 2020