Live Free or Die Hard, bûten Noard-Amearika útbrocht as Die Hard 4.0, is in Amerikaanske aksjefilm út 2007 ûnder rezjy fan Len Wiseman, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis en Justin Long. De titel betsjut "Libje Frij of Stjer Dreech". De film is it fjirde diel út 'e Die Hard-filmsearje en folget as sadanich op Die Hard with a Vengeance út 1995. It ferhaal folget plysjeman John McClane as er tegearre mei de jonge kompjûterekspêr Matthew Farrell in binde neat-ûntsjende terroristen besiket tsjin te kearen, dy't harsels in wei yn alle kompjûtersystemen fan 'e Amerikaanske oerheid en finansjele ynstellings hackt hawwe. Se binne skynber fan doel in "leechferkeap" te begjinnen, wat ynhâldt dat se de hiele lanlike ynfrastruktuer lamlizze wolle troch alle kompjûtersystemen út te skeakeljen. Live Free or Die Hard krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In fyfde film út deselde searje kaam yn 2013 út ûnder de titel A Good Day to Die Hard. Plot Yn it haadkertier fan 'e Amerikaanske federale resjerzje FBI falt inkele mominten de stroom út, mei as gefolch dat it hiele kompjûtersysteem eefkes op swart giet en dan wer op 'e nij opstart. Miguel Bowman, de ûnderdirekteur foar cyberbefeiliging, fermoedet dat de útfal opsetlik wie en dat der in kompjûterfirus yn syn systeem yntrodusearre is. Hy reägearret troch bekende hackers oppakke te litten foar ûnderfreging.
Underwilens is John McClane, in ynspekteur fan it New York Police Department (NYPD), yn Camden, yn Nij-Jersey, dêr't er besiket yn kontakt te kommen mei syn fan him ferfrjemde 23-jierrige dochter Lucy. Hy komt har oer it mad as se tútsjend yn in auto sit mei in jonge dêr't se mei op in ôfspraakje west hat. Lucy jout yn net mis te fersteane bewurdings oan dat se neat mei har heit te krijen hawwe wol. As er wer yn syn eigen auto stapt, wurdt McClane oproppen troch syn baas Jack Sclavino, dy't in fersyk fan 'e FBI binnenkrigen hat om 'e jonge hacker Matt Farrell thús op te heljen en him nei it FBI-haadkertier yn Washington, D.C. te eskortearjen. Mei tsjinnichheid nimt McClane, dy't him net fier fan it appartemintekompleks fan Farrell ôf befynt, dy opdracht oan.
McClane arrivearret krekt op 'e tiid yn Farrell syn appartemint om him te rêden as in team fan hiermoardners besiket him te fermoardzjen. Dyselden binne stjoerd troch Mai Linh, de assistinte fan Thomas Gabriel, dy't it masterbrein is efter in cyberoanfal op 'e hiele ynfrastruktuer fan 'e Feriene Steaten. McClane deadet trije man en ferslacht twa oaren en wit mei Farrell te ûntkommen. Underweis nei Washington, D.C. fertelt Farrell him dat er him te goeder trou troch Mai ynhiere litten hie om in algoritme te skriuwen dat in spesifyk befeiligingssysteem omsile kin.
Gabriel, dy't syn basis fêstige hat yn in truck mei in achttjintsjils oplizzer sadat syn lokaasje net opspoard wurde kin, lit syn trewanten yn 'e tuskentiid de kontrôle oer alle kompjûtersystemen oangeande transport oernimme. Hy set alle ferkearsljochten op grien, wat ûntelbere ferkearsûngemakken en in totale gaos op 'e wegen ta gefolch hat. Dêrnei nimt er de kompjûtersystemen fan 'e Amerikaanske effektebeurzen oer en lit alle oandieleprizen kelderje. Hy brekt yn op alle tillefyzjestjoerders mei in boadskip dat gearstald is út stikjes tekst út 'e taspraken fan ûnderskate Amerikaanske presidinten, en dat bedoeld is om 'e befolking eangst oan te jeien, sadat de gaos noch fierder oanboazje sil. Farrell beseft dat immen in "leechferkeap" útfiert, in cyberoanfal wêrby't de folsleine kompjûterisearre ynfrastruktuer fan in lân lamlein wurdt.
McClane bringt Farrell nei it haadkertier fan 'e FBI, mar dat is ûntromme nei't Gabriel dêr in alaarm ôfgean litten hat dat oanjout dat der spoaren fan myltfjoer yn 'e lucht waarnommen binne. Yn it tydlike wurkplak fan Bowman yn in autobus, hinget in rige foto's oan 'e wand fan hackers dy't yn 'e ôfrûne 24 oeren fermoarde binne; Farrell ken harren wer as syn konkurrinsje foar it skriuwen fan it algoritme. Bowman stjoert Farrell en McClane ûnder bewekking fan in stikmannich FBI-aginten troch nei it Ministearje fan Thúslânbefeiliging (DHS). Mai brekt lykwols yn it systeem yn, docht har foar as radioferbiner en stjoert it konfoai de ferkearde kant út, sadat se yn in mûklaach fan 'e trewanten fan Gabriel ride.
De measte FBI-aginten komme dêrby om, wêrnei't McClane efter it stjoer fan 'e auto krûpt dêr't hy en Farrell yn sitte. Hy naait út, efterfolge troch in helikopter mei de swierbewapene hiermoardners yn 'e tsjinst fan Gabriel. McClane siket foar de oanhâldende besjittings beskûl yn in tunnel, dêr't de helikopter net folgje kin. Gabriel set lykwols fan beide kanten ôf alle rydbanen yn 'e tunnel iepen foar ferkear en skeakelet dan de ferljochting yn 'e tunnel út, mei as gefolch dat midden yn 'e tunnel it ferkear mei hege faasje opinoar yn riidt. McClane en Farrell oerlibje dat mar nauwerneed. Neitiid is McClane sa nidich dat er syn plysje-auto op topfaasje út 'e tunnel ride lit wylst er der sels út springt. De auto fljocht by in obstakel op 'e grins tusken twa rydbanen op en wurdt de loft yn lansearre, wêrnei't er him yn 'e helikopter boarret, dy't delstoart.
Farrell fertelt McClane dat it folgjende doelwyt fan Gabriel, no't er de transportsystemen en de finansjele sektor yn syn macht hat, nei alle gedachten de nutsbedriuwen wêze sille. De kompjûtersystemen dêr't dy ûndernimmings gebrûk fan meitsje, binne lykwols sletten systemen, dy't net ferbûn binne mei it ynternet. Sadwaande sille Gabriel of guon fan syn trewanten dêr fysyk hinne moatte om 'e boel te sabotearjen. Mei't de autoriteiten folslein mei de sitewaasje oan binne en net by steat binne om adekwaat yn te gripen, beslút McClane dat hy de iennichste is dy't de terroristen tsjinhâlde kin. Dat, hy en Farrell ride nei in enerzjysintrale yn West-Firginia, net fier bûten Washington, D.C., dêr't de enerzjyfoarsjenning regele wurdt foar it hiele eastlik trêdepart fan 'e Feriene Steaten.
By de sintrale yn West-Firginia oankommen, treffe McClane en Farrell dêr al in trijemans team fan Gabriel oan, dat ûnder lieding stiet fan Mai. It team hat it personiel fan 'e sintrale fermoarde en is dwaande om 'e enerzjyfoarsjenning út te skeakeljen. Wylst Farrell besiket it útskeakelingsproses om te draaien, deadet McClane ien fan 'e beide manlike trewanten fan Gabriel en rekket yn gefjocht mei Mai. Hja blykt oefene te wêzen yn Easterske fjochtsport en skopt McClane troch in finster út it gebou, wêrnei't se Farrell twingt om alles dat er dien hat wer ûngedien te meitsjen.
McClane is delkommen yn 'e parkeargaraazje en riidt mei in SUV it gebou yn. Hy skept Mai en riidt har mei auto en al in liftskacht yn. De SUV bliuwt mei de efterbumper earne oan heakjen, wêrnei't McClane en Mai harren skeel útfjochtsje al klimmend oan 'e liftkeabels en yn 'e prekêr hingjende auto. It twadde manlike lid fan it team fan Gabriel besiket McClane dea te sjitten, mar Farrell slacht him fan efteren del en smyt him yn 'e liftskacht. Hy komt op 'e auto del, dy't troch it ekstra gewicht los rekket en nei de boaiem fan 'e skacht falt mei Mai der noch yn, wylst McClane mei de skrik frijkomt en oan 'e keabels hingjen bliuwt. By it delkommen ûntploft de auto ta ien grutte fjoersee dy't nimmen oerlibje kin.
As Gabriel Mai opskillet om te hearren hoefier't it is mei it útsetten fan 'e sintrale, nimt McClane op en fertelt him dat er Mai net mear weromsjen sil. Gabriel, dy't in relaasje mei Mai ûnderhold, wurdt alhiel breinroer by it hearren fan dat nijs en lit ierdgas út alle rjochtings weromliede nei de enerzjysintrale om dy op te blazen. McClane en Farrell witte op it nipperke te ûntsnappen, mar mei de ferneatiging fan 'e sintrale falt yn it easten fan 'e Feriene Steaten oeral de stroom en it gas út. As McClane tillefoanysk kontakt mei Bowman wit te krijen, fertelt dy him dat Gabriel as ekspêr op it mêd fan befeiliging foar it Amerikaanske Ministearje fan Definsje wurke hat, dêr't er syn superieuren mei ûnotterdokse metoaden safier besocht te krijen dat se wat diene oan 'e befeiliging fan 'e Amerikaanske kompjûtersystemen, dy't sa lek as in tjems wiene. Dat waard dêr net op priis steld, dat hy waard ûntslein en syn reputaasje waard stikken makke, sadat er neitiid nearne mear oan it wurk kaam.
Farrell wol no nei Baltimore om help te freegjen oan Warlock, in masterhacker dy't er min ofte mear as yn mentor beskôget. Hy wit McClane fan 'e needsaak dêrfan te oertsjûgjen. Yn 'e jierren sûnt syn lêste treffen mei terroristen hat McClane syn fleanbrevet helle, dat se fleane yn Mai har helikopter nei Baltimore. 'Warlock' blykt eins Freddie Kaludis te wêzen, in obese tritiger dy't yn 'e kelder fan syn memme hûs wennet. Hy is net bliid dat Farrell him by syn swierrichheden belûkt en alhielendal net dat er in plysje by him yn 'e hûs brocht hat, mar as McClane him tabyt dat er him totaal yninoar slaan sil as er net meiwurket, wol er wol om lyk. Warlock fertelt dat it algoritme dat Farrell skreaun is, inkeld oerienkomt mei it kompjûtersysteem fan in fasiliteit fan 'e Social Security Administration (SSA), de Amerikaanske oerheidsynstelling dy't oer de útkearings giet, yn Woodlawn. It gebou omfettet lykwols trije kuoltuorren, wat in oanwizing is dat it nei alle gedachten in serversintrum is dat neat mei de SSA te krijen hat.
Underwilens wurdt Bowman troch de ferbiningsofsieren fan DHS en de NSA ynljochte dat it gebou yn Woodlawn in topgeheime fasiliteit fan 'e NSA is, dêr't yn it gefal fan it ynstoarten fan 'e Amerikaanske finansjele sektor alle ynformaasje fan krekt tefoaren opslein wurdt. Mei syn 'leechferkeap' hat Gabriel derfoar soarge dat alle finansjele data nei Woodlawn ta stjoerd is. As it him slagget om dy ynformaasje te downloaden en de fasiliteit sels te ferneatigjen, kin er útpike mei in bút fan miljarden dollars. Gabriel wit fan 'e fasiliteit te Woodlawn om't er dy sels ûntwurpen hat.
Gabriel-en-dy merke op dat de systemen fan Woodlawn hackt wurde en trasearje de hack nei Warlock. Gabriel skillet Warlock op en rekket oan 'e praat mei McClane, wêrby't beide mannen misledigings en bedrigings útwikselje. McClane besiket it petear sa lang te rekken dat Warlock in traceroute útfiere kin om Gabriel syn lokaasje te bepalen. Gabriel, op syn beurt, lit McClane bylden sjen fan syn dochter Lucy, dy't fêst sit yn in lift sûnt yn Nij-Jersey de stroom útfallen is. Wylst McClane meiharkje mar net mei Lucy kommunisearje kin, skillet Gabriel har op en docht him foar as in meiwurker fan 'e meldkeamer, en bewissiget har derfan dat er immen stjoere sil om har út 'e lift te befrijen.
McClane set ôf nei Woodlawn en ried Farrell oan om by Warlock te bliuwen, mar de hacker beslút dat McClane ferlet fan him hat as er mei kompjûters te meitsjen kriget, want dêr wit McClane dúdlik neat fan. Tsjin 'e tiid dat se op har bestimming oankomme, hawwe Gabriel syn mannen Lucy út 'e lift befrijd en dêrnei ûntfierd nei Woodlawn. As der in alaarm ôfgiet om't it befeiligingssysteem in ynkringer yn in fentilaasjekanaal gewaarwurden is, wit Lucy dat har heit deroan komt, mei't dy altyd yn fentilaasjekanalen omskaait. By in fjochtpartij mei ien fan Gabriel syn mannen reitsje Farrell en McClane útinoar. Farrell ûntdekt it tagongssysteem dêr't er sels it algoritme foar makke hat en brekt yn it hert fan it kompleks yn. Dêr beskoattelet er de nei Woodlawn downloade ynformaasje digitaal, sadat Gabriel-en-dy der net by kinne. Neitiid wurdt er lykwols finzen nommen troch Emerson, ien fan Gabriel syn trewanten.