Gojira is in Frânske deathmetalband oprjochte yn 1996 yn Ondres, Nouvelle-Aquitaine. Gojira begûn ûnder de namme Godzilla. Fan 2001 ôf is de band fierder gien ûnder de namme Gojira. De band brocht yn 2001 syn debútalbum Terra Incognita út. De teksten fan de band gean benammen oer lijen, de dea en spiritualiteit. Gojira hat sân studio-albums en fjouwer live-albums útbrocht.

Skiednis Gojira waard yn 1996 foarme ûnder de namme Godszilla yn Ondres, in doarpke yn de buert fan Bayonne, troch de bruorren Joe Duplantier, sjonger en gitarist, Mario Duplantier drummer, gitarist Christian Andreu en bassist Alexandre Cornillon. Bassist Cornilon ferliet ein 1998 de band, syn ferfanger waard fûn yn Jean-Michel Labadie. Begjin 2001 moast Godzilla de fanwegen copyrightproblemen de namme feroarje; der waard keazen foar de namme Gojira, de rōmaji stavering fan Godzilla. Op 19 maart datselde jier kaam harren debútalbum Terra Incognita út. Folge troch The Link yn 2003, it album mei de earste single fan Gojira, Indians. Nei it tredde album yn 2005 gie de band op toernee troch Frankryk, Belgje en Nederlân. En harren nije platelabel Listenable brocht it twadde album The Link op 'e nij út fanwegen de grutte fraach nei dat album. Nei twa albums by it Listenable label, tekene Gojira in kontrakt by Roadrunner. Yn 2015 rûnen de opnamen fan it sechsde album fertraging op en moast Gojira in tal optredens ôfsizze om't de mem fan de bruorren Duplantier slim siik wie en ferstoar. It album Magma kaam úteinlik yn juny 2016 út, yn 2021 folge troch it sânde album Fortitude.

Diskografy thumb|right|260px|De bruorren Duplantier yn 2017 thumb|right|260px|Gitarist Christian Andreu yn 2011 thumb|right|260px|Bassist Jean-Michel Labadie yn 2013 Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesTerra Incognita19 maart 2001GabrielThe Link18 april 2003BoycottIndiansFrom Mars to Sirius27 septimber 2005ListenableThe Way of All Flesh13 oktober 2008L'Enfant Sauvage26 juny 2012RoadrunnerL'Enfant Sauvage,Liquid Fire,The Axe,Explosia,Born in WinterMagma17 juny 2016Stranded,SilveraFortitude30 april 2021Another World,Born for One Thing,Amazonia,Into the Storm,The Chant

Live-albums Album Utbrocht op Label The Link Alive16 april 2004BoycottThe Flesh Alive6 juny 2012MascotLes Enfants Sauvages11 maart 2014Roadrunner

Kategory:Frânske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1996