Decapitated is in Poalske deathmetalband yn 1996 oprjochte troch gitarist Vogg en syn jongere broer drummer Vitek yn Krosno, Woiwodskip Subkarpaten. De band brocht yn 2000 syn debútalbum Winds of Creation út. Yn 2007 hâld de band der nei in slim ûngelok mei harren toerbus mei op, mar makke yn 2009 in trochstart. De teksten fan de band gean benammen oer nihilisme, kwea en misantropy. Decapitated hat acht studio-albums en twa live-albums útbrocht.

Bus ûngelok thumb|right|200px|sjonger Covan yn 2006 thumb|right|200px|drummer Vitek yn 2006 Op 29 oktober 2007 rekke de band yn Wyt-Ruslân belutsen by in slim ûngelok. In frachtwein laden mei hout botste op harren toerbus. Drummer Vitek en sjonger Covan rekken slim ferwûne. Vitek ferstoar in pear dagen letter op 2 novimber yn de âldens fan 23 jier oan syn ferwûningen. Sjonger Covan rekke yn in koma en hold mearfâldige beheiningen oer oan it ûngelok, Covan moast dêrtroch ophâlde mei syn wurk as sjonger.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesWinds of Creation11 april 2000EaracheNihility19 febrewaris 2002The Negation9 maart 2004Organic Hallucinosis7 febrewaris 2006Carnival Is Forever12 juny 2011Nuclear BlastBlood Mantra30 septimber 2014The Blasphemous Psalm to the Dummy God CreationAnticult7 july 2017Cancer Culture27 maaie 2022

Live-albums Album Utbrocht op Label Live Nottingham 20 Dec 20042006EaracheHuman's Dust9 juny 2008 Metal Mind

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opThe First Damned2000Tribute to Vitek22 novimber 2007

Kategory:Poalske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1996 Kategory:Band opheft yn 2007 Kategory:Band oprjochte yn 2009