thumb|right|260px|Sabaton yn 2017 Sabaton is in Sweedske powermetalband oprjochte yn 1999 yn Falun, Dalarna. De band brocht yn 2005 syn debútalbum Primo Victoria út. De teksten fan de band gean benammen oer fantasy en kriich. Sabaton hat tsien studio-albums en seis live-albums útbrocht.
Skiednis Sabaton waard oprjochte yn desimber 1999. Yn 2002 brocht de band de demo Fist for Fight út fia it Italjaanske platelabel Underground Symphony. Yn 2002 soe it debútalbum Metalizer útbrocht wurde mar it platelabel stelde dat ynearsten twa jier út. Sabaton die yntusken meardere show's yn Sweden omtrint dit album, mar it label brocht it album úteinlik hielendal net mear út. En Sabaton gie op syk nei in oar platelabel, dit waard Black Lodge, dêr waard yn 2005 it album Primo Victoria as debútalbum útbrocht, in album mei D-Day as tema. Yn 2007 kaam úteinlik dochs Metalizer noch út op it label Black Lodge, as tredde studio-album fan Sabaton, yn stee fan har debút-album.
Yn 2012 ferlieten de twa gistaristen en de drummer de band, allinne sjonger Joakim Brodén en bassist Pär Sundström bleaune oer. It fuortbestean fan de band hong oan in siden triedsje, mar Chris Rörland earder fan Nocturnal Rites en Thobbe Englund earder fan Raubtier op gitaar, en drummer Robban Bäck fan Twilight Force waarden ree fûn om de gatten yn de Sabatonbesetting op te foljen. Ein 2012 naam drummer Bäck in skoft fan de band om't er heit wurde soe. Hy waard úteinlik yn novimber 2013 ferfongen troch Hannes Van Dahl, earder fan Evergrey. op 25 july 2016, waard bekend dat gitarist Thobbe Englund de band ferlitten hie. Englund spile foar it lêst mei Sabaton op it Sabaton Open Air festival 2016; oan it ein fan dizze show waard Tommy Johansson presintearre as syn opfolger. Yn 2022 kaam it tsiende studio-album fan Sabaton út The War to End All Wars, in album mei de Earste Wrâldkriich as tema.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Singles Tema(s)Primo Victoria4 maart 2005Black LodgeD-DayAttero Dominatus28 july 2006Slach om Berlyn,Religieus terrorisme,Fal fan SrebrenicaMetalizer16 maart 2007FantasyThe Art of War30 maaie 2008Cliffs of Gallipoliit boek De keunst fan it oarlochfieren fan Sun Tzu,Slach om Frankryk,GallipolikampanjeCoat of Arms21 maaie 2010Nuclear BlastCoat of Arms,Screaming EaglesGryksk-Italiaanske Kriich,Slach om Bastogne,WinterkriichCarolus Rex25 maaie 2012Carolus Rex,The Lion from the Northopkomst en ûndergong fan it Sweedske rykHeroes16 maaie 2014To Hell and Back,Resist and Bite,Night WitchesTwadde WrâldkriichThe Last Stand19 augustus 2016The Lost Battalion,Blood of Bannockburn,ShiroyamaFerlern Bataljon (Earste Wrâldkriich) US 77th Division,Slach om Bannockburn,Slach om ShiroyamaThe Great War19 july 2019Fields of Verdun,The Red Baron,Great War,82nd All the Way,The Attack of the Dead Men (ft. Radio Tapok)Earste WrâldkriichThe War to End All Wars 4 maart 2022Christmas Truce,Soldier of Heaven,The Unkillable Soldier,Race to the Sea
Live-albums thumb|right|200px|Joakim Brodén yn 2019 thumb|right|200px|Pär Sundström yn 2019 Album Utbrocht op Label World War Live:Battle of the Baltic Sea5 augustus 2011Nuclear BlastSwedish Empire Live20 septimber 2013Live on the Sabaton Cruise 20142 oktober 2015Chaos ReignsHeroes on Tour4 maart 2016Nuclear Blast20th Anniversary Show -Live at Wacken19 novimber 2021The Great Show1 desimber 2021
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opFist for Fight2001Metalus Hammerus Rex18 april 2012War and Victory:The Best of Sabaton2014
Kategory:Sweedske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1999