Tootsie is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 1982 ûnder rezjy fan Sydney Pollack, mei yn 'e haadrollen Dustin Hoffman en Jessica Lange. De titel betsjut "Skatsje" of "Leave", in wat delbûgende poppenamme dêr't guon manlju it foar de moade hawwe om eltse willekeurige frou mei oan te sprekken. It ferhaal giet oer Michael Dorsey, in wurkleaze akteur yn New York, dy't, om oan wurk te kommen, in froulike identiteit oannimt. Sa bemachtiget er in rol yn in populêre soapsearje, mar hy komt yn 'e knipe as er fereale rekket op ien fan syn tsjinspylsters. Fan 'e filmkritisy krige Tootsie rûnom lof taswaaid, en de film wûn in Oscar, trije Golden Globes (wêrûnder de priis foar bêste film – musical of komeedzje) en twa BAFTA's. Yn 'e bioskopen wie Tootsie ek in grut kommersjeel súkses en yn Noard-Amearika de op ien nei meast opbringende film fan 1982. Yn 1998 waard de film foar preservearring opnommen yn it National Film Registry.

Plot Michael Dorsey is in wurkleas akteur yn New York, dy't by eltse audysje ôfwiisd wurdt. Hy is te âld, te jong, te lyts, te grut, mar yn elts gefal net wat de castingdirector siket. Syn ympressario George Fields helpt him út 'e dream: hy is te perfeksjonistysk en dêrtroch te dreech om mei gear te wurkjen. Dêrom wol gjin inkele regisseur of produsint him noch caste. Michael wurket dêrom as ober en as aktearcoach foar oare akteurs en knopet sa de eintsjes wat oaninoar. Hy wennet yn in appartemint dat er dielt mei syn maat Jeff Slater, in aspirearjend toanielskriuwer dy't as ober yn itselde restaurant wurket. Jeff skriuwt in toanielstik dêr't Michael en in stikmannich befreone akteurs yn spylje sille, mar om 'e produksje op 'e planken te bringen is ferlet fan $8.000.

Op in stuit heart Michael fia-fia dat in aktrise socht wurdt foar de rol fan sikehûsdirektrise Emily Kimberly yn 'e soapsearje Southwest General. Hy besiket om 'e nocht Sandy Lester, in aktrise mei wa't er befreone is en dy't er coacht, oan dy rol te helpen. Om't er driuwend ferlet hat fan jild om fia Jeff syn toanielstik syn eigen wurkpaad en de karriêres fan syn freonen fierder te helpen, beslút Michael om him sels as frou te ferklaaien, om te sjen oft er de rol sels ek yn 'e wacht slepe kin. Hy draait syn foar- en efternamme min ofte mear om en betinkt sa de namme 'Dorothy Michaels'. By de audysje set er fuortendaliks de seksistyske regisseur Ron Carlisle te plak, mar hy wit mei syn aktearjen sa'n yndruk te meitsjen op tillefyzjeprodusinte Rita Marshall, dat dy him oannimt.

De iennichsten dy't Michael oer syn aktiviteiten yn fertrouwen nimt, binne Jeff, om't se in appartemint diele en hy it dus net foar him geheim hâlde kin, en George Fields, om't de betelling fan syn salaris fia it ympressariaat rint. Beiden ferklearje se him foar gek, mar Jeff hat der fierders gjin ynfloed op en Michael wit Fields te bepraten om deryn mei te gean. Hy makket de produksje fan Southwest General wiis dat er in allergy hat, sadat er himsels thús opmeitsje mei. Dat is mar goed ek, want yn 'e tillefyzjestudio blykt er in klaaikeamer te dielen mei in oare aktrise, April Page.

Foar syn nije alter ego moat Michael in hiele nije garderôbe oanskaffe en sadwaande kriget er ynienen belangstelling foar frouljusklean. As er by Sandy thús is en sy in flugge dûs nimt foar't se tegearre (as freonen) in hapke ite sille, giet Michael op 'e sneup yn har kleankast. As se ûnferwachts gau út 'e baaikeamer komt, trappearret Sandy him net yn ien fan har jurken, mar wol yn syn ûnderbroek. Hy wol net opbychtsje dat er sels de rol op 'e kop tikke hat dy't sy sa graach hawwe woe, dat hy 'lost it op' troch te bearen dat er mei har op bêd wol. Ta syn ferheardens stimt Sandy dêryn ta, mar neitiid is se benaud dat de seks harren freonskip bedjerre sil. Michael beswart har by heech en by leech dat dat net sa is, mar troch syn nije wurk dêr't er har neat oer fertelle kin, komt syn omgong mei Sandy de folgjende tiid almar wer yn 'e knipe.

Michael set Emily del as in feministe dy't net oer har rinne lit. Dêrmei komt er sawol de rest fan 'e cast as de crew oer it mad, dy't ferwachten dat er har spylje soe as noch mar wer in swymjend frommes, sa't se yn it skript ek skreaun is. By in petear mei Sandy kriget Michael lykwols te hearren dat dy Emily Kimberly mar in healsêfte suffert is (hoewol't Sandy, dy't de rol sels hawwe woe, der fansels net alhiel ûnpartijich foaroer stiet). As er him neitiid by Jeff beklaget oer de freeslike dialooch dy't him soms taparte wurdt, freget Jeff him wêrom't er dan sels syn tekst net betinkt. Hy lûkt him ommers op oare mêden ek neat oan fan oaren. Michael beslút dat sarkastysk kommentaar foar goerie oan te nimmen, en neitiid feroaret er syn teksten op eigen manneboet as dat him goed taliket, wat regisseur Carlisle ta wanhoop driuwt. Dêrtroch wurdt Emily Kimberly lykwols al rillegau in nasjonale sensaasje, en de sjochsifers fan Southwest General klimme sa heech as se yn jierren net west hawwe.

Nettsjinsteande syn profesjonele súkses bringt syn alter ego Michael op it persoanlike flak hieltyd fierder yn 'e knipe. Hy fielt him seksueel oanlutsen ta Julie Nichols, dy't yn 'e searje in ferpleechkundige spilet, mar moat syn gefoelens foar har ûnderdrukke om't Julie him allinne mar ken as Dorothy Michaels. Julie is in allinnichsteande mem fan in oardel jier âlde poppe, dy't in ûnferstannige, neat te sûne relaasje ûnderhâldt mei regisseur Ron Carlisle. Julie en 'Dorothy' reitsje befreone. As Michael har op in jûn (as himsels) op in feest treft, besiket er syn problemen op te lossen (of noch yngewikkelder te meitsjen) troch har te fersieren mei in útspraak wêrfan't Julie earder oan 'Dorothy' ferteld hie dat se dêr sà foar falle soe. Michael komt lykwols bedragen út en kriget in glês sjampanje yn it gesicht smiten.

As Michael (ferklaaid as Dorothy) Carlisle oansprekt op dy syn minne behanneling fan Julie, bringt dy dêrfoar alderhanne arguminten en selsrjochtfeardigings op 't aljemint dy't Michael sels earder brûkt hat om syn behanneling fan Sandy goed te praten. 'Dorothy' har selsstannige, wisse manear fan hâlden en dragen hat lykwols ynfloed op Julie, dy't koarte tiid letter har relaasje mei Carlisle ferbrekt. Se nûget 'Dorothy' út om in lang wykein mei har en har dochterke Amy op it plattelân troch te bringen, op it boerespultsje fan har heit Les. Michael is twongen om dêr oan ien wei troch yn syn rol te bliuwen, mei't hy en Julie in sliepkeamer diele. Underwilens besiket Julie om 'Dorothy' oan har heit te keppeljen, dy't widner is.

Werom yn New York leit Michael, noch yn syn identiteit as Dorothy, it foarsichtich ta op Julie, dy't har deaskrikt en konkludearret dat 'Dorothy' in lesbiënne wêze moat. Se makket dúdlik dat sy dat sels net is en dat se 'Dorothy' har gefoelens net beäntwurdet. Ek freget se 'Dorothy' om har heit net oan it lyntsje te hâlden. Dat, 'Dorothy' praat dy jûns ôf mei Les om him foar iens en foar altyd te fertellen dat it neat tusken harren wurde kin. Mar Les komt ynienen op 'e lapen mei in diamanten trouring en in houliksoansyk. Om't er Les syn gefoelens sparje wol troch net kâldwei nee te ferkeapjen, seit Michael ta om it oansyk yn omtinken te nimmen.

As er letter thúskomt, wurdt er dêr opwachte troch John Van Horn, dy't yn Southwest General in âldere dokter spilet. De akteur is alhiel fereale rekke op 'Dorothy', en as Michael him deryn nûget om't er mei syn serenade op 'e strjitte de buorlju út 'e sliep hâldt, besiket Van Horn him oan 'Dorothy' te fertaasten, wat inkeld foarkomd wurdt troch de ûnferwachte thúskomst fan Jeff. As in pear minuten letter Sandy by harren foar de doar stiet en witte wol wêrom't er har tillefoantsjes negearret, moat Michael him halje-trawalje ferklaaie, wêrnei't er har fertelt dat er fereale rekke is op in oare frou. Sandy, dy't der foartiid tige by him op oanstien hie om earlik tsjin har te wêzen, fettet dat net bêst op; se gilt alles byinoar en kreëarret in hiel o-heden foar't se lulk in ein oan harren relaasje makket en fuortskonket.

Op syn wurk wurdt Michael ferrast troch produsinte Rita Marshall, dy't 'Dorothy' fertelt dat omreden fan har populariteit besletten is om 'e opsje yn har kontrakt te aktivearjen dy't de studio it rjocht jout om har foar it hiele oankommende seizoen fêst te lizzen. Michael is yn alle steaten, want hy sjocht it alhiel net sitten om noch in jier as frou omrinne te moatten. Hy freget syn ympressario George Fields om help, mar dy seit dat er bûn is oan it kontrakt dat er sels ûndertekene hat. As er net oan syn ferplichtings foldocht, kin de studio him foar de rjochter daagje foar skeafergoeding, en Fields sels ek.

Koarte tiid letter docht him lykwols wat foar dat Michael de kâns biedt om himsels út 'e problemen te heljen. In studiomeiwurker hat drinken oer de film fan ien fan 'e ôfleverings hinne griemd, sadat dy no ûnbrûkber is. Dat betsjut dat dy ôflevering op 'e nij spile wurde moat wylst er live útstjoerd wurdt. Oan 'e ein fan 'e ôflevering is Emily Kimberly earegast by in feestlike gearkomste yn it sikehûs. Michael begjint dan, ta skrik fan regisseur Carlisle en de rest fan 'e crew, wer syn eigen tekst te betinken, en yn in live-útstjoering kinne se neat oars dwaan as ôfwachtsje wêr't er dêrmei hinne wol. By in taspraak oan 'e rest fan 'e cast makket 'Dorothy' bekend dat de wiere Emily Kimberly dea is en dat 'sy' eins har twillingbroer Edward is, dy't har plak ynnommen hat om har te wreekjen. Mei dy wurden, útsprutsen mei syn wiere stim, skuort Michael mei in dramatysk gebeart syn prúk ôf, sadat foar eltsenien te sjen is dat er in keardel is.

De fans fan Southwest General binne lôgjende entûsjast oer dizze ûnferwachte ûntwikkeling, dat Michael kin ûnder syn kontrakt út sûnder dat er foar de rjochter sleept wurdt. Alles liket dus goed te betearen, mar Julie is sa poerrazen oer alle bedroch dat se him in terwinkel yn 'e skamstreek jout en neat mear mei him te krijen hawwe wol. In skoftke letter, as alle opwining wat delbêde is, siket Michael Les op yn dy syn stamkroech. Hy jout de trouring werom. Les byt him ta dat hy (Michael) allinne noch mar libbet om't se nea tute hawwe, mar as Michael útleit dat er de rol oannommen hat om't er ferlet fan jild hie en dat er akkoart gien is mei it wykein op it plattelân om't er fereale wie Julie, begjint Les him te ferjaan. Hy jout ta dat Dorothy eins hiel noflik selskip wie en akseptearret in bierke fan Michael.

Letter wachtet Michael Julie bûten de studio op. Se wol net mei him prate, mar hy rint har efternei en fertelt har dat er it bylein hat mei har heit. Uteinlik jout se ta dat se Dorothy mist. Michael seit tsjin har dat er mei har in bettere man wie as frou, as dat er mei in frou ea as man west hat. Dêr moat Julie om glimkje, en al pratend geane se de strjitte del.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise   Michael Dorsey /Dorothy Michaels /Emily Kimberly Dustin Hoffman Julie Nichols Jessica Lange

byrollen personaazje akteur/aktrise Sandy Lester Teri Garr Jeff Slater Bill Murray Ron Carlisle Dabney Coleman Les Nichols Charles Durning John Van Horn George Gaynes April Page Geena Davis George Fields Sydney Pollack Rita Marshall Doris Belack Jacqui Ellen Foley Jo Lynne Thigpen poppe Amy Nichols Amy Lawrence Diane Susan Egbert Linda Christine Ebersole frou Crawley Anne Shropshire

Produksje en distribúsje Preproduksje Yn 'e earste helte fan 'e 1970-er jierren skreau akteur Don McGuire in toanielstik mei as titel Would I Lie to You? ("Soe Ik Dy Foarlige?") oer in wurkleaze akteur dy't himsels ferklaait as frou om oan in rol te kommen. Dat gie ferskate jierren yn Hollywood rûn oant it yn 1978 ûnder de oandacht kaam fan komyk en akteur Buddy Hackett. Dyselde hie wol niget oan it spyljen fan 'e folle pleage ympressario fan 'e akteur, en liet it stik dêrom sjen oan Charles Evans, in Amerikaanske ûndernimmer dy't koartby besletten hie om in karriêre yn 'e filmyndustry te begjinnen, dêr't syn broer Robert Evans súkses hie as akteur, produsint en studiodirekteur.