Coco is in Amerikaanske kompjûteranimearre fantasykomeedzjedrama en coming-of-agefilm fan Pixar út 2017, ûnder rezjy fan Lee Unkrich. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Anthony Gonzalez en Gael García Bernal. De titel ferwiist nei de oerbeppe fan 'e haadpersoan. It ferhaal giet oer in tolvejierrige Meksikaanske jonge út in famylje fan muzykhaatsjende skuonmakkers, dy't op 'e Dei fan 'e Deaden by fersin oerbrocht wurdt nei yn it Lân fan 'e Deaden. Om dêr wer wei te kommen, hat er ferlet fan 'e help fan syn (deade) betoerpake, dy't muzikant wie. Fan 'e filmkritisy krige Coco oer it algemien tige positive resinsjes en yn 'e bioskopen woeks de film út ta in grut kommersjeel súkses. Coco wûn yn 2018 de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm, de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm en in grut ta oare prizen, wêrûnder in BAFTA, in Satellite Award, twa Saturn Awards en alve Annie Awards.

Plot Yn it Meksikaanske plakje Santa Cecilia dreamt de tolvejierrige Miguel Rivera derfan om in muzikant te wurden. It probleem is lykwols dat er heart ta de iennichste famylje yn hiel Meksiko dy't alle foarmen fan muzyk hatet. Syn betoerbeppe Mamá Imelda wie troud mei in man dy't har en har jonge dochterke Coco yn 'e steek liet om in karriêre as muzikant nei te stribjen en nea weromkaam. Dêrop ferballe Imelda alle foarmen fan muzyk út har eigen libben en dat fan Coco, learde harsels skuonmeitsjen en sette útein mei in eigen bedriuw om harsels en har dochter te ûnderhâlden. Sûnt binne de Rivera's sûnder útsûndering skuonmakkers en is muzyk by harren thús ûnbesprekber. Mar Miguel is krekt oarsom: hy hatet skuonmeitsjen en tinkt allinne mar oan muzyk.

Miguel bewennet mei fjouwer generaasjes fan syn famylje ien wente. Dêr makket Abuelita, syn bazige beppe, de tsjinst út, en hawwe syn heit en syn mem (dy't op alle dagen rint) eins net folle yn te bringen. Syn oerbeppe Coco is no tige heech op jierren en rekket stadichoan demint, sadat se amper noch praat. Fan 'e hiele famylje is sy Miguel lykwols it neist, om't se sa goed taharkje kin nei syn ferhalen. Temûk is Miguel in reuseftige fan fan 'e ferneamde muzikant Ernesto de la Cruz, dy't ek út Santa Cecilia kaam. Hy wurdt rûnom beskôge as de bêste sjonger, lietsjeskriuwer en gitarist út 'e Meksikaanske skiednis, dy't yn 1942 op relatyf jonge leeftyd omkaam doe't er ferplettere waard ûnder in losrekke tsjerkklok. Miguel hat himsels gitaarspyljen leard troch âlde tillefyzjebylden fan De la Cruz op te nimmen en yngeand te bestudearjen, mar moat dat allegear foar syn famylje geheim hâlde. Syn iennichste freon, oan wa't er alles kwyt kin, is de ûnnoazele strjithûn Dante.

Op 'e Dei fan 'e Deaden (in wichtige Meksikaanske hjeldei en betinking fan ferstoarne famyljeleden en freonen yn it ramt fan Alderheljen en Aldersielen) wurdt der op it sintrale plein fan Santa Cecilia in talintejacht holden, dêr't Miguel beslist oan meidwaan wol. Syn plantsje om temûk út te piken, mislearret lykwols en hy en Dante wurde twongen om beskûl te sykjen yn it fertrek dêr't de ofrenda stiet, it famylje-alter mei de foto's fan alle foarâlden dy't op dizze dei betocht wurde. Dante stompt de foto fan betoerbeppe Imelda en beppe Coco om, sadat it listke stikken falt. Op 'e foto stiet ek Imelda har man, de fuortrûne muzikant, mar de hoeke, mei dy syn holle derop, is fan 'e foto ôf skuord. No't Miguel de foto út 'e list hat, docht bliken dat der ek noch in stik dûbeld teard is: de muzikant blykt in gitaar yn 'e hân te hawwen. It is in tige kreas fersierde gitaar, dy't Miguel werom ken fan 'e bylden fan Ernesto de la Cruz. Hy komt ta de konklúzje dat De la Cruz syn fuortrûne betoerpake wêze moat.

As syn famylje foar it ferstân kriget dat Miguel fan doel is en doch mei oan in talintejacht foar muzikanten, pakt Abuelita syn gitaar ôf en slacht it ynstrumint oan gruzeleminten. Miguel naait poerrazen út, en besiket op it plein in gitaar fan ien fan 'e oare dielnimmende muzikanten te lienen, sadat er dochs noch meidwaan kin. Dat slagget net. Dêrop beslút Miguel de liifspreuk fan De la Cruz, "Gryp dyn kâns", yn 'e praktyk te bringen troch de fersierde gitaar fan De la Cruz sels út syn mausoleum op it tsjerkhôf fan Santa Cecilia te stellen. Sadree't er de snaren poent, wurdt er lykwols grepen troch de magy fan 'e Dei fan 'e Deaden, dy't him ûnsichtber makket foar libbene minsken, mar just sichtber foar de deaden. De iennichste út 'e libbene wrâld dy't no Miguel noch gewaarwurde kin, is de hûn Dante, dy't nei beleavjen tusken de beide wrâlden hinne en wer bewege liket te kinnen.

Syn heit en mem en syn oare famyljeleden, dy't efter him oan kommen binne en him op it tsjerkhôf sykje, sjocht Miguel noch wol, mar hy kin harren net mear oanreitsje, en sy sjogge him net mear. Wa't him wol sjogge, binne syn deade foarâlden, dy't oan him ferskine yn 'e foarm fan bewegende en pratende skeletten. Dat binne Papá Julio, de man fan oerbeppe Coco, Miguel syn âldomkes Tío Oscar en Tío Felipe en syn âldmuoikes Tía Rosita en Tía Victoria. Hja sille op 'e Dei fan 'e Deaden op besite by harren libbene neikommelingen, mar as se de libbene Miguel middenmank de deaden oantreffe, beslute se him mei werom te nimmen nei it Lân fan 'e Deaden, om syn betoerbeppe, Mamá Imelda, om rie te freegjen. Imelda koe nammentlik fan 't jier net oerstekke nei it Lân fan 'e Libbenen om't har foto blykber net op 'e ofrenda stie. (Dat kloppet, mei't Miguel dy noch altyd yn 'e bûse hat.)

Mamá Imelda stelt fêst dat Miguel ferflokt is om't er op 'e Dei fan 'e Deaden fan ien fan 'e deaden stellen hat. Hy moat sjen dat de flok foar sinne-opgong opheft wurdt, want oars sil er nea mear nei it Lân fan 'e Libbenen weromkeare kinne. Dat opheffen fan 'e flok giet simpel genôch: hy moat de seine fan ien fan syn foarâlden krije. Imelda wol him har seine wol jaan, mar easket yn ruil dêrfoar dat er dan nea mear muzyk meitsje sil. Miguel stimt dêrmei yn en wurdt troch har seine weromtransportearre nei it Lân fan 'e Libbenen. Hy hat lykwols gjin inkele bedoeling om him oan syn ûnthjit te hâlden, en poent daliks de gitaar fan De la Cruz wer, mei as gefolch dat er op slach fannijs nei it Lân fan 'e Deaden oerbrocht wurdt. Syn ferstoarne famyljeleden beskrobje him en besykje him jitris deselde seine te jaan yn ruil foar itselde ûnthjit. Miguel byt harren lykwols ta dat er nea syn dream opjaan sil om muzikant te wurden en naait út om ynstee De la Cruz te sykjen, sadat dy him syn seine jaan kin.

Sûnder dat er it sels opmerkt, wurdt Miguel op syn syktocht meifierd troch de hûn Dante, dy't mooglik ien fan 'e rjukleurige beskermgeasten is dy't yn it Lân fan 'e Deaden rûnom foarkomme (hoewol't Miguel dat ûnwierskynlik achtet, it ûnnoazele hâlden en dragen fan it bist yn acht nommen). Underweis moetet Miguel de suterige Héctor, in deade dy't wanhopige graach noch in kear nei it Lân fan 'e Libbenen weromkeare soe om syn dochterke te sjen. Hy is nammentlik lang lyn stoarn en as syn dochter him ferjit, is der gjin libbene mear oer dy't noch oantinkens oan him hat. As dat bart, ferdwine de deaden yn it neat. Syn probleem is dat er op 'e Dei fan 'e Deaden gjin besyk oan it Lân fan 'e Libbenen bringe kin om't nimmen syn foto op in ofrenda set hat. It docht lykwols bliken dat Héctor kunde hat oan De la Cruz. Dat hy en Miguel prate ôf dat Héctor Miguel by syn betoerpake bringe sil, en dat Miguel dan Héctor syn foto mei werom nimme sil nei it Lân fan 'e Libbenen om dy op in ofrenda te pleatsen.

Underwilens hawwe Mamá Imelda en de oare deade Rivera-famyljeleden de efterfolging ynset, mei't se wisberet binne om Miguel fan syn eigen nuvere opstigings te rêden. Om him werom te finen, ropt Imelda de help yn fan har beskermgeast Pepita, in reuseftige, fel kleure, fleanende kat. Héctor blykt al yn gjin tiden mear gedoente mei De la Cruz hân te hawwen, dat om tagong ta de ferneamde sjonger te krijen, dy't yn it hjirneimels yn in paleis wennet en in hiele kloft befeiligingsdeaden yn 'e tsjinst hat, nimt Héctor Miguel mei nei in talintejacht wêrfan't de winner De la Cruz moetsje mei. Sadwaande is Miguel syn earste optreden foar in publyk fan deaden. Mei helpt fan Héctor wurdt it in grut súkses, mar as Mamá Imelda-en-dy by de talintejacht arrivearje, moat Miguel wer útnaaie. Hy en Héctor krije wurden, en Miguel wit op eigen manneboet it paleis fan De la Cruz yn te glûpen.

Miguel kriget úteinlik De la Cruz sels te wurd, oan wa't er fertelt dat er syn betoerpakesizzer is. De sjonger is bliid ferrast en hjit him freonlik wolkom. Ear't er lykwols Miguel syn seine jaan kin, sadat dy nei it Lân fan 'e Libbenen weromkeare kin om in wurkpaad as muzikant te folgjen, wurdt harren moeting ûnderbrutsen troch Héctor, dy't noch altyd wanhopige graach wol dat Miguel syn foto mei weromnimt en op in ofrenda pleatst. Der blykt âldsear tusken Héctor en De la Cruz te bestean oer in partnerskip dy't se by it libben hiene. Héctor is nammentlik dejinge dy't alle lieten skreaun hat dêr't De la Cruz ferneamd mei wurden is, en dyselde hat altyd beart dat hy se sels skreaun hie. Dan komt út dat De la Cruz Héctor fermoarde hat troch him te fergiftigjen doe't Héctor harren partnerskip beëinigje woe om werom te kearen nei syn wiif en bern. Héctor hie altyd tocht dat it itensfergiftiging of sokssawat wie, mar as Miguel fertelt dat De la Cruz letter yn in film krekt sa'n sitewaasje brûkt hat, mar omdraaid, wêrby't immen it personaazje fan De la Cruz besiket te fergiftigjen en dêrby sekuer deselde wurden tsjin him sprekt as dy't De la Cruz by Héctor syn dea tsjin Héctor spriek, komt de moard (letterlik) út. Om foar te kommen dat syn misdie bekend wurde sil, lit De la Cruz sawol Héctor as Miguel oppakke troch syn befeilingslju en yn in djippe cenote (in natuerlike kalkstiennen saad) smite.

As Héctor foeteret dat De la Cruz him nei syn ferskes en syn gitaar no ek noch syn kâns op in weromsjen mei syn dochter ûntstelle sil, kriget Miguel foar it ferstân dat net De la Cruz, mar Héctor syn betoerpake is. It sjocht der min út foar harren, mei't der gjin kâns bestiet dat se eigenhandich út 'e cenote ûntsnappe kinne. Dante liedt lykwols de beskermgeast Pepita nei de cenota ta, en de fleanende kat hat gjin muoite om Miguel en Héctor derút te krijen. Mamá Imelda is der net wiis mei om har fan har ferfrjemde man Héctor werom te sjen, mar as Miguel har útleit dat Héctor al ûnderweis werom nei har en Coco wie doe't er troch De la Cruz fermoarde waard, begjint se (hiel stadich) te ûntteien. Neitiid lit Dante einlings syn wiere foarm sjen as in rjukleurige beskermgeast.

Om 'e foto fan Héctor werom te krijen, dy't De la Cruz ôfpakt hat, ynfiltrearje Miguel en syn deade famyljeleden in konsert fan 'e grutte muzikant, dat holden wurdt yn in stadion op 'e top fan in steile heuvel. Dêr wurdt Imelda troch omstannichheden twongen om foar it publyk in liet te sjongen, wylst se op 'e gitaar begelaat wurdt troch Héctor. Efter de skermen fan it konsert smyt De la Cruz Miguel by it klif fan 'e heuvel del, net wittende dat Miguel syn famyljeleden in kamera oanset hawwe, sadat wat er docht live te folgjen is foar it hiele publyk. Miguel wurdt rêden troch Pepita, mar ferliest de foto fan Héctor, dy't foargoed ferlern giet. As De la Cruz neitiid syn optreden ferfetsje wol, wurdt er ta syn ferbjustering útgeid troch it publyk en bekûgele mei tomaten. Dêrnei wurdt er troch Pepita it stadion út smiten, dat er delkomt yn in tsjerketoer dêr't er (op 'e nij) ferplettere wurdt ûnder in fallende tsjerkklok.