Die Hard with a Vengeance, soms Die Hard 3 neamd, is in Amerikaanske aksjefilm en plysjefilm út 1995 ûnder rezjy fan John McTiernan, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis, Samuel L. Jackson en Jeremy Irons. De titel is in fariaasje op 'e namme fan 'e foargeande films, dy't Die Hard hieten, wat letterlik "Stjer Dreech" betsjut (mar eins oerset wurde kin as "Taaienien"). Die Hard with a Vengeance betsjut dan sokssawat as "Stjer Noch Helte Dreger" (of "Noch Folle Taaierenien"). It ferhaal folget de New Yokske resjersjeur John McClane, dy't diskear it doelwyt wurdt fan in terrorist dy't himsels 'Simon' neamd. Dyselde lit him en in ûnwillige boarger, de swarte Zeus Carver, troch de hiele stêd hinne healwize en gefaarlike opdrachten útfiere en nuvere riedsels oplosse, nei't it skynt om wraak te nimmen op McClane foar de dea fan syn broer, dy't McClane sân jier earder ombrocht hat. Die Hard with a Vengeance wie it trêde diel yn 'e Die Hard-filmsearje, en folge as sadanich op Die Hard 2, út 1990. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in reuseftich kommersjeel súkses. Nettsjinsteande dat duorre it tolve jier foar't der in fjirde diel yn deselde rige útkaam: Live Free or Die Hard, út 2007.

Plot Yn 'e binnenstêd fan New York wurdt moarns, wylst de hiele stêd yn 'e file stiet om op it wurk te kommen, in warehûs ferneatige troch in terroristyske bomoanslach. Haadynspekteur Walter Cobb fan it New York Police Department (NYPD) ûntfangt neitiid in tillefoantsje fan in man dy't mei in Dútsk aksint praat en himsels 'Simon' neamt. Dyselde driget mei mear bomoanslaggen as it NYPD net docht wat er wol. En wat er wol is it Amerikaanske bernespultsje Simon Says spylje, wêrby't de spilers krekt dwaan moatte wat der sein wurdt as de sprekker de wurden "Simon says" ("Simen seit") brûkt. Simon fertelt Cobb dat er wol dat ynspekteur John McClane yn syn ûnderbroek troch de swarte wyk Harlem rint mei in sandwichboerd om mei dêrop de tekst "I Hate Niggers" ("Ik Haatsje Nikkers").

De plysje hat net folle kar as om oan Simon syn eask te foldwaan. Dat Cobb stjoert resjersjeurs Joe Lambert en Connie Kowalski derop út om McClane te sykjen. Dyselde stiet nammentlik op 't heden op non-aktyf. Sûnt er in jier lyn fan tafel en bêd skieden is fan syn frou Holly, is it mei McClane hurd yn it neigean rekke. Hy is oan 'e drank en as Lambert en Kowalski him opskarrelje, is er dan ek krekt oan it bekommen fan in flinke kater. Wylst er yn in plysjebuske út 'e klean giet en him tariedt troch sterke kofje te drinken en hannenfol aspirine yn te nimmen, hat er it mei resjersjeur Ricky Walsh oer de útslach fan 'e lotterij fan 'e foargeande jûn; Walsh, dy't altyd ynset op syn peinjenûmer 6991, hat wer bûten de prizen grepen. Nei't er yn Harlem yn syn ûnderbroek mei it sandwichboerd om útstapt is, lûke de oare plysjes har werom om him oer in kertier wer op te pikken.

Underwilens fertelt dêr fuortby de swarte elektrisiên en slottemakker Zeus Carver oan syn omkesizzer Dexter en ien fan syn freontsjes, dy't er op skoaltsjeskûljen trappearre hat, dat se sjen moatte dat se op skoalle komme. Se moatte in oplieding krije om foarút te kommen yn 'e maatskippij, sadat se letter net ta kriminaliteit ferfalle, of, noch minder, troch blanken holpen wurde moatte. As Carver McClane mei syn oanstjitjaand boadskip omrinnen sjocht, komt er út syn winkel om him it mannewaar op te sizzen. McClane fertelt him wa't er is en wêrom't er dit docht, wêrnei't Carver him helpt en ûntkom oan in manmachtige strjitbinde fan jonge swarten, dy't McClane fermoardzje wolle as se him yn 'e gaten krije. Werom op it plysjeburo skillet Simon wer op, dy't it flau fynt dat Carver syn spultsje bedoarn hat. Foar straf moat Carver no ek meispylje, en sa net, dan sil er mear bommen ûntploffe litte.

Gebrûkmeitsjend fan bernerymkes jout Simon oan McClane en Carver opdracht om binnen 30 minuten it metrostasjon oan Wall Street berikken, dat 90 stedsblokken súdliker leit. Helje se dat net, dan lit er in bom ôfgean yn 'e metro as dy dat stasjon binnenrint. Mei't de hiele stêd noch yn 'e file stiet, liket dat in ûnmooglike opdracht, mar nei't hy en Carver in taksy opfoardere hawwe, jeit McClane plankgas dwers troch Central Park, wêrnei't er in ambulânse skillet dêr't er it meastepart fan 'e restearjende ôfstân efteroan ride kin. By in oar metrostasjon stapt er út en springt er troch in fentilaasjeroaster op 'e metro dêr't it om giet, wylst Carver allinne fierder riidt nei Wall Street. McClane wit yn 'e metro de bom te finen, wylst Carver it metrostasjon op 'e tiid berikt. As Simon dêr nei in tillefoansel skillet, seit er lykwols dat de ôfwêzigens fan McClane reden is om 'e bom dochs ôfgean te litten. Aldergeloks slagget it McClane om 'e bom krekt op 'e tiid út 'e metro te smiten. De ûntploffing yn 'e tunnel soarget derfoar dat de metro ûntspoart, en de ravaazje yn it metrostasjon is ûnbidich, mar troch it optreden fan McClane falle der gjin deaden.

Neitiid wurdt McClane erchtinkend. De kâns dat hy en Carver op 'e tiid op Wall Street wêze koene, wie frijwol nihyl, dus Simon wie fan doel om 'e bom yn it metrostasjon hoe dan ek ôfgean te litten. As hy en Carver bekomme en ynformaasje útwikselje mei Cobb, Lambert, Kowalski, Walsh en de oaren, krije se besite fan in spesjaal agint fan 'e FBI en ien "fan in oare tsjinst". Dy fertelle harren dat Simon nei alle gedachten de eardere Eastdútske kolonel Peter Krieg is, dy't berne waard as Simon Peter Gruber. Hy is de broer fan Hans Gruber, dy't McClane sân jier earder fan it Nakatomi-gebou yn Los Angeles smiten hat, en hy is blykber út op wraak. Hy wurket gear mei in âld-ofsier út 'e lânmacht fan Hongarije, in Mathias Targo, en dy syn frou Katja, dat behurde terroristen binne.

Simon, dy't de aktiviteiten fan 'e plysje fan it dak fan ien fan 'e omlizzende gebouwen ôf yn 'e rekken hâldt, skillet Cobb wer op en fertelt him dat er in reuseftige bom pleatst hat yn in iepenbiere skoalle earne binnen de beboude kom fan New York. De bom is tarist mei in ûntstekker mei radioferbining, sadat er him op elts momint ôfgean litte kin. As er sjocht dat skoallen ûntromme wurde, sil er dat beslist dwaan. Oars giet de bom om persiis 15.00 oere middeis ôf. As McClane en Carver trochgeane mei it opfolgjen fan syn oanwizings en sa fernimstich binne dat se it spultsje oerlibje, sil er harren op 'e tiid de namme fan 'e skoalle jaan. Cobb beseft dat Simon net sein hat dat se net nei de bom sykje meie, allinne dat se gjin skoallen ûntromje meie. Dat, wylst McClane en Carver ôfsette foar harren folgjende opdracht, set Cobb alle plysjes yn New York, oanfolle mei brânspuitlju, jiskelju en alle oare gemeentlike wurknimmers dy't er besette kin, yn om 'e skoallen te trochsykjen. Om't Simon opmurken hat dat de radioferbining fan 'e ûntstekker "gefoelich is foar plysjeradio", wurdt de hiele sykaksje koördinearre fia tillefoansellen en it alaarmnûmer 9-1-1.

Fan syn útsjochtpost ôf stelt Simon tefreden fêst dat Cobb himsels fêstbiten hat yn it lokies. Sadree't it meastepart fan 'e plysje Wall Street ferlitten hat, arrivearret in hiele rige stellen kypweinen, sabeare om 'e ravaazje yn it metrostasjon op te romjen. De pear efterbleaune plysjes, ûnder wa Ricky Walsh, wurde lykwols deamakke, wêrnei't Simon, Targo, Katja en tsientallen fan harren trewanten úteinsette mei it graven fan in ûnderierdske tunnel út it metrostasjon wei nei de deunby leine Federal Reserve Bank of New York. Ien fan Targo syn mannen, Otto, in Hongaar dy't gjin Ingelsk sprekt, pakt de plysjepeinje fan 'e fermoarde Walsh ôf om himsels as in resjersjeur foar te dwaan. Yn 'e bank is it alaarmsysteem ûnderwilens útset, mei't dat troch de klap fan 'e ûntploffing yn it metrostasjon op 'e rin gien is. Sadwaande kinne Simon-en-dy frij maklik de bank binnenkringe. Nei't se de bewekkers oermastere hawwe, begjinne se mei swier materieel $140 miljard oan goudsteaven op te skeppen en yn 'e kypweinen te smiten.

McClane en Carver treffe in koffer mei in bom en dêroan fêstmakke skealjes oan by in fiver yn in plantsoentsje. Der steane twa kannen njonken, ien fan 3 gallon en ien fan 5 gallon. De bom giet oer fiif minuten ôf, of it moat wêze dat McClane en Carver foar dy tiid in kanne mei persiis 4 gallon wetter op 'e skealjes pleatse. Nei't se dat rekkenfraachstik oplost hawwe, binne McClane en Carver op 'e strjitte tsjûge fan it útnaaien fan in jong winkeldiefke. As McClane him tsjinhâldt en him freget oft er soms yn 'e finzenis belânje wol, antwurdet de snotjonge dat der gjin inkele plysje op 'e strjitte is en datst no it stedhûs wol stelle kinst sûnder oanholden te wurden. McClane beseft dat dat wier is, want alle plysjepersoniel is besteld mei it trochsykjen fan skoallen. En as der ien diel fan 'e stêd is dêr't absolút gjin skoallen te finen binne, dan is it wol op Wall Street, dat mei syn banken en effektebeurzen it finansjele hert fan 'e Feriene Steaten foarmet.

Hy en Carver geane werom nei Wall Street, dêr't McClane poalshichte nimt yn 'e bank dy't it deunst by it troffen metrostasjon leit, de Federal Reserve Bank of New York. Hy wurdt dêr ûntfongen troch in stikmannich plysjes (eins trewanten fan Simon dy't harsels as plysjes ferklaaid hawwe), dy't him útnûgje om 'e klûs te ynspektearjen, sadat se him op in ôfhandich plak fermoardzje kinne. Yn 'e lift omleech sjocht McClane lykwols dat de plysjepeinje fan ien fan 'e plysjes it nûmer 6991 hat, dat it peinjenûmer fan Walsh is. Hy reälisearret him dat er mei kriminelen yn 'e lift stiet, en yn in hommelse geweldsútbarsting komt er harren oer it mad en makket er se alle fjouwer dea.

Neitiid ûntdekke McClane en Carver de tunnel fan it metrostasjon nei de bank, dêr't McClane ek it stoflik omskot fan Walsh fynt. Mei't se ûnderweis nei Wall Street suver oerriden binne troch in kypwein, riddenearje se út dat it goud út 'e bank mei kypweinen ôffierd wêze moat. Wylst Carver de folgjende opdracht fan Simon útfiert, folget McClane it spoar fan in kolonne kypweinen nei it plak dêr't wurke wurdt oan in nij akwadukt om New York fan drinkwetter te foarsjen. It docht bliken dat de kypweinen de reuseftige tunnel fan it akwadukt ynriden binne, dy't trochrint oant it Catskill-berchtme yn it súdlike diel fan New York (steat), al kinne se net fierder komme as de tydlike keardaam dy't yn 'e tunnel oanbrocht is, in ein benoarden Yonkers. Fan 'e freonlike frachtweinsjauffeur Felix Little, dy't him nei it akwadukt riden hat, komt McClane it antwurd op it lêste riedsel te witten dat Simon him opjûn hat: "Wat is 21 fan 42?" Dat is nammentlik Chester A. Arthur, de 21e Amerikaanske presidint fan (yn 1995) 42.

Yn 'e tunnel fan it akwadukt sjit McClane twa man dea dy't Simon as efterhoede efterlitten hat. As er dêrnei sa dom is dat oer de portofoan by Simon yn te wriuwen, brûkt dy de bom út it plantsoentsje mei de fiver (dy't Carver op Wall Street ôflevere hat by guon plysjes dy't eins trewanten fan Simon wiene) om 'e tydlike keardaam yn 'e tunnel mei op te blazen om McClane te drinzgjen. McClane wit lykwols út 'e tunnel te ûntkommen troch in fentilaasjekanaal. Carver pikt him op, mar se wurde oanfallen troch in twatal fan Simon syn trewanten dy't Carver fan 'e lêste opdrachtlokaasje ôf folge binne. Nei't se mei dy lju ôfweefd hawwe, ûntdekt McClane yn harren besit in stikmannich kwartsjes, en hy beseft dat dy bedoeld binne om foar passaazje oer in tolwei te beteljen. Op dy wize riddenearret er út wat de bestimming fan Simon-en-dy wêze moat en spoare hy en Carver de kypweinen wer op oan 'e igge fan 'e Long Island Sound, dêr't se harren lading oerbrocht hawwe op in frachtskip.