Gwar faak yn haadletters stilearre as GWAR, in Amerikaanske trashmetalband. GWAR waard yn 1984 yn Richmond oprjochte, mei in faaks wikseljende line-up fan muzikanten. De band stiet bekend om harren grouwélige en skokkende, mar faaks ek hilaryske teksten. De band brocht yn 1988 syn debútalbum Hell-O út.
Skiednis GWAR ûntstie yn 1984 doe 't Dave Brockie, sjonger fan de punkband Death Piggy, twa studinten fan de Virginia Commonwealth University tsjinkaam. Dizze twa, Hunter Jackson en Chuck Varga, hiene in produksjebedriuwke opset wêrmei 't se in film meitsje woene. Dizze soe Scumdogs Of The Universe hjitte. De trije besleaten om gear te wurkjen. Sa út en troch trede Death Piggy op mei de kostúms dy 't Hunter en Chuck foar harren filmprojekt makke hiene. Se treden dan op ûnder de namme "Gwaaarrrgghhlllgh". Dit waard letter ynkoarte ta GWAR. Der wurdt faak te ûnrjochte tocht dat it in ôfkoarting wêze soe fan "God! What an Aweful Racket".
Op 3 novimber 2011 ferstoar gitarist Cory Smoot op 34 jierrige leeftiid. Smoot wie better bekend ûnder it pseudonym Flattus Maximus. Yn maart 2014 ferstoar David Brockie op 50 jierrige leeftiid, oan in oerdoasis heroïne.
By de GWAR-B-Q 2014, it jierliks weromkommende eigen festival fan de band, waard de opfolger fan Dave Brockie presintearre. Michael Bishop, dy 't earder yn de jierren 80 en 90 al lid fan de band wie as basgitarist, soe de nije frontsjonger wurde yn de rol fan Blöthar.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Hell-O11 septimber 1988Metal BladeScumdogs of the Universe8 jannewaris 1990America Must Be Destroyed31 maart 1992The Road BehindThis Toilet Earth29 maart 1994Ragnarök24 oktober 1995Carnival of Chaos25 maart 1997We Kill Everything6 april 1999Violence Has Arrived6 novimber 2001War Party26 oktober 2004DRTBeyond Hell29 augustus 2006Lust in Space18 augustus 2009Metal BladeBloody Pit of Horror9 novimber 2010Battle Maximus17 septimber 2013The Blood of Gods20 oktober 2017The New Dark Ages3 juny 2022Pit
Live-albums Album Utbrocht op Label You're All Worthless And Weak9 april 2002 Slave Pit Inc.Live from Mt. Fuji31 maaie 2005DRTScumdogs XXX Live10 septimber 2021Slave Pit Inc.
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opA Soundtrack to Kill Yourself To1997Slaves Going Single2000Let There Be Gwarmaaie 2004
Kategory:Amerikaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1984