Cornelis (Cees) Wilkeshuis (Harns, 9 desimber 1896 - Deventer, 30 april 1982) wie in Nederlânske ûnderwizer en skriuwer. Hy trochrûn in legere skoalle yn Harns dêr't yn deselde jierren ek de lettere skriuwers Simon Vestdijk en K. Norel ûnderrjocht krigen.

Wilkeshuis skreau 72 boeken, dêr't 56 fan berneboeken wiene. Hy betocht de ferhalen foar it berneprogramma Rikkel Nikkel, De Avonturen Van Een Robot dat yn 1961 en 1962 op de Nederlânske telefyzje útstjoerd waard.

Yn 1963 wûn Cees Wilkeshuis de Gulden Adelaar, de kultuerpriis fan de gemeente Deventer. Yn dy gemeente is ek in iepenbiere basisskoalle nei him ferneamd.

Keppeling om utens Biografyen, wyrken en teksten yn de DBNL

Kategory:Nederlânsk skriuwer Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1896 Kategory:Persoan stoarn yn 1982