Spectre is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 2015 ûnder rezjy fan Sam Mendes. De haadrollen waarden fertolke troch Daniel Craig as geheim agint James Bond, Léa Seydoux as de Bond girl Madeleine Swann en Christoph Waltz as de smjunt Ernst Stavro Blofeld. De titel betsjut letterlik "Spûk", mar is ek de ôfkoarting fan 'e geheime terroristyske organisaasje dêr't Bond it tsjin opnimme moat. Spectre waard makke nei in orizjineel senario. De plot folget James Bond as er troch in postúm boadskip fan 'e foargeande M op it spoar fan SPECTRE set wurdt. Hy ûntdekt dat de skiednis fan dy organisaasje nau ferweve is mei syn eigen ferline en giet in ferplichting oan om 'e dochter fan in ynformant te beskermjen.

Spectre wie it fjouwerentweintichste diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Skyfall, út 2012. Fan 'e filmkritisy krige Spectre oer it algemien ridlik positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súksesfol, nettsjinsteande de ekstreem hege produksjekosten. Spectre wûn in Oscar en in Golden Globe yn 'e kategory bêste orizjinele liet, foar de titelsong Writing's on the Wall fan Sam Smith. In folgjend diel yn 'e rige, No Time to Die kaam út yn 2021.

Plot James Bond, geheim agint 007 fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, is yn Meksiko-Stêd, dêr't er op 'e Dei fan 'e Deaden mei assistinje fan 'e Meksikaanske geheim aginte Estrella Luna in man folget dy't letter de Italjaanske hiermoardner Marco Sciarra blykt te wêzen. Bond lit Estrella yn syn hotelkeamer efter en begnúfd fan it plat dak fan in foaroerlizzend gebou de moeting dy't Sciarra yn in kantoarromte hat mei in pear oare mannen. Trochdat er yn 't foar ôflústerapparatuer yn it kantoar pleatst hat, kin Bond de mannen ôfharkje. Se lizze de lêste hân oan plannen foar in oankommende terroristyske oanslach op it fuotbalstadion fan Meksiko-Stêd. Bond besiket de mannen te likwidearjen, mar Sciarra wit te ûntkommen en blaast it hiele kantoar op. Dat skansearret it gebou sa, dat it ynstoart, wêrby't de gevel foaroer trûdelet en it gebou rekket dêr't Bond him befynt, dat troch de klap ek ynstoart.

Bond ûntkomt nauwerneed oan 'e dea en set de efterfolging yn op Sciarra, dy't útnaait. Op in plein wurdt de hiermoardner oppikt troch in helikopter, mar Bond kringt it tastel ek binnen foar't it wer opstiigje kin. Dêrnei ûntjout him in spektakulêre fjochtpartij yn 'e loft, wêrby't Bond op 't langelêst sawol Sciarra as de piloat út 'e helikopter smyt, dat se te pletter falle. Dêrnei nimt er sels de kontrôle oer it tastel oer en fljocht kalmkes fuort. By de fjochtpartij hat er Sciarra syn ring ôfpakt, dêr't in stilearre oktopus yn gravearre is.

Nei syn weromkear yn Londen wurdt Bond fuortendaliks op it matsje roppen by Gareth Mallory, de hjoeddeistige M, oftewol de sjef fan MI6. It docht bliken dat Bond alhiel net autorisearre wie foar syn aksje yn Meksiko-Stêd, dy't er blykber folslein op eigen manneboet útfierd hat. M is lulk oer de grouwéligen skea dy't troch Bond syn tadwaan oanrjochte is en easket in ferklearring foar Bond syn dieden. Bond wegeret dy lykwols te jaan. Dêrop wurdt er op non-aktyf set en meid er Londen net mear ferlitte. As er út it kantoar giet, treft Bond de folgjende ôfspraak fan M.

Dat is Max Denbigh, de direkteur-generaal fan 'e nije Joint Intelligence Service, dy't foarme is út in fúzje fan MI5 en MI6. Foar de nije ynljochtingetsjinst wurdt in nij haadkertier boud dat troch it bedriuwslibben betelle wurdt, lyk oan 'e foaroerlizzende igge fan 'e Teems fan it âlde haadkertier fan MI6, dat koartby opblaasd is (sjoch: Skyfall) en no in útbaarnde ruïne is. Denbigh, dy't troch Bond fuortendaliks "C" neamd wurdt, is mei M yn in machtsstriid ferwikkele, mei't er it '00'-fjildaginteprogramma efterhelle fynt en opheffe wol. Hy leaut nammentlik dat alle spionaazje effisjinter digitaal dien wurde kin en likwidaasjes mei drones útfierd wurde kinne. Ek is er der in grut foarstanner fan om alle ynformaasje fan 'e ynljochtingetsjinsten fan it njoggen lannen tellende inisjatyf 'Nine Eyes' ûnbeheind mei-inoar te dielen.

Letter freget Bond de sekretaresse fan M, Eve Moneypenny, om dy jûns by him thús del te kommen. As se dat docht, nimt er har as iennichste yn fertrouwen en lit har in fideo sjen dy't er ûntfongen hat nei de dea fan 'e foargeande M, mei in postúm boadskip fan har. Dêryn jout se Bond opdracht om, yn it gefal fan har dea, Marco Sciarra op te spoaren en te deadzjen, en dan oanwêzich te wêzen op syn begraffenis. Bond freget Moneypenny om temûk ûndersyk foar him te dwaan nei "de Bleke Kening", in namme dy't Sciarra by syn moeting yn Meksiko-Stêd falle litten hat as immen dy't fermoarde wurde moat. De begraffenis fan Sciarra is oer trije dagen yn Rome, mar de hjoeddeistige M lit by in lichaamlike keuring troch Q, de kertiermaster fan MI6, "smart blood" by Bond ynjektearje, mei in stjoerderke, sadat syn lokaasje tenei altyd kontrolearre wurde kin. Bond freget Q lykwols om syn gean en litten yn 'e kommende pear dagen te fertsjustermoanjen en Q stimt dêrmei yn.

It direkte befel fan M negearjend, reizget Bond nei Rome foar de begraffenis. Dêr treft er Sciarra syn net bot roujende widdo Lucia, dy't nei hûs ta folge wurdt troch in pear hiermoardners fan 'e kriminele organisaasje dêr't har man ta hearde. Bond deadet de hiermoardners en ferliedt Lucia, wêrnei't er har yn kontakt bringt mei syn freon Felix Leiter fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, dy't har opnimme litte sil yn it Amerikaanske tsjûgebeskermingsprogramma.

Mei't Lucia him ferteld hat dat der noch dyselde jûns yn Rome in gearkomste fan 'e lieders fan 'e kriminele organisaasje plakfine sil om 'e gefolgen fan 'e dea fan Sciarra te bepraten, bejout Bond him dêrhinne en ynfiltrearret de gearkomste troch fertoan fan 'e ring fan Sciarra. It docht bliken dat de organisaasje folle grutter en gefaarliker is as Bond foar mooglik holden hie. Op 'e gearkomste is er tsjûge fan rapportearrings oer de fuortgong fan in plan om funksjonarissen fan 'e Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) te eliminearjen om it monopoalje op kanker- en AIDS-medisinen yn Afrika yn 'e hannen te krijen, en oer de stân fan saken by de difyzje dy't him taleit op frouljushannel, wêrby't op 't aljemint brocht wurdt dat wrâldwiid al 160.000 froulju "yn 'e frijetiidssektor pleatst" binne. Bond ken de skimige lieder fan 'e organisaasje werom as Franz Oberhauser, in persoan út syn eigen persoanlike ferline. Sciarra, dy't opdracht hie om 'e Bleke Kening te fermoardzjen, wurdt datoangeande ferfongen troch de ûnmeilydsume hiermoardner Hinx.

Op dat punt fan 'e gearkomste wurdt Bond by namme wolkom hjitten troch Oberhauser, dy't útfigelearre hat dat Bond syn organisaasje witten hat te ynfiltrearjen. Bond pykt út, mar wurdt yn syn Aston Martin DB10 dwers troch Rome efterfolge troch Hinx yn in Jaguar C-X75. Underwilens skillet Bond Moneypenny op, dy't him ynformearret dat de 'Bleke Kening' nimmen oars is dhr. White, in earder lid fan 'e kriminele organisaasje Quantum, mei wa't Bond jierren earder gedoente hân hat (sjoch: Quantum of Solace). Dyselde is blykber yn ûngenede fallen. Bond freget Moneypenny om ûndersyk te dwaan nei Oberhauser, dy't al tweintich jier dea heart te wêzen. Troch de Aston Martin op te offerjen, wit Bond de fêsthâldende Hinx úteinlik ôf te skodzjen.

Neitiid spoart Bond White op oan 'e Altaussee, yn Eastenryk, dêr't er yn syn blokhutte yn 'e Alpen stadichoan stjert oan 'e gefolgen talliumfergiftiging, feroarsake trochdat syn eardere kornuten tallium yn syn mobile tillefoan stoppe hiene. It docht bliken dat White in dochter hat, dokter Madeleine Swann, dy't ek op 'e deadelist fan syn eardere wurkjouwer stiet. Bond, dy't om ynformaasje ferlegen sit, goait it op in akkoartsje mei White: hy sil Madeleine beskermje as White him fierder helpt. Om 'e man te oertsjûgjen dat it him mienen is, langet Bond him syn pistoal oer. White stimt ta en jout Bond oanwizings om Madeleine te finen; sy wit wêr't l'Américain (Frânsk foar "de Amerikaan") is en sil him fierder helpe. Dêrop brûkt White Bond syn pistoal om in ein oan syn lijen te meitsjen troch himsels troch de holle te sjitten.

Bond besiket Madeleine yn in lúkse klinyk op in berchtop, dêr't se as psychiater wurket. Sy wol lykwols neat fan har heit witte en hjit him om op te sokkebaljen en har gewurde te litten. Bond bliuwt yn har neite omhingjen, dêr't er opsocht wurdt troch in ûngerêste Q, dy't Bond warskôget dat er him net lang mear in hân boppe de holle hâlde kin. Bond langet him de ring fan Sciarra oer en freget him dêr ûndersyk nei te dwaan. As Q him mei in gondel wer ôfjout by de berch del, wurdt er folge troch in ûnbekende man. Hy makket inkele bange mominten troch ear't er oan syn efterfolger ûntsnappe kin. Underwilens wurdt Bond gewaar dat Madeleine troch in tal bewapene keardels û.l.f. Hinx út har kantoar ûntfierd wurdt, wêrnei't se mei har fuortriden yn in konfoai fan in trijetal auto's. Hy set yn in stellen fleanmasine de efterfolging yn en wit har te befrijen.

Bond en Madeleine moetsje Q yn dy syn hotelkeamer. Underwilens is Q derfan oertsjûge rekke dat Bond echt wat op it spoar is. Oan 'e hân fan 'e ring hat er witten fêst te stellen dat Oberhauser yndie noch libbet, en boppedat konneksjes hat mei ferskate eardere tsjinstanners fan Bond: Le Chiffre (sjoch: Casino Royale), Dominic Greene (sjoch: Quantum of Solace) en Raoul Silva (sjoch: Skyfall). Madeleine identifisearret de organisaasje dêr't har heit en al dy mannen ta hearden as SPECTRE.

Neitiid docht Madeleine mei tsjinnichheid wat har heit woe en bringt Bond nei l'Américain, wat net in persoan, mar in hotel blykt te wêzen. It is it spesifike hotel yn 'e Marokkaanske havenstêd Tanger dêr't Madeleine har âldelju har houliksreis trochbrochten, en dêr't se neitiid elts jier wer hinne op fakânsje giene. Sels nei't har mem in ein oan it houlik makke hie, kearde White noch altyd ienris yn it jier nei deselde hotelkeamer yn Tanger werom. Bond is derfan oertsjûge dat der yn 'e keamer bewiismateriaal ferburgen wêze moat dat him fierder liede kin. Syn ûndersyk is lykwols om 'e nocht, oant er te neare nacht, as er yn it tsjuster ta de sterke drank sit wylst Madeleine sliept, in mûs op lapen kommen sjocht. As er it bistke skrikke lit troch te ferwegen, ferdwynt it efter in wand troch in gatsje yn 'e plint. Bond brekt troch de wand hinne en ûntdekt in geheime wurkromte mei in kompjûter en alderhanne dokuminten en âlde VHS-fideobannen, mei dêropta in lânkaart dy't nei in lokaasje djip yn 'e Marokkaanske Sahara ferwiist, dêr't eins neat wêze moatte soe. Madeleine sjocht yn 'e geheime romte oan 't lewant in kollaazje fan bernefoto's fan harsels hingjen.

Underwilens is yn Londen de machtsstriid tusken M en C oanboaze ta in iepen fijânskip. C lit blike dat er wit wêr't Bond mei dwaande is troch it tillefoanpetear dat Bond út Rome wei mei Moneypenny hie foar M ôf te spyljen. Ynstee dat M lulk wurdt dat Bond in direkt befel yn 'e wyn slein hat, is er skokt dat C blykber MI6-aginten ôflústeret. C reägearret troch te sizzen dat er eltsenien ôflústeret. Nei dy moeting besykje Moneypenny en Q om M safier te krijen dat er Bond aktyf helpt, mar M seit dat se neat doare te dwaan om't alles wat se dogge yn 'e gaten holden wurdt. Ynstee jout er Q opdracht om alle smart blood-bestannen te ferneatigjen, sadat nimmen Bond mear weromfine kinne sil.