Dirty Rotten Imbeciles, better bekend ûnder de ôfkoarting D.R.I. is in Amerikaanske hardcore punkband yn 1982, yn Houston oprjochte. Yn 1983 kaam har debútalbum "Dirty Rotten LP" út. De orizjinele line-up bestie út Spike Cassidy (gitaar), Kurt Brecht (sang), Eric Brecht (drums) en Dennis Johnson (bas).

Oant hjoed ta hat D.R.I. sân folsleine studio-albums útbrocht. Utsein trije nije nûmers op de yn 2016 útbrochte EP But Wait... There's More! , hawwe se sûnt Full Speed Ahead yn 1995 gjin folslein studio-album mear útbrocht. Dochs is de band hast alle jierren te toeren, en giene benammen tusken 2004 en 2009, doe 't by Cassidy termkanker fêststeld waard in pear kear mei skoft. Sûnt op syn minst 1998 hat D.R.I. wurke oan harren achtste folsleine studio-album, dat noch net útbrocht is.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Dirty Rotten LPmaart 1983Dirty RottenDealing with It!maart 1985Metal BladeCrossover9 maart 19874 of a Kind27 juny 1988Thrash Zone10 oktober 1989Definition20 oktober 1992Dirty RottenFull Speed Ahead24 oktober 1995

Live-albums Album Utbrocht op Label Live1994Dirty RottenLive at CBGB's 198411 oktober 2005

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opGreatest Hits21 augustus 2001

Kategory:Amerikaanske punkband Kategory:Amerikaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1982