Wybe Jelles van der Meer (Wâldsein, 18 juny 1883 – Aurora, 7 maaie 1948) wie in Frysk/Amerikaanske arsjitekt en komponist.
Libben en wurk Wybe Jelles van der Meer gie yn 1906 út Wâldsein wei nei Grand Rapids, Michigan yn de Feriene Steaten. Yn Grand Rapids wurke er as timmerman, mar nei syn ferhuzing nei Chicago waard er arsjitekt (BNA en A.I.A ). Yn 1915 waard er Amerikaansk steatsboarger en yn 1919 ferhuze er nei Aurora (Illinois). In jier letter, op 17 febrewaris 1920 troude er mei Engelina Maria Verhaaff yn Amersfoart. Se wennen oant 1922 yn Aurora. Yn dat jier ferhuzen se nei Rockford, Illinois en dêr begûn syn fruchtbere perioade.
Wybe van der Meer wie in bekende arsjitekt fan tsjerkegebouwen. Hy kreëarre tal fan ûntwerpen foar tsjerken, mar ek foar skoallen en sikehuzen. Yn de tweintiger jierren wurke er foar it aartsbisdom Dubuque en benammen it bisdom Rockford, in gebiet dat tolve countys yn it noardwesten fan Illinois omfette. Syn wurk yn Aurora (Illinois) omfette St. Theresa Church and School (1926 ), Fox Valley Catholic High School en Madonna Catholic High School for Girls (1926). Hy ûntwurp ek in nij gebou foar Aurora's tredde stedssikehûs, St. Joseph Mercy. Ynwijd op 20 septimber 1931, in jier foar it ôfmeitsjende fan it nije St. Charles hospitaal (yn art deco-styl), wie St. Joseph Mercy in struktuer yn goatyske styl mei seis ferdjippings. It meast opfallende skaaimerk fan it sikehûs wie in toer fan sân en in heale ferdjipping mei fyngefoelich stienwurk.
Yn 1934 gie er fallyt en ferhuze mei syn húshâlding werom nei Aurora. Dêr wenne en wurke er oant syn ferstjerren yn 1948. Yn de Feriene Steaten ûntwurp er njonken in soad katolike gebouwen, fan skoallen oant kleasters en tsjerken ek ferskate wenhuzen. Dêrneist skreau er muzykstikken en gedichten yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk.
Nei syn ferstjerren waard er repatriearre en beïerdige yn Sint Nyk.
Wurk As arsjitekt 1918, Inglaterra Ball Room, Rockford, Illinois 1922, 128-130 Smith Avenue, Rockford, Illinois 1922, Haskell Park, Rockford, Illinois 1922, St Mary's Catholic School, 222 Waterman St, Sycamore, Illinois 1923, St Stanilaus Roman Catholic School 1924, Muldoon Grade School, Rockford, Illinois 1925, Saint Gall Church, Elburn, Illinois 1926, Saint Theresa Church and School 1926, St Mary Catholic Church, Durand, Illinois 1926, Fox Valley Catholic High School, 1926, Madonna Catholic High School for Girls 1926, Stratford Apartments Rockford, Illinois 1926, 2623 High Crest Road, Rockford, Illinois 1926, Chapel for the Corpus Christi Monastery of perpetual Adoration 1927, St. Anthony School, Dubuque, Iowa 1927, 1619 Westchester Drive, Rockford, Illinois 1927, 1915 Oxford Street, Rockford, Illinois 1928. St. Charles Borromeo, Hampshire, Illinois 1928, Burrmont, Road, Rockford, Illinois 1928, 1619, Pleasant View Court Bungalow, Rockford, Illinois 1928, 2809 High Crest Road, Rockford, Illinois 1928, Grotto Saint Mary Church, Rockford, Illinois 1929, St. Anne Church, Dixon, Illinois 1929, St. Mary Gymnasium, Woodstock, Illinois, 1929, 807 Garfield Avenue, Rockford, Illinois 1929, Chancery Office of St. Peter, Rockford, Illinois 1929, Saint Thomas High School (boys)], Rockford, Illinois 1929, Muldoon High School (girls), Rockford,Illinois 1929, 701 S. Park Boulevard, Freeport, Illinois 1929, St. Patrick School, Rochelle, Illinois 1929, St. Vincent Orphanage, Freeport, Illinois 1930, St. Patricks School, Rockford, Illinois 1930, 1402 North Main Street, Rockford, Illinois 1930, St. Laurence School and Church, Elgin, Illinois 1930, St. Joseph Catholic School, Bellevue, Iowa 1930, Saint Mary Catholic Church, Huntley, Illinois 1930, George Rempe Memorial School, St. Charles, Illinois 1931, 2819 High Crest Road, Rockford, Illinois 1931, St. Joseph Mercy hospital, Aurora, Illinois 1932, St. Charles Hospital, Aurora, Illinois 1937, St. Mary Church, Mc. Henry, Illinois 1941, 1332 Evelyn Street, Rockford, Illinois Bouwjaar onbekend 1319 Charles Street (voorheen 3rd Avenue), Rockford, Illinois Bouwjaar onbekend, St. Anthony Church of Padua Bouwjaar onbekend, Saint Patrick Grade School, Rockford Bouwjaar onbekend, St. Aloysius Church, Calmar, Iowa
As komponist Van der Meer sy muzyk waard útjûn yn Amsterdam by Alsbach. 1915, Simmerjoun yn 'e frjemdte; Alsbach, Amsterdam 1916, Op de brêge; liet for twa sjongstimmen mei pianolieding, Alsbach, Amsterdam 1918, He Will Come Back Again 1918, Ljeafde-dream; liet for ien sjongstimme mei pianolieding, Alsbach, Amsterdam 1925, Jounsang, Wybe J. van der Meer, Alsbach Amsterdam A la porte de l'amour, Valse pour piano A la porte du paradis, pour piano Een lied van weemoed, meditatie. Gebed zonder woorden voor viool met piano My tulip girl, song mei piano That beautiful Alsace Lorraine, Waltz mei pianosolo The ways of love, Waltz mei pianosolo
Kategory:Amerikaansk arsjitekt Kategory:Frysk komponist Kategory:Amerikaansk komponist Kategory:Amerikaansk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Wâldsein Kategory:Persoan berne yn 1883 Kategory:Persoan stoarn yn 1948