Night at the Museum: Battle of the Smithsonian is in Amerikaanske fantasykomeedzjefilm út 2009 ûnder rezjy fan Shawn Levy, mei yn 'e haadrollen Ben Stiller en Amy Adams. De titel betsjut "Nacht yn it Museum: De Slach om it Smithsonian". De film is it twadde diel fan 'e Night at the Museum-filmtrilogy, en folget as sadanich op Night at the Museum, út 2006. De plot ferfettet it ferhaal fan nachtwachter Larry Daley, dy't befreone rekke is mei de besjensweardichheden út it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York, dy't nachts op magyske wize ta libben komme. As besletten wurdt om de útstallings yn it museum te ferfangen troch ynteraktive holografyske ynformaasjejouwers, wurde syn freonen opslein yn 'e argiven ûnder it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C. Dat rint alhiel mis, en Larry moat dêrhinne om regaad te meitsjen. Night at the Museum: Battle for the Smithsonian krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. In trêde diel yn deselde searje waard yn 2014 útbrocht ûnder de titel Night at the Museum: Secret of the Tomb.
Plot Trije jier nei de foarfallen yn 'e earste film is Larry Daley net mear nachtwachter by it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York, om't er no in eigen bedriuw hat dat syn útfinings ferkeapet. Dat docht it sa goed dat er no miljonêr is, mar lykwols wurdt er fan syn maatskiplik súkses net gelokkich. Om alles yn goede banen te lieden is Larry suver dei en nacht yn tou en hat er amper noch tiid foar syn teenagesoan Nick. Ek is it al moannen lyn dat er foar it lêst syn freonen opsocht hat yn it museum, dêr't troch de magyske wurking fan 'e Tafel fan Ahkmenrah, in magysk artefakt út 'e Egyptyske Aldheid, by nacht alle besjensweardichheden ta libben komme.
As Larry foar it earst yn tiden wer ris it museum besiket, binne se dêr dwaande om alle besjensweardichheden yn kisten te stopjen, om se ôf te fieren nei de Federale Argiven ûnder it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C. De útstallings yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum wurde nammentlik op basis fan in idee fan 'e rie fan tafersjoch hast allegear ferfongen troch ynteraktive holografyske ynformaasjejouwers, sa heart Larry fan konservator McPhee, dy't it sels net mei de gong fan saken iens is. Nei't it nacht wurden is, fertelt it waaksen byld fan presidint Theodore Roosevelt oan Larry dat hysels, mei de Tafel fan Akhmenrah, de mummy fan Akhmenrah, it skelet fan 'e Tyrannosaurus rex yn 'e lobby fan it museum en inkele oare as ûnmisber beskôge stikken yn it museum bliuwe sil. Dat de Tafel fan Akhmenrah net meigiet nei it Smithsonian betsjut dat de measten fan Larry syn freonen nea wer ta libben komme sille.
De oare deis nimt Larry kontakt op mei de rie fan tafersjoch fan it museum om te besykjen de leden op oare gedachten te bringen, mar dat is om 'e nocht. De museumstikken wurde op transport set nei Washington, D.C. Dy jûns let kriget Larry tillefoan fan syn freon Jedediah, it miniatuer fan in cowboy, dy't him warskôget dat der in ramp op til is. It ûndogenske opsette kapusynaapke Dexter hat nammentlik de Tafel fan Akhmenrah út it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum stellen en meismokkele nei it Smithsonian. Dêrtroch binne dêr no alle museumstikken ta libben kommen, wêrûnder de mummy fan Kahmunrah, de boasaardige âldere broer fan Akhmenrah, dy't de Tafel brûke wol om tagong ta it deaderyk te krijen om in leger gear te stallen dêr't er de wrâld mei feroverje kin.
Larry reizget op stel en sprong ôf nei Washington, D.C., dêr't er de oare deis it Smithsonian Ynstitút besiket, dat eins in kloft fan njoggentjin byinoar hearrende museä is mei in kolleksje fan 137 miljoen ûnderskate foarwerpen. Om tagong te krijen ta de Federale Argiven ûnder de museä makket Larry op slûchslimme wize de ûnnoazele befeiligingsman Brundon syn tagongspaske ôfhannich. Hy fynt de klaaikeamers fan 'e befeiligingslju en stelt dêr in unifoarm, wêrnei't er yn 'e grimelgrammel fan opslein guod op 'e siik giet nei syn freonen.
Underweis ûntdekt er yn in grutte kiste in reuze-oktopus, dy't er gau-gau wer weromstoppet. Op 't langelêst sjocht er in faraofiguer en in stikmannich fan syn krigers yn driigjende hâlding om in seecontainer hinne stean, en dêr blike syn freonen beskûl yn socht te hawwen: Jedediah en syn cowboys, de like lytse sintuerion Octavius en de miniatueren fan syn Romeinske soldaten, it polyuretanen byld fan 'e Yndiaanske gids Sacajawea, de waaksen bylden fan Attila de Hun, fjouwer fan syn krigers en trije Neändertalers, en Dexter mei de Tafel fan Akhmenrah.
Larry wit de Tafel fan Akhmenrah te bemachtigjen, mar ear't er mei it artefakt útnaaie kin, giet de sinne ûnder en komme alle museumstikken ta libben. Kahmunrah twingt Larry om him de Tafel oer te langjen, mar lit him troch Larry te fiter nimme as dy freget oft er net in nòch folle machtiger artefakt hawwe wol: de Kubus fan Rubik. De farao lit him en syn mannen troch Larry nei it plak liede dêr't dat foarwerp opburgen leit, mar as Larry de grutte kiste iependocht dêr't it yn sitte moatte soe, springt der ynstee in reuze-oktopus foar 't ljocht, dy't Kahmunrah en syn krigers oanfalt. Yn 'e gaos dy't dan ûntstiet, wit Larry de Tafel fan Akhmenrah werom te stellen en út te naaien. Mei help fan it waaksen byld fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dy't him oanriedt om altyd earst te dwaan en dan pas nei te tinken, wit er foarearst oan 'e krigers fan 'e farao te ûntkommen.
Op 'e flecht foar Kahmunrah syn mannen siket Larry in útwei út 'e argiven. Underweis kriget er selskip fan it waaksen byld fan 'e aventoerlike froulike loftfeartpionier Amelia Earhart, mei wa't er it boppegrûnske diel fan it museumkompleks wit te berikken. Dêr moatte se foar de krigers fan 'e farao beskûl sykje yn 'e V-J Day in Times Square-foto, dêr't se de krigers finzen witte te setten. Ek treffe se dêr de reuze-oktopus wer, dêr't Larry freonskip mei slút troch it bist te bespatten mei it wetter út in skilderij fan in seelânskip. Letter moetsje se in trijetal tige yrritante fleanende stiennene byldsjes fan Kupido, dy't mar hawwe wolle dat Larry en Amelia fereale opinoar reitsje.
Underwilens siket Kahmunrah nei it ferlies fan syn krigers nije trewanten om it smoarge wurk foar him op te knappen. Dêrfoar kiest er in trio boasaardige histoaryske persoanen út, yn 'e foarm fan 'e waaksen bylden fan 'e Russyske tsaar Ivan de Ferskriklike en de Frânske keizer Napoleon Bonaparte, en de swart-wytfotografyske werjefte fan maffiabaas Al Capone. Napoleon en syn soldaten nimme Larry finzen en leverje him ôf by Kahmunrah, dy't lykwols de poarte nei it deaderyk mei de Tafel fan Akhmenrah net iepenkrije kin om't syn âldelju, dy't syn jongere broer Akhmenrah altyd foarloeken, de "siferkoade wer feroare hawwe" om him bûten te sluten. Underwilens ûntsnappe Jedediah en Octavius út 'e seecontainer, mar Jedediah wurdt fuortendaliks wer finzen nommen troch Capone syn trewanten, wylst Octavius útnaait om help te heljen. Kahmunrah stoppet Jedediah yn in sânrinner en jout Larry de Tafel fan Akhmenrah werom, sadat er persiis in oere de tiid hat om 'e koade te ûntsiferjen foar't syn lytse freon troch ferstikking ûnder it sân om it libben komme sil.
Larry giet op 'e siik nei immen dy't de tekst op 'e Tafel foar him út it Egyptysk oersette kin. Amelia liedt him nei De Tinker fan Rodin, dy't lykwols net sokke djippen tinzen blykt te hawwen. Ynstee geane se te rie by in brûnzen boarstbyld fan presidint Theodore Roosevelt, dy't winliken mear dwaande is mei syn jaloerskens op syn wjergader yn it Amerikaanske Natoerhistoarysk Museum, dy't earms en skonken hat, as mei harren te helpen. As er úteinlik de tekst oerset, blykt de útkomst noch suver like riedselich te wêzen as de hieroglifen dêr't er yn skreaun is: de siferkoade is "it geheim yn it hert fan 'e farao syn tombe". Underwilens rekket Amelia Earhart fereale op Larry, oant se him op in stuit tutet, wat de trije Kupido's wer oanlûkt, dy't har it liet My Heart Will Go On fan Celine Dion tasjonge.
Mei't Larry him tebinnenbringt dat er earder by in besyk oan it Nasjonaal Loft- en Romtefeart Museum (in ûnderdiel fan it Smithsonian) in stikmannich bobblehead dolls fan Albert Einstein stean sjoen hat, beslute hy en Amelia harren heil dêr te sykjen. As se de National Mall oerstekke fan it iene nei it oare museum, mient Kahmunrah lykwols dat Larry besiket út te naaien en stjoert er Ivan de Ferskriklike en syn soldaten efter him oan. Sadwaande moatte Larry en Amelia beskûl sykje yn it Tinkteken foar Lincoln, dêr't it reuseftige moarmeren stânbyld fan presidint Abraham Lincoln ta libben komt en harren ferteld hoe'n grouwéligen hekel oft er wol net hat oan stedsdowen, dy't him oanhâldend ûnderskite. Nei't se it Nasjonaal Loft- en Romtefeartmuseum witten hawwe te berikken, moetsje se dêr de waaksen bylden fan 'e Tuskegee Airmen (de earste Afro-Amerikanen dy't yn 'e Amerikaanske Striidkrêften as piloat tsjinje mochten) en in werjefte fan Able it romte-aapke. De Albert Einsteins fertelle harren dat de farao syn tombe de Piramiden fan Giza binne en de siferkoade dy't se sykje is de wearde fan py (3,14159265).
Amelia besiket Larry derfan te oertsjûgjen dat se foarinoar bedoeld binne, mar Larry wit dat sy fan waaks makke is en wer libbenleas wurde sil sadree't moarnier de sinne opkomt, al kriget er it net oer syn hert om har dat te fertellen. As Napoleon, Ivan de Ferskriklike en Al Capone en harren trewanten yn it Nasjonaal Loft- en Romtefeart Museum ferskine, freget Amelia de Tuskegee Airmen, dy't grutte bewûndering foar har hawwe, om har fijannen eefkes op te kearen. Mei de tiid dy't se op dy manear wint, witte Amelia en Larry út it gebou te ûntsnappen yn 'e Wright Flyer fan 'e bruorren Wright. Dêrmei fleane se it Nasjonaal Museum fan 'e Amerikaanske Skiednis yn en stoarte del yn it haadkertier fan Kahmunrah. Amelia wit út te piken, mar Larry wurdt op 'e nij finzen nommen. Hy ûnderhannelet mei de farao oer de frijlitting fan Jedediah; earder wol er de siferkoade net fertelle, mar Kahmunrah wol Jedediah pas frijlitte nei't er de siferkoade ferteld hat. Dy ympasse wurdt ferbrutsen as Napoleon, Ivan de Ferskriklike en Al Capone út it Nasjonaal Loft- en Romtefeart Museum weromkeare, dêr't se ien fan 'e Albert Einsteins safier krigen hawwe dat dy harren de siferkoade ferteld hat.
Kahmunrah brûkt de Tafel fan Akhmenrah en de siferkoade fan py om in poarte nei it deaderyk te iepenjen en in leger fan falkkoppige Hoaruskrigers út 'e ûnderwrâld op te roppen. Op dat stuit komt Octavius werom, dy't ûnderwilens in iikhoarntsje fongen en nuet makke hat, sadat er dat bist beride kin. Kahmunrah-en-dy witte net krekt wat se dêrmei oan moatte en fine him net bot in bedriging, mar Octavius blykt it reuseftige stânbyld fan Abraham Lincoln meibrocht te hawwen, dy't fuortendaliks in hekel opfettet foar de Hoaruskrigers, dy't er assosjearret mei dowen. Hy jeit harren sa'n skrik oan, dat se in hastige weromtocht nei it deaderyk meitsje en de poarte efter harren op 't slot dogge. Lincoln keart dêrop werom nei syn Tinkteken, mar net foar't er Larry syn ikoanyske wurden yn 't sin brocht hat: "In hûs dat tsjin himsels ferdield is, kin net steande bliuwe."